Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

11 10 13

 

Fjouwer froulju wolle gjin útwrydsk lânskipsbedjerrend hotel op Dellewal. Se wolle Dellewal sa hâlde at it no is. Dellewal. O fansels tocht ik, fjouwer froulju, dy ha it oer de wâl wer’t eartiids de dellen sieten, dêrom wolle dy froulju dat bewarje, in soarte fan hillige grûn. Nee kloat sei myn frou en lei my út dat it it stikje natoer is wer’t wy jierliks fanôf ús appertemintebalkontsje nei sjogge, at wy mei Oerol op Skylge binne. Dat is dy wâl, in hege hoeke, dy’t frij spektakulêr nei ûnderen giet, sadat je mei de fyts lâns de jeugdherberch Stayokee ynienen op de dyk binne en hoopje dat de remmen it op jo hierfyts dogge, oars lizze jo yn de Waadsee. Fandêr Dellewal, de wâl giet del. Ik kom der dan ommers alle moannen langs at ik om broadsjes nei de jachthaven fyts. En dan kom ik deun by de wâl by in hoekje gêrs wer’t twa wurge âlde hynderkes steane, ferkrommele fan al dat Dútske folk wat se jieren lang meitôge ha op it strân. Yn’e midden sit in tried, de hynders gêrs frettend oan de iene kant, op it oare eintsje sit in strânljip al sa’n tsien jier te brieden. Frijwol net in mins dy’t dat sjocht, hoewol der nochal wat grize sokken de kant fan it Waad op fytse. No ja, dan komt de seefaartskoalle en dan nei boppe hotel Skylge. Dat soe mei 70 keamers útwreide wurde en op de dan noch lege hoekjes grûn, soene dan apparteminten boud wurde kinne. Harry Westers fan Flylân dy’t it djoerdere segmint Flylân oerbringe wol nei Skylge, dy soe dat opsette wolle. Sju sei lêsten immen, Skylge is foar de arbeiders, Texel foar de middenklassers en de riken, de happy view, sjogge je op Flylân. No is Skylge ek net hielendal in goedkeap arbeiderseilân, mar in Harry Westers hotel is wer wat bûtengewoans. Harry Westers is sa’n man dy’t in grut, net mear farrend cruiseskip yn Rotterdam kocht hat fan in faillyte wenningboukorperaasje, no en at je dat kinne, dan kin der wol in hoteltsje op Skylge by. Dellewal feroverje hjit dat. Sa bot feroverje dat de hiele Dellewal ferdwynt ûnder it fertsjinjen fan jild. Alles ek noch útwrydsk, rynsk. Dus ha fjouwer Skylge froulju de Stichting Baai Dellewal oprjochte. De baai is dat stikje wetter wêr’t je op útsjogge as je op in bankje op Dellewâl sitten gean. Ik lit de broadsjes wolris kâld wurde as ik fan de fyts gean en útsjoch oer baai en waad. Mar sa’n stifting is fansels heal wurk, dat begripe froulju better as manlju. Je moat wat dwaan. Sju de polityk keart him der tsjin, want de dancing Dellewal kostet nochal wat, de gemeente, de ienige Skylger dy’t gjin jild hat, wol kompensaasje ha. Jild is natoerliker as natoer. Dus dy froulju ha betocht om dat stik Dellewal werop hotel en apparteminten komme sille, mar gau te keapjen. Mar ja, dan moat je op Skylge ta de ponge, dit is djoerder as it wachtjild foar Jurrit Visser, de PvdA boargemaster dy’t de striid opjout tsjin de liberale oanfallen. 2 miljoen soenen de froulju op it kleed bringe moatte. No skrikke se dêr net sa gau, de froulju sil sertifikaten útjaan, en sa hiel Skylge en miskien ek oaren lykas dy entosjaste Oerol besikers sa’n sertifikaat te ferkeapjen. En dan komt der hiel wat moais. De froulju skriuwe: Dellewal is emotie. Daar klopt het hart van de eilanders. Daar beleven eilanders en gasten een zeldzame schoonheid van het weidse wad, wolkenluchten, zonsopkomst en zonsonderhang. Daar wordt gezoend, gezond, gerust, genoten, geromantiekt. No ja sa sokkeballet dat wat fierder, en ik kin it earste eintsje wol wat ûnderskriuwe, mar dat gezoend en geromantiekt, dat is fansels inkel de eilandse mokkeltsjes hiel eigen, der is wol wat romte yn boskjes en paadsjes, al moat je dat ek net massaal dwaan, want dan lis je elkoar yn it paad. Mar njonken de natoerbelibbing hat it dus ek in gefoelsbetsjutting, dy’t nea fersteurd wurde mei troch inkel it belang by jild, je moat je eigen plakje hâlde kinne. Trouwens al soe’t inkel om dy strânljip wêze, dan noch is sa’n hotel tefolle.  

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s