Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

16 10 13

Seis Fryske boargemasters sille as start fan de ferkiezingskampanjes  aanst in seil fan en op it Grouster skûtsje omheech draaie. It is net de start fan de eigentlike ferkiezingskampanjes, dy hat al west, dat dienen dy  politike partijen sels wol. Dy ha fanwege dat it gemeenteriedsferkiezings  binne fansels allegear Twadde Keamerleden en ministers hjir al hinne helle. Nee, dit is in kampanje om de minsken te bewegen  op 13 novimber nei it stimlokaal te gean. Yn trije gemeenten. En dat iepenjen dogge dan de seis boargemasters dy’t dêrby belutsen binne. Ferd Crone, want yn Ljouwert wurde ek ferkiezings hâlden op 13 novimber, want dat krijt in stik Boarnsterhim derby. Fierder Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean, want dy krijt it oare part fan Boarnsterhim. No ja dan is fansels Ton Baas, de altyd mar wer  oeral oanwêzige waarnimmer der ek, ik bedoel hy is noch oant en mei 31 desimber boargemaster  fan Boarnsterhim. Gjin menuut langer. At de Wergeasters de brêge nei tolven ôfbrekke is dat foar Crone en Van der Zwan stiet noed foar de Aldeboarnsters  dy’t in ûndertrochgong dolle nei iisbaan en sportfjild.  Mar Baas moat no fansels syn ynwenners  noch oproppe om op 13 novimber te stimmen op allerhande feguren dy’t se dêr net kinne want dy komme óf út Ljouwert óf út Hearenfean. Baas moat ek tsjin de minsken út Terherne sizze jim moatte 13 novimber stimme, want jim gean nei Skarsterlân, mar om it yngewikkeld te meitsjen giet Skarsterlân yn deselde menuut om ien menuut oer tolven oer yn de Friese Meren. No ja en dat betsjut dat ek dy oare trije der binne te seiledraeien. Willem Hoornstra,  Dick Stellingwerf  en Mary  Looman-Struys. Tusken heakjes , wat soe der op 1 jannewaris, ien menuut oer tolven eins mei harren barre. No ja, da’s foar Jorritsma. Mar ik tocht oer hjoed,  dy earme frou Looman moat in skûtsjeseil omheech draeie. Wêrom moat seis boargemasters in seil omheech draeie. Ik sil jim nammentlik wat fertelle oer it omheech draeien fan in skûtsjeseil. Soks giet fia in lier. In grouwélich wurktúch mar ek tige yngewikkeld. Ik bedoel eartiids koenen de skippers it allegeare, mar no bin der sels mar in pear fan de skûtsjebemanningen dy’t de liere kinne. Ik bedoel dêr sitte oan in seilsfal, it nokkefal, de kraenline, de fok, soms de hals ek noch. En dan moat je altyd hiel fersichtich wat skoue, je kin der krekt mei twa fingers by, mar deryn moat je de krêft  krije fan de skippersfrou fan eartiids. Dat ha de measte manlike boargemasters tsjintwurdich al net. Ik hoopje dat der ien by is, dy’t der ferstân fan hat. En dan draeie. It is meast sa dat immen fan de skûtsjebemanning tweintich slaggen  draeit hat, dan jout hy it út hannen, no jim mar. Dy docht tsien en jout it oer, dan dogge noch twa man fiif, en dan komt de earste wer en dy docht it alderswierste noch even. Dy fiif man ha dan efkes tsien menuten neat te sizzen. En se kinne in skipper dy’t seit, doch efkes wer del, ik moat wat feroarje.dy wol se wol dea sjen, dan moat se wer. En dan bin der somtiden at je fan de wâl starte efterop lju dy’t al begjinne te lûken oan de seilskoat, dan is it 50 kear sa swier. Dus praat my der net fan dat dy boargemasters efkes in skûtsjeseil   omheech draeie sille. Ik tink dat se in âld lyts fokje foarop it skûtsje dogge en dat dy seis boargemasters elk in eintsje fan dy fok dogge. Of fiif. Want Hoornstra is handich, seit ik bin IFKS foarsiter dus ik kin it te goed, dan hoecht er net. Ferd Crone begjint, laat mij maar even trije slachjes, reade holle, sykhelje, kunnen we de mensen dit ook in 2018 laten doen. Dan Stellingwerf in pear wisse slaggen, mar wis net tefolle gong. Baas, twa slachjes, ben blij dat ik burgmeester af ben, Looman ien slachje, dit kan ik echt niet en dan draeit Van der Zwan it mei dat lytse earmslachje  oan dy grutte lier  nei boppe, zo doen we dat in Heerenveen.  

En dan is dat klear en dan wit ik noch net werom at de minsken yn dy gemeenten stimme moatte. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s