Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

17 10 13

Yn april binne gemeenteamtners dy’t har dwaande hâlde mei alkohol, jeugd en de drank- en horekawet nei de drankfabryk Us Heit yn Boalsert west. Noch in kear? Yn april fan dit jier wiene de amtners fan de Fryske gemeenten dy’t har dwaande hâlde mei de drank- en horecawet by de bier en whiskymakkers fan Us Heit yn Boalsert. Ik neam dy lju fierder alkoholamtners. Wat moatte alkoholamtners by in leveransier fan bier? Witte se net presies wat Us Heit foar guod op de merk bringt? Sil’k it jim fertelle? Dat is no alkohol jongens. Ik bedoel wat moasten dy amtners dêr oars. Betinke dat je miskien wol twa heitepilskes oan in 14 jierrige opfuorje kinne? Of is dat yn Dantumadiel al tefolle? It is allegear itselde as mei ljippen dy’t hietlyd oer de grins fan Grins fleane. Yn it iene stik lân mei der immen komme dy’t it aai opsiket en yn it stik dêrnjonken mei de ljip in buordsje omheech hâlde, ferbean oan myn aaien te sitten, ik bin in Grinzer ljip. Alkoholbelied yn dit lân kin gjin gemeentlike taak wêze, der kin dus eins ek net iens gemeentlike alkoholamtners wêze, want it soe folstrekt idioat wêze at der yn ferskillende gemeenten ferskillend belied wie. Mar it is wol sa. Befoarbyld, yn guon gemeenten stean foldwaande sûpketen om de jeugd har eigen gerak te jaan en yn de gemeente dêrnjonken slenterje se op strjitte om en slane út ferfeling sa no en dan ris immen tsjin de harsus. Eins is it hiele jeugdbelied gjin gemeentlike taak, mar de ryksoerheid smyt it dêr al hinne, mei in deeglike besuniging, dan witte se op foarhân dat it in mislearre saak wurdt. Yn Fryslân wis, want it kin net iens. It kin net dat al dy lytse gemeenten jeugdsoarchbelied goed dwaan sille. WMO belied goed dwaan sille. AWBZ belied goed dwaan sille. Net inkel de jeugd mar ek de bejaarden witte aanst net mear wer’t se it sykje moatte en karkje hieltyd efter de rollator nei in oare gemeente, miskien is it dêr better. Hoe sil in gemeente, ik sis mar wat, as bygelyks it Bildt aanst besjen kinne at in jeugdige opnaam wurde moat of net. Dan moat se in man ynhiere dy’t like folle kostet as it hiele amtnersapperaat no. At je no soarchbelied ha, meitsje dêr asjeblieft ien lannelik belied fan. Dan kin je der wol oer seure mar altyd op deselde wize, want it is oeral wer gelyk. Krekt as eartiids sosiale soarch dy wie yn de iene gemeente better as yn de oare en dêrom ferhûzen de sosiale soarch klanten faak. Dat wie oer, doe’t de regleminten oeral gelyk waarden. Sa moat it dus ek mei it alkoholbelied. Dus kin ik my hielendal neat foarstelle by in besite yn april fan alkoholamtners oan in bedriuw dat drank makket. No ja, it wie in aardige besite want de amtners wienen sa dronken dat it hat seis moanne duorre foar’t se oan de ferfolchbyienkomst begjinne koenen en dat is hjoed. Se komme by elkoar ûnder de titel Platform Nuchtere Fries. Dat is al in frjemde titel fansels, nofteren lju dat bin relativearjende lju. Mar dy ha in borrel naam, want oars kin je net relativeare. Mar goed, platform nuchtere fries. Deryn moatte de gemeenteamtners dy’t har dwaande hâlde mei dy akohol mei elkoar gearwurkje. Je moatte eins op elkoars fragen andert jaan, want elke gemeente hat ommers syn eigen regleminten. Neam allinne mar de slútingsoeren fan de kroegen. Je gean earst yn eigen doarp fuort en dan slút de saak sis mar twa oere. Dan gean je dêrnei nei in buurgemeente, 3 oere en miskien dan noch nei Ljouwert, der bin se noait ticht. Mar no it alderfjemdste. Dy amtners dy’t dus hieltyd op dat platfoarm sitte te praten en dy’t dy ferskate ynsichten yn alkoholbelied sjogge, dy pleitsje der foar dat alles oeral gelyk lutsen wurdt, dat kin inkel stypje. Sterker, de gemeentlike bazen wolle dat dy lju by elkoar komme en betinke hoe’t je goed gearwurkje kinne. Dus de gemeenten fine it goed dat dy amtners betinke dat alles op ien wize moat, mar se bin sels net yn steat dat te betinken, lit stean út te fieren. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s