Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

18 10 13

 

Om 1850 hinne emigrearden in soad minsken fan Fryslân nei Hollân. Dêr wie it jild te fertsjinjen, Fryslân stie stil, der wie hjir net safolle mear oan. No ja de adel wenne hjir noch, mar dy hie jild fan harsels. Mar se seagen wol dat sa linkendewei it yndividualistyske skaaimerk, sis mar de egootsjes, fan de boeren yn Fryslân ta in ein kaam. Dus noch foar de earste koöperaasjes waard de Friese Maatschappij van Landbouw oprjochte yn 1852. It wie fansels in heareboere spultsje. Lêzingen, tentoanstellings, demonstraasjes, keuringen, en dagenlange gearkomsten mei in soad jenever en tsjokke segaren, sa moat je rekkenje. De wetterskippen ha dat noch sa’n 140 jier fêsthâlden. By de Friese Maatschappij van Landbouw soe it trijekwart ieu duorje, mar doe yn 1919 feroare it. Eins begûn dat al yn 1917 mei de Earste Wrâldoarloch, doe blykte dat de oerheid sizzenskip ha woe yn de lânbou, Nederlân moast syn eigen iten regelje. Dêrfoar wie der oer en wer oerlis, eins fûn de oerheid it wol bêst dat de Friese Mij sels it lanbouûnderwiis regele, fia leraars dy’t fan de iene nei de oare buorkerij panderen. Der kaam nei 1890 hjir en dêr yn it lân ek noch wol in roomske organisaasje, dy koene, krekt as Buma no net goed oer de liberale jongens en sosialistyske famkes. Mar se kamen hjir net fierder as in ôfdielinkje Steggerda. Yn 1917 kaam der dus twang, en dus moasten de boeren in echte stânsorganisaasje ha. En yn dat proses flokte it foar de kristliken ek noch dat de Friese Mij noch altyd de keurings op snein hâlde. Hupstee, dêr wienen de de AR jongens mei de CBTB, en de Roomsen mei de ABTB. De measte boeren wiene fan beide lid. Alde Leenstra wie oant de 30-er jierren haadbestjoerslid by de Friese Mij en tagelyk foarsitter fan de CBTB. It hiele soadsje hat tsjin de twadde wraldoarloch oan en wis deryn geweldich oan it knoeien west, de doetiidse foarsitter fan de Friese Mij, Ruiter, wie ek noch in oanhinger fan de Friese Agrarische Bond en dat waard in NSB ôfdieling. om it mar efkes rûch te sizzen. Uteinlik hat de Fryske lânbou trije lege organisaasjes oan de Dútsers levere. Se begûnen nei de oarloch wer, de gouden perioade . Benammen de feekeuringen dy’t hâlden waarden giene romroft de hiele wrâld oer en tûzenden boeren en gewoane minsken sieten yn it publyk. De Friese Mij soe oprjochtsje de Friesland Bank, de Frico, de Condens, de ZPC, en it Fries Rundfeestamboek. Sinten, molke, ierpels en kij. Want wy hat altyd oer de kij, mar wit wol dat it Bintsje ek op in proeffjild fan de Friese Mij yn it Bildt ta ûntwikkeling kaam. It wiene jierren herwerts de gouden mannen fan de Friese Mij, de foarljochters, dy’t net foarljochter wiene sa’t wy dat wurd no kinne, mar se ljochten de boeren foar wat se it bêste dwaan koene mei ierpels, greide, fee en de boekhâlding. De boereorganisaasjes wiene ferneamd, kundich en se kapselen alles yn. Geart Hofstra boer fan Reduzum sette in kear de saak op skerp, it bestjoer moast oars en foardat er it wist wie hy bestjoerder en hy soe jierren in hiele goeien wêze. Inkel hy koe goed mei CBTB man Pe Miedema en úteinlik skoden de organisaasjes yn elkoar. En like fansels is der neat fan oerbleaun, we ha no noch in noardelike LTO, meast is in rike ierappelboer út Grins de foarsitter, en de boerten gean nei it Hbû. Yn Fryslân bleau oer 52 meter archyf weryn alles fan de Friese Mij stiet. En dat spul wurdt hjoed frij jûn. Dus ik tink hup, nei Tresoar en nochris neisjen hoe’t Jan Wuite dy reorganisaasje yn 1919 regele, of wa’t wol of net doogde yn 40/45. Mar nee hear. Der sit al ien, en dy is al klear. Sjoerd de Haan. No ja klear noch net. Hy hat dy 52 meter rubriseard, sadat wy alles maklik fine kinne, in bealch fol wurk. Hjoed wurdt dat dus presinteard op it ienige goede plak, it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld. Allinne dy iene rede fannemiddei he, hat as titel The farmer feeds ús al. Moat sok ingelsk gedoch no by 161 jier skiednis fan Fryske lânbou? 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s