Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

21 10 13

Fannemiddei om ien oere hinne ropt âlde Reid fan Warkum ynienen: … en nou jongens, rot op!!! Dan fljogge in tsiental skippers fanút kafee Séburch nei harren skûtsjes yn it Soal, wêr’t har bemanningsleden al klear steane, want it is in LeMann start. Op de dyk stean al hûnderten minsken klear om oan lange lânfêsten de skûtsjes nei bûten te slepen, want is fansels wer súdwestewyn, en de skippers fan no bin net mear yn steat it Soal op te lavearjen. Dan soenen je sizze, set dan de moter oan, mar dat mei net yn de Strontrace. Fjûrtoerwachter Reid, Reid de Jong mar hy hat grouwélige it wier oan efternammen, hat it yndertiid betocht. Hy woe en wol noch oantsjutte dat de Súdersee yndertiid in bêste hindernis wie, sels noch wol as Iselmar is, foar dy skippers dy’t doe net it benul hiene dat der letter moters komme soenen. En dochs moast de kowestront nei it Griene hert fan Nederlân, wêrom soe dat oars sa grien wurden wêze. Fryske kowestront. It barren is 40 jier lang stean bleaun, mar it hat wolris dreech west, dan dienen der mar sa’n fiif , seis skûtsjes mei. Tsjintwurdich wurdt it wer mear in útdaging, al hat it minder mei silen as wol mei handich farren, gau mêst strike en wer opsette kinne en benammen dreech lûken te krijen om dy hjoeddeiske 100 kilo ferpakte stront yn Warmond te bringen en dan werom te kommen. De skippers fan eartiids foar in nije fracht stront, de minsken fan no falle yn sliep want dat komt der fan no oant en mei woansdei net fan. Moarn is it moai súdeaste wyn en krijt it silen dus wat mear omtinken, ik tink dat hjoed alles oer Lelystêd giet en moarn oer Amsterdam werom lekker foar it lapke nei Warkum. It evenemint is benammen bestean bleaun omt Reid, mar benammen de oare lju dy’t sa linkendwei yn de organisaasje kaam binne, allerhande oare saken betocht ha. Want krekt foardat dat de skûtsjes fannemiddei fuortlutsen wurdt, sylt in hiele float, it bin sa’n 35,  fan aken, jollen, grundels, bollen en  blazers fan de wâl, en dy fiskje in hiele wike, sûnder in drup moteroalje. No ja, se besykje dat. Op de âlde wize, gjin moter, net slepe, fûken en want sette. De belangstelling dêrfoar is wol fertweintichfâldige, yn it begjin gienen der sa’n trije, fjouwer jollen en aakjes fan de wâl. En wat in wûnder, der wurdt sa no en dan ek noch fisk fong. Dy wurdt dan dizze wike twa kear troch Doede Bleeker as in soarte fan ôfslach ferkocht yn Warkum, wat de hiele wike ek mei musyk en útstallings en sa ûnder  fiergeande belangstelling bliuwt. Juster wie’t dêr smoardrok mei skippen sjen, kreamkes, huldiging Reid en Liereliet, want wat skippers eartiids goed koene wie sjonge, dat ferholp de iensumens. En dan  is der ek noch de beurtfaart Warkum-Amsterdam by kaam foar de grutte klippers, mar dat kin net wat histoarysk wêze. Je waarden dêr plysje of skoalmaster, je giene net in  pear dagen nei de Bijekorf. Yn dy fjirtich jier is it publyk op de dyk sa’t dat der hjoed stiet en rint al wat feroare. Fjirtich jier lyn stiene de skûtsjeskippers fan de SKS en harren  bemanningen. Se wiisden  mei dy iene finger nei de foarholle, dy mannen bin idioat. En der waard ek smeulsk praat oer de lânfêsten, de lieren en de bomen, want neffens harren waarden dy net op de goede skipperswize brûkt.  Dy skûtsjeskippers bin der noch wol, mar dy stean yn de grutte mannichte en se seure net mear, omt se dochs wol wat bewûndering krigen ha foar de dielnimmers, dy’t yn dy 40 jier ek wol de freeslikste buien hân ha. En se ha krekt as elk bewûndering foar it evenemint en de belangstelling dêrfoar. En de wize werop de stêd Warkum omgiet mei it yndertiid wat stille evenemint fan Reid, dy’t it op de hiel âlde wize woe, gjin drokte, gewoan dwaan, dat smyt fansels wol in hiel soad op, benammen dy belangstelling. En dan fine se elk jier ek wer wat nijs út. Hjoed ek? Ja hjoed ek. It startskot fan de STRONTrace wurdt aanst dien troch deputearre Sietske POEPjes.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s