Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

22 10 13

 

Ljouwert is sa linkendewei in tige bysûndere stêd wurden. We ha sels al mei ús allen as Friezen orgastysk dûnse doe’t bekind waard dat Ljouwert de kulturele en dus ek kommersiële haadstêd fan Europa wurde sil. En lit ús net út it each ferlieze dat oant 2018 Ljouwert noch 733 kear ien of de oare aparte titel krije sil, dat se earne it bêste yn binne. Sa waard der ferline jier ek al raast, doe’t bliken die dat Serious Request hjir komt. Fan 18 oant 24 desimber is it Wilhelminaplein absoluut gjin saai lân mear, mar dan stiet der in glêzen tinte. Dêr sitte seis dagen trije diskjockeys fan radio 3 yn, en dus strúnt der in knoarre folk om hinne. Dy jonges draeie plaatsjes, mar sammelje ek jild yn foar in goed doel. Sûnt 2004 dogge se dat, elk jier yn in oar plak. Like fansels wurdt it einbedrach elk jier wer wat heger. Dat moat fansels yn Ljouwert ek barre en tagelyk moat fansels allegear minsken nei Ljouwert komme om nei dy trije manlju yn in glêzen tinte te sjen en de patattinten leech te fretten. Mar wit jim wat no sa …..no lit ik it mar frjemd neame, is, dat we al moannen hjir yn Fryslân oan’e gong binne om aksjes te dwaan foar dat Serious Request. We dogge de meast dwaze dingen. We wolle bêst in eintsje fytse of rinne mar dan moat in oar wol betelje foar Serious Request. Fannewike ha se op de skoallen hjerstfakânsje, mar wol allegear Serious aksjes foar request, dan ha de bern yn de krystfakânsje ek wat te dwaan no, jild jaan. Mar werom rekt Fryslân him no dizkear sa út foar serious request? Bin se benaud dat der te min sinten komme of sa? Of is it in soarte fan skuldgefoel, wy moat eins ek wat dwaan. It is dochs de bedoeling dat minsken út de hiele wrâld nei Ljouwert ta komme want de serious request fan Ljouwert is folk, nij folk. No, en de bern fan Bogerman ha wolris yn Ljouwert west en kin op tiid foar iten wer nei hûs. Mar dit dogge we dochs oare jierren net sa massaal, sels net at sa’n glêzen request tinte yn Grins stiet. Ha we dán gjin goede dieden oer foar wat foar ellinde op de wrâld. It kin fansels wêze dat it spesifieke oandachts punt fan Serious Request spesiaal de Fryske oandacht hat, dat kin. Wêr giet it dizkear om, ….om bern dy’t diarree ha. Ja dat moat it wêze, diarree is fansels hiel ferfelend, seker foar bern yn de wyldernissen fan Afrika of sa. En wy Frtiezen witte it alderbêst wat diarree is, want wy frette potstro. No ja, jim begripe it, ik begryp dus neat fan dy Fryske manifestaasje. Mar ik wit it fansels wol. Sju, jongeren wolle ek wolris foar de radio en Jacob noeget se net út. Dus at je genôch jild jouwe. dan kom je der foar by 3FM, en wurd je efkes te kakken set troch ien fan dy diskjockeys, en dan kin je de krystdagen der oer fertelle. Sa gesellich. No toe dan mar, we litte it oer us hinne komme. Ik kin no al betinke dat Omrop Fryslân, wy wolle ek jeugdige harkerkes ha, hiele parten fan dy dagen 3FM útstjoere sil, want der bart oars dochs neat yn de provinsje, en dan ha wy ek wat tiid foar krystborrels en sa. Hoewol, hoewol, immen hat de fraach al steld. Ein desimber, hoe sit dat, stel der komt in alvestêddetocht. En dan moat Wiebe Wieling net sizze, ach it friest de lêste jierren hieltyd pas yn jannewaris, mar ik wit net, ik wit net. We ha optheden wol hiel faak oastewyn, dat…. en boppedat, wit jim dochs noch wol, op 16 desimber 1933 is der ek in alvestêddetocht riden. Abe de Vries en Sipke Castelein ha’m tegearre wûn. Begjin desimber rûgele de froast der al yn. O jee stel je foar dat de alvesteddetocht komt at Serious Request der is? Ach dan set we dochs dat glêzen tintsje op de Swettehaven. Dan krij we noch wol safolle jild.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s