Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

23 10 13

 

Jim ha miskien net krekt as ik de measte kroegen yn Fryslân wol in kear fan binnen sjoen, mar jim kinne miskien dochs wol kafee it Houtsje yn Hearrenfean. Want dat is o sa gesellich, en dêr hingje ek noch allerhande reedridersfoto’s, jusjes mear as yn oare kroegen. It is nammentlik altyd it mulpunt yn de wykeinen dat Thialf bol stiet fan it nasjonale of ynternasjonale reedriden. En dat smyt noch wol wat op. It ferhaal giet dan ek yn Hearrenfean, dat eigner en âld reedrider Tom Mulder, fia Sven Kramer de KNSB foarsitter Doekle Terpstra nei hûs sketten hat. Dêr bin we net wis fan, mar ik ha wol lulke mailtsjes fan him sjoen rjochting Utert. Mar kommend wykein binne de nasjonale ôfstânskampioenskippen op Thialf, no dan komme se wol efkes del. Al dy supporters, der moat fansels neipraat wurde. Mar Tom kin de boel jûn dêrfoar noch net klearsette want dan komt Jeroen Dijsselbloem by him. Dijsselbloem yn ’t Houtsje. Wat moat de lannelike minister fan finansiën dy’t ek Europa yn de eurostringen hat, ja, dy’t it hiele yn de nederklits sittende lân oerein holpen hat troch in kear freonlik te wêzen tsjin de SGP, wat moat dy Jeroen Dijsselbloem yn Fryslân. Ja ja hy hat lânbou-ekonomy yn Wageningen studearre. Dan soe it logysk wêze dat je by de Condens telânne komme. Mar ja, hy hat in tiidsje op it ministearje fan lânbou sitten en dêr leard dat je dêr gjin karriere mei meitsje kinne, en fia de illegale allochtonen kaam er yn de PvdA fraksje, sei tsjin Samsom, do mar fraksjefoarsitter en dan goed nei my harkje en waard minister en Europeeske jildgod. Dijsselbloem hat inkel fan kollega Plasterk heard dat Fryslân bestiet, mar miskien ek daliks wol wer opdûkt wurde sil yn Grins. Dus miskien moat we no wol freegje wat moat Jeroen Dijsselbloem yn Hearrenfean. Ja, Hearrenfean hat ferlet fan sinten. It is besoademitere troch de provinsje yndertiid, en no ha se tefolle grûn en temin jild. Oannimmers gean dan faillyt, gemeentes komme inkel ûnder kuratele. Mar dat is ek net sa aardich, want dan duorret alles seis kear sa lang. Dus is Hearrenfean dwaande om der ûnder út te kommen. Se bin oan it besunigjen, it sparjen en ha dus miskien Dijsselbloem útnoege om wat te regeljen of sa. Mar op de foarljochting fan it gemeentehûs witte se fan neat. Goed lêze, ja, nee Dijsselbloem is útnoege by de PvdA. Ja wis, der bin ommers ferkiezings. Op 13 novimber. Mar is Dijsselbloem dan nei Europa, en Nederlân ek kandidaat yn Hearrenfean? Neuh. Wêrom is Dijsselbloem hjir dan foar de ferkiezingen fan 13 novimber? Tsja, dat komt omt de PvdA gjin betrouen hat yn it goed oerkommen fan har eigen oanfierders. Dat se benaud binne dat dy eigen oanfierders net iens goed útlizze kinne dat de PvdA eins gjin skuld hat oan de finansiële posysje fan Hearrenfean en it dwerse gedrach fan de KNSB oer Thialf. Mar dat kin Dijsselbloem ek net. Dy sil jûn fragen beanderje fan de minsken yn de Houtsjeseal. En at him frege wurdt te fertellen hoe’t ús lân der op 13 novimber útsjen sil, fertelt hy dat. Het komt wel goed mevrouw. Mar at him frege wurdt hoe’t it mei Thialf komt, dan moat er sizze, dat laat ik gaarne over aan mevrouw Van der Laan, de lijsttrekker van de PvdA Heerenveen. No en dan is al hiel slim dat yn de oanmoedingsfolder om nei it Houtsje te komen stiet dat mevrouw Van der Laan het hemd van het lijf gevraagd mag worden. Oeh, Coby sûnder himd, no dan sit it hiele Houtsje jûn fol. Dan komt Dijsselbloem net iens oan it wurd. En dat soe mar it bêste wêze ek. Begryp my goed, ik ha neat tsjin Dijsselblommen, tsjin Asschers. Aardige jonges, net fuortendaliks oerémus fan de Tillegraaf en de Pow news jongens. Mar at it om Hearrenfean giet, moat sy net útlizze hoe’t Europa syn jild hieltyd mear kwyt rekket. We moat it ha oer eeh , eeh , ja de finansiële posysje fan Hearrenfean, Thialf , besunigings en eeeh …… ja dat wit ik ek net. Ach, dan sit we jûn gesellich efkes yn it Houtsje by Tom ju.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s