Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

25 10 13

 

Hè hè. Lang om let. Einlings. Uteinlik. Te’n lêsten. Hè hè. Dêr is hy dan. De konferinsje. Watte, net samar in konferinsje. Neeeeeuh. Dé konferinsje. Dé konferinsje oer “Wat moatte wy mei dat Frysk yn 2020”. Wylst gewoane konferinsjes altyd in hiele ienfâldige koart út te sprekken titel ha, is dizze konferinsje sa bûtengewoan dat at se prate oer dat Frysk, wat moatte wy mei dát Frysk yn 2020, dat dan dat dát tusken skrapkes stiet. Poeh. Mar wát moai dat dy konferinsje der no einlings is. Organisator de Afûk. De algemiene fryske ûnderrjocht kommisje. Spitich is dat de subtitel it ynienen wer wat skraler makket. It giet nammentlik oer de takomst fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis. Wylst we eins, at it goed soe in konferinsje ha moasten oer de algehiele takomst fan it Frysk, oeral, yn de hiele wrâld. Mar ja, at je dan wer witte dat ûnderwiis de basis fan alles is en dat wy alles wat we leard ha yn dat ûnderwiis brûke yn ús fierdere libben, dan moat it eins dochs goed wêze om hjir ris in konferinsje oer te hâlden. Want tink derom jonges en famkes, dêr komme noch wat lju op ôf hear, poeh. It is hjerstfakânsje mar dy ha se allegear in dei ynkoarte, dosinten en gewoane masters en juffers, bestjoerders, gemeente, politisi, o se bedoele amtners en politisi en ûnderwiisfernijers. Jim moatte efkes goed witte hoe’t it allegear giet, mar eins hienen jim al ûnderweis wêze moaten, want de ynrin yn WTC Expo is daliks om healwe njoggenen al. En om 9 oere, de dauwe leit noch oer de fjilden, hjit Koen Eekma, de direkteur fan de Afûk jim al wolkom. Mar sjoen it wichtige karakter fan dit barren is it iepeningswurd hiel koart, want we moatte dochs alles fan dy takomst witte. Om tsien oer njoggenen sil Sake Saakstra, ea in ferneamd keatser en dus populêr, fertelle oer de ûntwikkelings op it mêd fan krimp, skaalfergrutting en de brede skoalle en oer hoe’t dy dize kânsen biedt foar it Frysk. Ja Sake is optheden oan it wurk yn de Stellingwerven, mar dêrom wit hy noch wol hoe’t dy kânsen lizze. Hoopje ik dochs. No ja, 25 menuten letter stiet Marco Snoek der al. Kin jim Marco Snoek net. Te deale, no ja dan wit jim ek net hoe heech at je dizze konferinsje beskôgje moatte. Mar Marco Snoek is lektor. Ja, ús Fryske Alex Riemersma is ek lektor, mar dizze is lektor leren én innoveren oan it kennissintrum ûnderwiis en opfieding fan de hege skoalle fan Amsetrdam. In lektor fan de Amsterdamske hege skoalle oer de takomst fan it Frysk. No en at je soks dan witte allegear, Eekma, Saakstra en Snoek, dan gean je by elkoar sitten yn tafelgroepkes. Eeeh ja, dat bin dus groepkes dy’ t elk in taffeltsje ha, en dan praat je dêroan sittend fjirtich menuten lang oer de fraach wat moatte wy mei dat tusken skrapkes Frysk yn 2020. Dan wurde dêrnei de útkomsten besprutsen, mar letter sil blike, dat hie net hoecht. Want de Afûk hat op foarhân al twa minsken mei de oplossing klear stean, dy witte al wat de útkomsten binne fan de tafelgroepkes. Jannet Visser fan dy St. Jobsskoalle yn Snits sil sizze dat de laptop de Frysktalige takomst is. Mar Wim de Boer wurket by de Afûk en dy seit dat inkel de Afûk de oplossing wêze kin. Want de Afûk bestiet ommers 85 jier en wol ek yn de takomst it Frysk ticht by de minsken bringe. Sizze se. Mar, leave Afûk it is efkes oars. Sjoch, at jim aanst op jim konferinsje komme, dan krije je ek in stikje sûkerbôlle en om tolve oere kin je de iepening fan de Heit en Mem beurs yn it WTC meimeitsje en de beurs besjen. En dan rin je dêr as wat âldere minsken om en dan sis je tsjin elkoar dit is better, fannemoarn gie’t inkel mar oer hoe’t de bern har gedrage moatte. We ha hjir yn Fryslân nammentlik no eindelik ris in echte goede konferinsje oer it Frysk yn al syn folsleinens nedich. Foar in takomst weryn net al dy ferskillende Fryske organisaasjes harren eigen ûnbegeanbere paad sykje. 

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Pingback: Dat tusken skrapkes Frysk | ensafh

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s