Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

30 10 13

 

Dizze hiele wike al moasten de bern wer nei skoalle en dus ha se gau allegear saken betinke litten troch âlden en masters om wat oare dingen te dwaan, je kin nei de hjerstfakânsje net samar wer fol oan de gong. Se fûnen in willich ear by de polityk yn seis gemeenten. Dy ha 13 novimber ferkiezings en der komt toch al net in harsus te stimmen, mar miskien at je de bern wat opruie op skoalle, stimme se miskien ek noch wol. Ea. De bêrn ha yn Ljouwerteradiel hjoed in speurtocht op it gemeentehûs yn Stiens. Foar bêrn fan 6 oant 12 jier. Dy meie noch net stimme, nee, mar je kin der net betiid genôch mei begjinne, sa hat de wolwêzensstifting Middelsee betocht. In speurtocht yn it gemeentehûs. Wêr soene je trouwens nei speure moatte op in gemeentehûs? No ik soe wol sykje wolle nei in pear stiekeme stikken yn it gemeentehûs fan Stiens, bygelyks oer hoe’t se yn 1965 it gemeentehûs fan it nei Ljouwert ferhûzjende Huzum doe dochs nei Stiens krigen ha. Of wie Ljouwert doe noch net sa geil op grûn. Mar ik bin bang dat de bêrn fan 6 oant 12 dêr net nei sykje sille. Boppedat leit it archyf fan Ljouwerteradiel yn Ljouwert yn it HCL. Mar de bern meie wol op de foto mei it ambtsket fan de boargemaster. Eeeh, o ja Joop Boertjes, dy Grinzer. Op de foto mei it ambtsket fan Joop Boertjes. Ik wit net at in soad bêrn dy foto bewarje sille. Yn de Friese Meren ha de politisi in pear dagen útlutsen om nei de middelbere skoallen ta. Hjoed krije we skoaldebatten. Mei de learlingen en mei de Frânsen Veltman en Westra en al dy oaren prate oer: zonder bier geen plezier, de politiek weet wat er leeft onder de jeugd en jongeren moeten meer in contact komen met de politiek. Tsja, ik wit net at de bêrn dêroer in bek iepen dogge. Moarn is der sels in listlûkersdebat op it Zuyderzeecollege yn Lemmer. Mei as ien fan de ûnderwerpen: it perspektyf foar jongeren in de Friese Meren. Jaja, trije gemeenten wêr’t noch al wat bedriuwen om in luchje gien binne de lêste jierren en dan gewoan prate oer perspektyf, ik wit net. Dy jeugd giet aanst fuort. Dy hat dêr neat mear te sykjen, mei dy fage beloftes. O ja, dan sil se it ek noch ha oer belutsenens fan gemeente en polityk mei de jeugd. No dan ried ik dy jeugd efkes oan en gean jûn nei ien fan de lêste riedsgearkomsten fan Lemsterlân. De jeugd sil dêr sjen nei politisi dy’t har dêr ûnder oaren drok meitsje oer in nije brânwarkazerne oan de Albert Koopmansstrjitte. De hjoedeiske oan de Pampusstrjitte is te lyts. Utwreiding soe tefolle kostje. Albert Koopmansstrjitte leit moai sintraal. Prachtich. Nee net prachtich, yngewikkeld ferhaal. It kostet in miljoen, mar Lemsterlân bestiet noch mar twa moanne. Dan moat dat ding oerdroegen wurde oan de nije gemeente Friese Meren en dy jout him foar boekwearde daliks wer oer oan de feiligheidsregio Fryslân. Want dy ha in bredere auto en dêrom moat der ferhûze wurde. No soe’k witte wolle wat dan dy boekwearde is. Sterker, hokker idioat hat dit betocht. Krekt fan tefoaren al dat wurk dwaan, jild útjaan, beslisings nimme en dan nimt in oar it oer. Mar de politisi sille de jongeren, want oaren komme jûn net, fertelle dat it o sa wichtich is, dat it in goed plan fûn wurdt, mar dat it miskien in bytsje minder kostje moat. Acht partijen eamelje dêrop om. Mei yn de efterholle dat sa’n brânwarkazerne betsjutting hat yn de ferkiezings of sa. Earme jongeren. Dy’t dan ek noch fan alles oanheare moatte oer,….. no moai hoe’t dat punt beneamd wurdt: kennis nemen van de verschillende ontwikkelingsstrategiën voor het voormalig gemeentekantoor in Lemmer, dêr sit se ferdoary jûn gear te kommen, niks voormalig, en dan dêrnei akkoard te gean mei de voorgestelde ontwikkelingsstrategiën. En mei meerdere haalbaarheidsonderzoeken als een haalbaarheidsonderzoek naar de onwikkelingsstrategiën niet mogelijk is. Jankend rint de jeugd fuort, komme moarn echt net op it Zuyderzeecollege en ûntrolje in spandoek op 13 novimber by de stimhokjes: zonder gemeenteraad geen overbodig gepraat. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s