Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

31 10 13

 

Je sitte at je âlder wurde wat mear yn de skiednis om te dollen en sa kaam de dream ek by my. Ynienen stie’k foar de Rodenburg Stins, dat machtige hechte bouwurk yn de Snitser binnenstêd, sa tusken de Oosterdyk en de Suupmarkt yn. It is sawat de ein fan de 14de ieu. De measte lju dy’t hjir omheukerje bin sloebers, mar der tuskentroch in feardich stappende jonge man. Agge van Harinxma. Hy is troud mei His van Bockema, de dochter fan de besitter fan Rodenburg Stins. Hy wennet yn by de Bockema’s, mar eins is ‘m dat te min. De Harinxma’s bin ommers Schepen fan Snits. Sterker, se ha Sleat, Drylts en der tuskenyn dus ek Heech en Wâldsein yn de macht. En at der in potsje knokt wurde moat, dan roppe se de Bakhústers en Sebrandebuorsters ek noch op en dan is der in foech leger. Mar at ik dêr stean dan sjocht Agge der wat nukkich út. Je kin noch safolle jild en macht ha, by skoanheit ynwenje dat is mar neat. En hy giet op syk. En fynt oan de noardkant fan Snits, krekt oer de rûnwei hinne rjochting Skearnegoutum in moai plakje. Dêr komt syn Harinxma State. En dan komt de dynasty Harinxma ta folle bloei. Der ferhuzje ek in pear fan nei Sleat en dy neame har dan ek Harinxma thoe Slooten. En dy wurde op den duer sels kommissaris fan de kening en keninginne, no hegere funksjes bin der yn de wrâld net. Dan wurde der ek noch kanalen en brêgen yn Ljouwert nei je neamd. De Harinxma’s sûnder Slooten hâlden noch lang ta yn Snits, mar op de ien of oare tsjustere wize is Harinxma State hielendal ferdwûn. It foldie nammentlik net hielendal mear oan de hjoedeiske easken, der koenen bygelyks gjin sinneskerms op it dak pleatst wurde. En doe ha se de rommel mar ôfbrutsen. En in brêge en kade yn Snits nei Agge neamt. Mar, en ik tink dat ik dêrom in nachtmerje hie, no ha se ek dat lân wer’t Harinxma State stie Harinxmaland neamd. En dêr wolle se hûzen boue. Sterker, se ha al in protsje boud. Steile sombere tsjustere eastdútske 60-er jierren hûskes, mar der giet wol in sleat om hinne dus je wenje oan it wetter Dat moat yn Snits, sa wiene de feroardeningen fan schepen Agge. Mar moai is oars. Dat fyn ik net allinne, elkenien dy’t ik der lâns brocht seit itselde. Mar lokkich, no freegje se elkenien jûn nei de Walrus te kommen om op’e nij te dreamen. Op 160 bunder lân soene dêr noch 1300 wenten komme moatte. Earst 340 wenten, dy bin der dan yn 2020. Dat giet moai kalm oan. En dy oare 1000, ja dy dream ferfljocht in bytsje. Se neame dat yn Snits noch: de wereld verandert zo snel, dat het niet meer reëel is om lange termijnplannen in beton te gieten. Ja, dat is prietpraat, sa fan we ha dy grûn wol oankocht fan Agge van Harinxma, mar we dogge net daliks alles, want zo is bijvoorbeeld de vraag naar nieuwe woningen plotseling sterk afgenomen. Plotseling? Dat is no al 8 jier oan de gong, mar goed yn Snits ha se dat no ek troch. En no boue se dus net safolle wenten by net safolle lillike wenten en no sizze se mei dy oankochte grûn kin we moai wat dwaan. Mar trije boeren ha al sein, dy grûn fan Agge hoege we net, dy hat safolle boeren yn in oarloch dea meitsje litten, we bemoeie ús der net mei. En dus mei de Snitsers frijút dreame jûn. Oer farre lâns krûderyk gêrslân fol greidefûgels. Of moat der in winkel komme. Of wol jim klimaatneutraal wenje, en komme der sinnepanelen. Of moat we der in stikje flaaks of maislân fan meitsje foar wurkleaze lju. Soksoarte kreten stean allegear op papier mar dan folle yngewikkelder op papier, ik ha’t fertaald. En dan is der ien of oare duorseme stifting dy’t it begeliedt. Wylst je eins gewoan sizze moatte as gemeente: minsken we ha’t yndertiid ferkeard sjoen. We bin wreed út ús dream weiskuord troch in sike hûzemerk, sil we mei syn allen wat moais betinke. Want dreame dat wurdt noait wat.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s