Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 11 13

Alle moarnen praat ik efkes mei jim. No ja, ik praat en ik hear net wat jim sizze, mar dat hoecht ek net, want dan sit ik efkes te iten. It grutte foardiel fan dat je moarns sa betiid foar de radio moatte is dat je iten krije. Je ha’t rêstich oan tiid om it klear te meitsjen, it krantsje der wat by, wylst wat ite, der is nimmen dy’t je oan de holle seurt. Moai. Bêrn ha dat net. Bêrn ha’t noait oan tiid en krije dus gjin iten. Mar dêr sil dizze wike feroaring yn komme, al duorret it meast net langer as ien dei. Mar dy iene dei is der fannewike op wol 2000 skoallen yn Nederlân, het schoolontbijt, sterker, het nasjonale schoolontbijt. Ja ik sis dat yn it hollânsk, want skoalmoarnsbrochje is net in wurd en oars moat je it omskriuwe. It moarns op skoalle mei syn allen ite. Nee, dus it is schoolontbijt. Ek wol maklik dat je it sa neame want op de measte plakken komt de boargemaster noch efkes meiiten en de measten dêrfan prate gjin frysk. Werom at dy boargemasters meifrette moatte, dat is net helendal dudlik. It lykje my fan dy lju dy’t moarns rêstich in bakje yoghurt opslobberje mei in glêske sinasappelsop. Hoewol âld boargemaster Peter de Jonge fan Hearrenfean fertelde my dat er gjin drup sinasappelsop yn hûs hie, want dat moet ik altijd drinken op al dy recepties, dan hoef ik dat thuis echt niet meer. Miskien dus wol in bakje tee dus. Of in optimel. Mar it is allegear  o sa aardich, nasjonaal schoolontbijt, de bêrn ite, de boargemasters tinke altyd dat se prate moatte, en dan freegje se hieltyd wat en dan kin de bêrn net mear ite want dy ha fan master leard dat je net mei folle mûle prate meie. Mar wol gesellich hear. De masters en juffers litte  de bêrn it spul op tafel sette, dit moet daar staan jantsje en je hebt de suiker vergeten kobus. En dan ite. It is ek net sa dat de âlders frege is om it iten op tafel te setten. Nee, dy ha de bêrn der krekt oan wend dat se tús earst ite en dan is der ynienen iten op skoalle. Wat foar iten, mem? Ja dat wit ik net. Fêst lekker. No dat betwifelje ik. Brune of sels folkoarenbôlle. Derop halvarine. Sinasappelsop, mar da’s inkel foar dy boargemasters. Fierder tsiis, appelsjerp en Fair trade sjem. De grize giet my oer de grouwe, lit stean fan de bêrn. Ja dan kin se wol sizze dat bêrn better konsintreard binne at se moarns wat behoarliks te iten krije, no jou se dan ek wat behoarliks. Wat is yn fredesnamme Fair Trade Sjem. Echt de rillings gean my oer de rêch. Lokkich sit der yn it tastjoerde pakket fan dy sponsors dy’t dus sjem en appelstroop ferkeapje, ek hiele aardige placemets en der is, gooh wat moai, ek noch in ontbijtkrante. Allinne dy stiet al op ynternet, dus dy ha dy bêrn al lêzen. En dêr stiet yn dat se tenei sûn libje moatte. Dat  je dan langer libje, dan hat de oerheid noch mear soargen oer pensioenen. Ja, ja rêstich, ik wit wol dat de measte bern te dik binne en dat dêr wat oan dien wurde moat. Mar dat sit dochs allegear yn it bylevere lesmateriaal. Foar de lytskes it foarlêsboek het ontbijt van Thijs. Foar de krekt wat grutteren de ynteraktieve film Ontbijt Broodnodig en foar de noch grutteren materiaal fan Bake for live, dy tredde wereld bakkers dy’t inkel dat sûne guod meitsje en dus net in lover ferkeapje, en fan de maag lever darm stichting. It is leau‘k wol de bedoeling dat de memmen de bêrn jild mei jouwe foar dat ontbijt, mar dat krijt War child dan. Of sa. Het nationale schoolontbijt. Toe mar. At it mar net sa is, dat at dy bern nei in rillingjaand moarnsiten en geweldich lesmateriaal dan wer tús komme en mem seit, no jim sieten sa lekker te iten op skoalle, dat ik koe moai efkes dêr en dêr hinne, mar no bin‘k wat te let werom kaam, dat it wurdt neat mei it jûnsiten. Sil we dan  mar efkes in de frikandeltsje op’e hoeke helje? 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s