Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 11 13

Sander de Rouwe fan Boalsert is Twadde Keamerlid fan it CDA. Dat is no daliks net myn partij, mar Sander is in bêsten, in pûrbêsten. Sander hat nammentlik ferkear yn syn portefeuille. Op himsels wurdt je dêr net in bêsten fan, mar Sander hâldt him net stil. Hy wol no dat dy lju dy’t in soad boetes yn it ferkear krije, dûbeld  straft wurde, oant en mei it ynnimmen fan it riidbewiis. Feelplegers. Fan dy jongens dy’t altyd fierstente hurd ride en elkenien ek noch op de bumperkont sitte. Dy jongens wer’t wy eins wol in masjinegewear foar ha wolle, dy moatte neffens Sander dan mar fan de dyk ôf. No ja, ek goed. It sil him net slagje, mar goed. Eins is it ek wol klear mei Sander yn de Twadde Keamer, ik ha grutte plannen foar him. Sander moat nei Ljouwert komme en plysje wurde. Want Keamerleden dy’t dêrnei plysje wurde meie ek de politisi oanpakke. Dêrom moat hy dus nei Ljouwert. At er komt dan gean we tegeare efkes nei it Drachtsterplein, tusken fjouwer en seis oere. At it reint Sander nim ik wol in paraplu mei, want we moat rinne, mei de auto kin absoluut net. En Sander. sjoch dan nei al dy hufters dy’t hieltyd de rjochterkant hâlde, dy’t noch wol aardich trochskood, en dan op it alderlêst nei links der gewoan tuskenbatse mei hun leaseauto’s, want se wolle dochs de bocht om. Dy lju dy’t al by de Marwei yn de file steane en in healoere letter by dat Drachtsterplein oankomme, wurde op it lêst noch wer efter út drukt. Ja, Sander ik wit wol wat ritsen is, dat kin at je allegear ride. Mar krekt as fan Snits nei de Jouwer foar de rotonde, dat hufterige gekring yn de lêste meters, ik wurd der razend fan, al dy sjauffeurs ha echt wol sjoen dat dy oaren der al in heal oere stean. En lit dy, Sander, ek net yn de betizing bringe troch dy jonges fan  de VVD yn’e Twadde Keamer, dy’t wolle dat je op de grutte diken ek  noch rjochts ynhelje meie. Dêrmei joue sy dyn feelplegers alhiel de frije hân. Ik moat der net oan  tinke dat soks ek noch barre kinne soe. Dus ja, rop dat dan earst mar wer efkes yn de Keamer en dan wer werom nei it Drachtsterplein. Feelplegers Sander, sjitte. Ek dy twa minsken dy’t de ferkearsljochten ynsteld ha, en yn de Zuidlanden wenje, moat oppakt wurde Sander. At der ien auto fan de Zuidlanden komt, springt it ljocht al op grien, twahûndert oaren op de Drachtsterwei moat wachtsje. En jûns op it Drachtsterplein stean op de rûnwei fan it sintrum en dy fan foar it MCL lâns sa´n 20 auto´s. Op de dyk fan de Marwei ûngefear 200. It bart wolris dat de ljochten fan de oaren trije kear op grien geane, dan bliuwt dat fan de Marweikant op read stean. Gemeen, Sander. Hé, sil ik dy moarns ek efkes ophelje út Boalsert as ik nei Ljouwert riidt. Mar dan gean we oer Snits. En dan sjen, al fier foar Wirdum stiet de hiele swik op de A32 yn de file. Soks is net te ferklearjen, der is in stopljocht úthelle en dochs folle mear file as doe´t dat stopljocht er wie, it stiet somtiden oan Grou ta. Mar wat bart der dan, sa lit ik Sander sjen, de automobilisten dy’t yn de rige stean  skoue ynienen allegear yn de rjochting fan Wirdum, dêr is no in hiele moaie ôfslach. Wer ride se dan hinne? Troch Wirdum, Sander, allegear troch Wirdum. Tsjin healwe njoggenen deun foar de skoalle lâns. Dy ôfslaggen bin dochs inkel makke foar at der immen nei Duhoux yn Wirdum moat of miskien wol nei omke yn Wytgaard, net foar alle ferkear wat nei Ljouwert giet. En begryp my goed Sander ik ha´t net oer dy heak wurken, dêr wurdt hiel hurd wurke en se dogge har bêst om it sa hurd mooglik te dwaan, mar do moast wat dwaan. Watte? Gjin plysje? Je moat folslein idioat wêze om yn Ljouwert te wurkjen omt je der moarns net ynkomme kinne en jûns der net út. Goh, wat wit jim in hoop yn Den Haach.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s