Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

08 11 13

 

Ferdinand de Jong is deagraver en dan ha je der sa no en dan ferlet fan om jesels en je wrâld wat te relativearjen. Ferdinand skriuwt dus njonkjen boekjes, Fryske boekjes, ek kollums. Kollumskriuwers bin oerdriuwende sarkasten, meast wat by it synyske om ôf. Aardige lju mar se ha jittik yn de penne of mûle. Ferdinand de Jong hat dat by útstek, jim moat Stikelstekker op syn weblog mar ris opsykje, hy is wol twa kear sa wreed as my. Hy hat no ek noch kollums op de ynternetpagina’s fan SC Hearrenfean en by de iishockeyers, der bliuwt neat oer fan de Fryske sportbestjoerders, iismasters en de gemeenten. Ferdinand de Jong is in kreatyf tinker, hy skriuwt Fryske detektives. In belutsen skriuwer. Hy sei lêsten we organiseare it ferkeapjen fan Fryske boeken wer op de âlde wize, dus skriuwers mei in kroade. Moarn yn Bitgumbitgummûne. Doe tocht ik Ferdinand hat ús by de poat, hy lêbbet der inkel oer dat de Fryske boekelju nei de kroade no neat mear betinke kinne om boeken te ferkeapjen. Fryske boeken. Mar wat blykt no: it is in serieus ferhaaltsje. It is wier. Ja laitsje net, moarn sille de Fryske skriuwers en skriuwsters mei kroaden fol Fryske boeken by de doarren lâns yn Bitgumbitgummûne. En ek noch yn Ingelum. Fansels, de need fan de lju dy’t Fryske boeken skriuwe is heech, der is gjin hûn mear dy’t Frysk lêst, sels de lju dy’t it wol kinne net. Dus ferkeapje de boekwinkels gjin Fryske boeken mear. Sterker, dy wol se ek net mear ha om te ferkeapjen. Want at je gjin Fryske boeken ha dan is der romte foar de meast grutte nonsens dy’t se wol ferkeapje. Oars lizze Willem Verf, Hylke Speerstra en Jelle Bangma al dy hieltyd wer nije froulike hollânske detektiveskriuwsters yn it paad, want harren automatysk út de kompjoeter rôljende boekjes fleane de winkel út. Ja, it Frysk krijt aanst yn jannewaris noch in geweldigen boost as de Inferno fan Dan Browne yn it Frysk fertaald útkomt. Helse ferskrikking hjit it dan, of sa. Of it giet need. Dat boek hie trouwens moarn yn Bitgumbitgummûne ek goed ferkocht wurden, want Browne mealt yn syn boeken tige om yn it kristlike tinken. En oars wienen se dat yn Ingelum wol kwytrekke. Mar ja dat boek is der net en dus moat se it yn Bitgumbitgummûne en net te ferjitten yn Ingelum dwaan mei de KFFB jonges en famkes. No skriuwers, in soad sukses moarn. Jim bin foar it oare wol wend by dit soarte fan saken, dat jim at it dien is, efkes yn de kroech sitte. En jim bin Fryske skriuwers, dus jim sitte der ek noch hiel lang, sadat de measte fertkochte boeken ek al wer opmakke binne. Dat wurdt dus de Dance Factory yn Bitgum, want de Ridder fan Ynema yn Ingelum is swak alkoholysk, dat wurdt neat, En dan bin jim ek noch wer moai op tiid tús, oars sit jim yn de dûnsjende tieners, dat is tefolle switten. Guon kollumnisten yn de wrâld bin net inkel lêbers, dy joue sa no en dan ek in nije wei oan. En ik fyn dat we de skriuwers mar wat stypje moatte, dy hingje no oan sleaustronterige útjouwers dy’t de subsydzjejilden foar it útjaan fan Fryske boeken moai opstrike, en dêrnei neat mear dogge, ûnder it motto dat se gjin jehova wêze wolle. De skriuwers bin net fierder kaam as dat op elke boekefoarside in neaken frommis komt, alles útjaan yn de rige smearlappen, mar dat ha se yn de sutelkroech betocht. Of Fryske boeke fertale en útjaan op de Frankfurter buchmesse, de ienige dy’t it dan lêst is Dan Browne. Mar it is hiel hiel simpel: alle Fryske boeken wurde tenei troch de provinsje útjûn. Dan bin we de winstmarzje kwyt. Oant 2018 presinteard Jannewietske alle Fryske boeken op Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante. Oars wurde se bûten de provinsje skopt. De provinsje seit tsjin de minsken dy’t meidwaan wolle oan it kulturele haadstêdgedoch dat se al dy boeken ferplicht oantúge en lêze moatte. No en dan fertsjinje dy skriuwers en skriuwsters safolle dat se net iens merke dat se amtner wurden binne. Sterker se ha net iens mear oan tiid kollums te skriuwen. 

One thought on “it each fan eelke

  1. Pingback: Ferdinand de Jong | ensafh

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s