Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

11 11 13

Dat kin gesellich wurde. De bruorren Anker stake. Se witte net wat dat is, want se ha har it hiele libben it skompus wurke. Mar it bin yntelliginte jonkjes, dus se sykje dat op. Wat bart der by in staking. En dan meitsje se rare spronkjes, al tinke gewoane minsken dat soks hiel gewoan is, want se dogge it altyd. Earst huppelje se lykwols noch net, want se lêze dat stakers earst altyd mei de fûst omheech by de poarte fan de direkteur steane. No stake sy net tsjin in baas, want dat bin se sels, mar se stake tsjin steatsiktaris Teeven. No, dêr hoech je net mei de fûst foar omheech te stean, dy fergriemt dy Ankerkes mei ien achteleas pinkje. Boppedat soene se dan nei Den Haach moatte en se ha krekt tsjin harren sjauffeur sein dat er stake moat. Fierder lêze. O. Folders útdiele. Hoe komme we oan in folderke. De teksten ha se gau genôch, Teeven zit te zweven, wij moeten ook leven. En: wie wil er nu straf voor recht. Sa likernôch, se kin’t sels better. Mar dy papierkes moat hiel hurd yn elkoar. De kompjoeter der by en ja dan sit se mei de hannen yn it hier wat se net mear ha, want se  ha noch nea in kompjoetertoets beet hân. No ja, se meitsje ien spandoekje foar de Ljouwerter Krante, ús kliënten kin wol it folle pond betelje. Mar dan lêze se dat de stakers dêrnei nei de kroech geane om harsels yn te skriuwen. Huppelje. En se beneame Tjalling van der Goot as ynskriuwer en se gean nei Eygelaar, de Ossekop. Earst Tjalling efter de grutte tafel en dan seit elk syn namme, dat jout al in soad gegniis en gedoch want Hans en Wim neame de oar altyd Joop. Dan moat dy list eins ynlevere wurde by it fakbûn, wêr’t net ien fan allen lid fan is, dus sizze se dan wachtsje we op it fakbûn. Dy komme net mar dat makket it wachtsjen folle moaier. En dan nimme se de earste ûnder it biedwurd deze hoeft Teeven niet te zeven op. Jenever. At je dan de jûns dêr komme, stean de beide Ankers op it biljet en sjonge lieten fan Marianne Weber. En der sit sawat hûndert man en fiif kamera’s yn dy kroech en eins kin der mar tsien yn. Telegraaf moarn ier: stakingsfeest. No ja se ha der moarn wol pine holle fan. Ek wol in bytsje fan de oarsaak fan it staken. Teeven wol dat de strafrjochtabbekaten tritich persint minder fertsjinje yn grutte saken. Dêr hikke se wat tsjin oan, it abbekatekantoar Anker en Anker bygelyks docht tachtich persint fan har saken pro deo, fergees. Dat is nedich, want de measte normaal fertsjinjende lju kinne in abbekaat absoluut net betelje. It is ek de oarsaak dat de nasjonale middenklasse, de modale leanen, nea in abbekaat brûke, ek al stean se yn har rjocht. Mar Anker is net te beteljen. De earme klasse, dy’t neat hat, en dêr hearre dus ek de saneamde feelplegers by, dy krije dan wol wer in abbekaat, mar dy docht dat dan pro deo. It byld wat lykwols inkel nei bûten ta jûn wurdt is dat abbekaten dus almeugend soad fertsjinje oan de grutte saken. Dat is ek wol sa, mar se littte dêrfoar  njoggen oare saken draaie. Sûnder jild. Teeven hat dus wol gelyk, in soad fertsjinje is ûnbehoarlik. Tagelyk ha de stakers ek gelyk, at se teminsten dat tal pro deo saken der tsjinoer wol dogge. Mar it bliuwt frjemd dat bygelyks de rike misdiedigers dan foar de earme misdiedigers betelje moat. Se moat der dus mei syn allen mar ris in kear nei sjen, miskien moat it wol feroarje en dêr kin Ankers dan wer net oer. Mar heren Joop Anker. Jim kin hielendal net stake. Sju jim ha fan de mienskip op de bealch hân doe’t jim dy pedofyl yn Amsterdam ferdigenen. Jim ha altyd antwurde, ek yn soksoarte saken eartiids, dat elkenien rjocht hat op ferdigening. Hjoed stean minsken foar de rjochter dy’t jim net stipe ha, de rjochtbank seit, dan beslisse we sels wol. Wêrom hiene dy lju gjin rjocht op ferdigening? Fanwege jim eigen belang?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s