Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

12 11 13

 

De gemeentlike ferkiezings fan moarn bin almeugend stipe troch nasjonale politisi. Dat hat foar it oare wol in moaie grûnslach, de nammen Ljouwert en Hearrenfean sizze nasjonaal noch wol wat. En útsein de Filipijnen barde der yn it wykein net safolle, dus stiene alle nasjonale media ek noch op de Fryske stoepkes, suver wol fleurich. Mar ja, dan sjoch je nei Pow News of sa en dan sjoch je dêr Henk Deinum njonken Samsom stean. Samsom wurdt ynterfjoed, Deinum wurdt troch de kamerman behannele as in lêstige nijsgjirrige bekinde minske-stalker. En dat giet my troch alles hinne. Want it bin Henk syn ferkiezings. En dy fan Andries, Isabel en Thea. Ljouwert is de lêste jierren ta libben kaam, dit kolleezje hat dêr mei foar soarge. Mei se trochgean? We witte it net, Samsom hat it oer regearingsferantwurdlikens. Benijd ek at Coby van der Laan yn Hearrenfean it stugge folhâlden tsjin de stream yn ek folhâlde mei en at de fan dwerslizzer ta foaroprinner feroare gemeentebelanger Age Hartsuiker aksepterard is. Mar Pechtold oreart yn Hearrenfean oer de nije ûnderwiisparagraaf. Wy bin benijd at it maatskiplik ferantwurde FNP belied fan Skarsterlân, wat dus net echt FNP belied wie, yn dy trije oare gemeenten in ferfolch krije sil. Mar we traapje yn sa’n VVD ferkiezingsstunt en gean mei Rutte troch de efterdoar by Ynte Kuindersma en dy komme ta in ynleaf sûkerbôle petear. Mar goed, we wite no dat dat de Ljouwerter Krante de VVD wol wat aaie wol. Nasjonale politisi. Oan de oare kant stimme de minsken moarn nei oanlieding fan wat der yn harren beurs sit, en dat hat neat mei Henk, Coby en Frâns te krijen, hear jim it, ik aai ek efkes. Dus moat we it mar efkes ha oer de subferkiezings yn de nij te foarmjen gemeente troch Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân. Dy gemeente ha se in namme jûn, moarn mei elk yn dy trije gemeenten dêr oer stimme. En eins wol ik dêrfoar in sadanige foarset jaan, dat alles feroaret. Sju je meie nammentlik as stimmer ek in eigen betochte namme ynfulle, in suggestje. Mar at je dêr allegear wat ferskillends ynfulle, dan skoue se dat gewoan oan de kant en joue it har eigen namme. Dy is Friese Meren, heechút dat dy FNP stimmers der foar soargje dat it Fryske Marren wurdt. Mar da’s gjin gemeentenamme. Fryske marren bin fan dy wetters dy’t rûnom yn Fryslân ferspraad lizze, net inkel yn in gemeente dy’t him ynienen Friese Meren neamd hat. Sterker no’t Boarnsterhim ferparte wurdt troch Ljouwert en Hearrenfean soene dy gemeenten har ek Friese meren neame kinne. Dat dogge se net. Boppedat Friese Meren is it provinsiale jild foar de ferbettering fan alle Fryske marren, in fierstente grutte titel foar in gemeente dy’t inkel mar in vleckje as haadplak hat. Ja der lizze wol fryske marren yn, of se grinzje der oan, mar protserich jesels op it boarst houe en Friese Meren sjonge, dat is skrinend foar de oaren en sa fielt benammen Súdwest-Fryslan it ek. En dan bedoel ik net Apotheker, mar dy 83.000 oare ynwenners. Dus minsken fan Skarsterlân, lju fan Gasterlân-Sleat, folk fan Lemsterlân skriuw moarn allegear deselde namme op, dat is inkel mar de kâns om net foar yn iviche dagen it miechpealtsje fan de wrâld te wêzen. Mar no moat we dy namme noch betinke dy’t jim moarn ynfulle moatte. Sju, je moat ek noch in bytsje handich wêze, je moat dy idioate betinkers fan Friese Meren wat yn de mjitte komme. Dus dy marren moat der wol yn, se ha fansels wol in soad fan dy dingen. Marregebiet, nee, da’s neat, alles is in gebiet. Marrekrite soe dan moai wêze, mar dat kin fansels net want sûnt jier en dei ha de provinsje en alle gemeenten in gearwurkingsferbân om steigerkes oan iggen te lizzen en dat neame we Marrekrite. In begryp, dat kin je net feroarje yn iggekrite. Dus we moat wat oars betinke. Marren yn de gemeente, yn it lân, ja dat is it: Marrelân. Marren en lân. Marrelân. Dat moat de nije namme wurde. Allegear nei it stimhokje. Allegear. Ek al smyt jim dy nammelist fan politisi fuort. Mar wol ynfulle: Marrelân. Telegraaf tongersdeitemoarn: Opkomst Marrelân 100 procent. Je namme is makke foardat je begûn binne. Moai hè, Marrelân. Allegear retweete. Marrelân.

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Tige tank foar de promotie foar Marrenlân

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s