Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

15 11 13

 

Moarn komt Sinterklaas oan. Earst yn Grins. Dêr moast ik wol efkes fan hikke. Je bin wend dat Sinterklaas oankomt yn in moai âld Sieuwsk stêdsje, of troch Koanwertersân de Iselmar ynkomt en einigt yn in âlderwetsk Súderseedoarp. Mar Grins. No ja. Lokkich, de measte bern sitte gewoan foar de tillefyzje, dogge se ek leaver. Hoewol, se moat dochs nei bûten, want Sinterklaas is in wûnder man, dan multiplifiseart er him sels en komt ynienen oeral oanfarren. Dat lêste, dat farren, is yn Fryslân, wy kinne de steamboat. Op de Veluwe komt er faak op it hynder, eins in ûngelokkich ding foar sa’n âld man, boppedat sjouwt dat hynder him in breuk, want dy kadootsjes dy’t wy ûnder út de steamboat krije, moat dat hynder meisjouwe. Lokkich hat Sinterklaas in hiel soad wurknimmers taskikt krigen, dêr kin no ek noch alle dagen wol guon by. Mar it bin wol wurknimmers, en dêr is altyd wat mei. Moannenlang prate we der al oer, wat moat we no krekt mei de wurknimmers fan Sinterklaas. De wite bern, wurde altyd bang makke troch dy wurknimmers. Sinterklass is wat de plysje ek docht, de ien spilet de ferskrikking, de oar begrypt dyn misdieden. Want dy bern bin goed benaud foar de wurknimmers fan Sinterklaas en oars wol foar dat de âlders sein ha dat se goed fetsoenlik, sels leaf, wêze moatte, en dat se oars gjin kadootsjes krije, en dat soarte fan geastlike sjantaazje om troch novimber hinne te kommen. Mar at dy bern dan goed benaud binne dan mei se by Sinterklaas komme. Guon bern wolle dat ek net, dy sizze dat it in horrorfiguer is út de filmkes dy’t se fan dy âlders ek nea sjen meie, mar stiekem al dogge, mar guon dy jouwe har leaflik del op de skurte fan Sinterklaas, sadanich dat de âlders hoopje dat dit tafallich net in pedofile beun is. Mar dêr gie de diskusje net oer, want soks bart al 100 jier, da’s net feroare. Mar net inkel de wite, mar ek de oarskleurige bern bin benaud foar de wurknimmers fan Sinterklaas. No ha antropologen, gyneacologen, psychologen en kollumskriuwers ûntdutsen dat soks komt omt de bern tefolle op de wurknimmers lykje. Ja der is ek al polemolooch west dy’t seit dat soks betsjut dat dy bern benaud foar harsels binne, mar dat leau’k net. Se bin inkel benaud foar wat se wurde kinne at se ek wurknimmer fan Sinterklaas wurde. Mar benaud bin se wol. At no alle bern benaud binne foar de wurknimmers fan Sinterklaas, wat foar doel hat it dan dat dy wurknimmers om Sinterklaas hinne rinne, huppelje en springe en ek noch op allerhande frjemde wize artikuleare en net witte wat dat wurd betsjut, mar wêrfan benammen guon ta alzheimer feroardielde âldere minsken yn harren bernskens ek noch oerémus reitsje. Ik bedoel wat doch je mei wurknimmers dy’t net funksjoneare. Eartiids bleauen dy gewoan sitten mei de izeren stipe fan it fakbûn yn de rêch, mar tsjintwurdich is nimmen mear lid fan it fakbûn. Sterker, in âld foarsiter mei net iens Sinterklaas ynhelje, want derom hie se graach boargemaster fan Utrecht wurde wollen, miskien dat de tillefyzje dêr ek noch in kear komt, at Grins kin, kin dat seker. Mar tsjintwurdich kinne de wurkjouwers en dus ek Sinterklaas omraak skoue en dy wurknimmers yn ien of oare leeftiidsgroep opnimme en dan dien jaan. Of gewoan de hiele BV Sinterklaas nei de soademiterij en dan as Sinterklaas stiekem ferhûzje nei dy wenning fan de âld Grinzer boargemaster Peter Rehwinkel yn Spanje, en dan in trochstart meitsje mei it bedriuw, mar dy wurknimmers bliuwe yn de ww, mar moat wol fjouwer kear yn de moanne by in Sinterklaas sollisiteare. Dat hie allegear it simpelst west, folsein yn oerienstimming mei hoe’t it hjir yn dit lân optheden giet. En ek wol goed, dan wiene we foar it grutse part fan it hiele gedoch ôf west, want dy âlde Sinterklaas kin mar ien sekje fol kadootsjes meinimme, en hy moat ek noch allinne farre,dus dy ferûngelokket wol yn de Golf fan Biskaje of ûnder Teksel. Mar it giet net sa troch, immen hat de bongel der ynsmiten. Presies. Fakbûnsman Ruud Vreeman. No waarnimmend boargemaster fan Grins.  

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s