Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

20 11 13

Jim Diers komt hjoed nei de riedsseal fan Bûtenpost. No koe ik Jim Diers net, dus ik wie der fuort net oerémus fan. Mar doe tocht ik, at je yn de riedsseal fan Bûtenpost, net te ferjitten  haadplak fan de gemeente Achtkarspelen sprekke, dan bin je miskien dochs wol bysûnder. Temear der’t ek de minsken út de buorgemeente Tytjerksteradiel ek meidogge. Dus miskien is Jim Diers noch wol wat. Mar om dat út te finen moast ik nei Seattle,  yn Amerika. Der wenje like folle minsken as yn hiel Fryslân, en it leit tsjin Sjina oan. Doe’t ik dêr wat omrûn en frege nei Jim Diers, die bliken dat hy dêr de hillige fan de partisipatieve demokrasy is. Hee, dêr is it earste bekinde wurd. Partisipaasje, miskien is dy Jim Diers wol in nijsgjirrich man. No ik wik it jim.  Hy wie in grutte oanhinger fan de Alinskystijl mienskip, jim witte dochs wol Saul Alinksy, dy man dy’t yn de 60-er jierren  sa’n boost joech oan it mienskiplik mei elkoar bestjoeren fan in mienskip. Jim Diers waard ek direkteur fan de Buurten in Seattle. Dêr krige hy sels de  Innovation Award foar fan de Kennedy School of Government. Hy hat allerhande earedoktoraten en hy klaut no oan de university’s om as in wiis man, grut yn de wrâld fan de partisipaasje. Mei elkoar de dingen beprate en dwaan, je kinne folle mear oan elkoar ha at je it mei syn allen dogge. En Ljouwert skreau doe it wurd mienskip op, wurke dat út yn in boek, en hupstee Oedse Westerhof waard de Jim Diers fan Fryslân, watte fan hiel Europa. Wat moai dat sa’n Jim Diers hjir hjoed komt om it de Achtkarspelers en Tytjerksteradielsters jitris út te lizzen, en dan ek noch mei te diskusiearen oer de rol fan boarger yn it sosiale domein, eeeh fertale: ien kin neat, mei ús allen kin we in soad. Dat wisten we fansels noch net. Ik sei diskusieare, it is hiel bysûnder, Jim Diers praat fansels Seattels, mar syn participation skilt net folle fan ús partisipaasje. En it giet nearne oars oer. Of  hy jout him del yn in hoekje en harket nei de oare sprekker, Nico de Boer. Dy komt fan Amsterdam en docht beliedsûntwikkeling en  ûndersyk yn de sosiale sektor. Ek net mis hear, poeh. Selsstannig ûndersiker en auteur op it mêd fan wykrjochte wurkjen. Poeh. En se freegje him yn Bûtenpost nei syn fizy op boargerkrêft yn wiken en doarpen. No is in Bûtenposter wyk wat oars as in Seatlse, dus ha we it oer de doarpen, dêr ha Achtkarspelen en Tytjerksteradiel in hiele soad fan. Yn de 60 er jierren dienen we it ek. Prate oer: mei elkoar. Mienskip is baas. Meiprate, allegear. Uteinlik ûntstie de kommune. Fermakelik, de measten bin ten ûnder gien oan spul oer dat de lju yn dy kommune hieltyd mienskip mei elkoar ha woenen en dat wie dan wer oare mienskip as dat mienskip is. Of sa. Doe wiene der ek dizenige lêzings oer datsoarte saken. Mar doe wie de echte mienskip noch yn hannen fan CDA-ers, en dy stjoerden elk wer gewoan op paad. Mar dat paad is sa linkendewei oernaam troch VVD-ers en dy bin stikken rûn. Dus hat harren foaroprinner it wurd partisipaasje yn it wurdboek opsocht en oan de kening jûn. En sitte wy mei Jim Diers en Nico de Boers yn it gemeentehûs fan Achtkarspelen en moatte we mei elkoar diskussieare oer de krêft fan boargers yn in doarp. In man as Gerben Gerbrandy, tsjintwurdich boargemaster fan Achtkarspelen soe dy mannen earst ris meinimme moatte nei in Frysk doarp. En lit dy mannen dan sjen dat yn de Fryske doarpen inkel risseltaat boekt wurdt at der in pear lju aktyf binne. Allegear, dan soenen we elkoar ferkringe, want de nuanses bin altyd oars. Mar dat hindert neat, aktive lju bin krêftich yn in mienskip dy´t har gewurde lit, it kin de oaren neat skele. Ja, it risseltaat, skoalle en winkel bliuwe oerein, Sinterklaas wurdt ynhelle en de iisbaan stiet ûnder wetter. En we ha wurdearring foar de aktiven, it giet goed. En dêrom freegje we ús ôf werom der lju út Seattle en Amsterdam komme moatte om ús te fertellen  hoe’t wy libje moatte.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s