Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

25 11 13

Wit jim, nei bûten ta lykje de dingen somtiden hiel oars as at se yn wurklikheid binne. Ik sil jim in foarbyld jaan. Ferline wike kaam nei bûten, en dan bedoel ik yn de media, dat Thialf it iis fersoargje sil yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam ein febrewaris. Iismaster Beert Boomsma lit masjines út Amerika komme om dat grutte projekt út te fieren: in pear wike iis yn dat stadion, mei de nederlânske kampioenskippen all round en sprint derby. We sil sjen wat dat allegear wurdt en jim moat der mar net in te grutte pet fan op ha fansels, want at it waar net meisit, reint en waait elk fan de baan. It is eins ek net mear as de huldiging fan de Olympyske ploech dy’t dêr mei medailles om de nekke stean sil. Ik bin heel benijd hoefolle minsken der komme sille as it tsjinfalt mei dy medailles. Ôfwachtsjen. Mar wit jim wat no net skreaun of ferteld wurdt. Werom at Thialf  keazen is. Wylst yn Haarlem de grutte iismaster Bert Butter wennet. En dy sil aanst yn Almere in tige professionele grouwélich goede iisflier út de grûn stampe. Mar dy mei dit net dwaan. Organisatoren Patrick Wouters, deselde dy’t TVM yn hannen hat en straks op syk giet in nije sponsor en ek in plak ha moat, en Rintsje Ritsma, dy sizze namentlik eins hiel lûd NOC en KNSB jim hiene it ferkeard mei Almere. Wy kiezen Thialf. Da’s bettere garânsje foar  topsport. Mar dat stiet der net. Yn de kranten fan ôfrûne wike stie ek neat oer dat foar’t der wat barde yn Hearrenfean de oaren der al op rjochte wiene om Age Hartsuiker en dus Gemeentebelangen te sliten. Dy bin dêr troch oerdondere en realiseare har dat no pas. In gerichte aksje. Mar de oaren stean no pal efter elkoar en dat betsjut dat se in moanne lyn dat al besletten ha. It CDA kin harsels no al wer klear meitsje. Mar dat stiet allegear net yn’e krante, dêr stiet allinne it iepenbiere hin en wer gepjuk. En dan krij je dat je as krantelêzer en tillefyzjesjogger it iene momint tinke dy is skuldich en op it oare momint ferskood dat wer. Want as dy Gemeentebelangemannen gelyk ha, dan is dus boargemaster Tjeerd van der Zwan it wurktúch fan PvdA en VVD om der in wethâlder út te swiepen. Dat wol my van Van der Zwan net oan, mar miskien hie hy it ek net yn‘e gaten. En doe tocht ik ynienen oan dy Van der Vaart rommel, dy fuotballer en dat frommiske, dy´t ús al in hiel jier te lêzen jûn wurdt. Ik ha dat noait folge, mar dat is eins itselde, hin en wer, hin en wer. Dus it komt net fan wat je dogge mar hoe’t de media it behannelje. En it giet dan dûbeld op at we it ha oer polityk yn ferkiezingstiid, dan bin der efter de skerms allegear saken dy’t spylje en pas letter bekind of ta útering komme. En at je mar yn trije gemeenten in nije gemeenteried ha, dan kom je ynienen yn it brânpunt te stean. Hearrenfean makket dat no mei, mar dat hie oars ek wol wat west. Mar ik wik jim dat we yn Ljouwert ek wol in sturtsje krije sille, at bygelyks ynformateur Jouke de Vries ienkear oppenearet , of wol jim leaver wat mear stabiliteit ha en lyk op rinne mei it regear dan dogge we de VVD deryn  en dan kin Isabel Diks wol wer yn de gewoane bankjes. Oarloch. Mar dy krije we noch. We ha no in lytsen yn Marrelân. SGP-er Haaije de Jong, al ivich yn de ried fan Lemsterlan, hie ien kâns en dat wie yn de ChristenUnie trein springe as listtriuwer. Mar de kiezer, stimtrou folk, treau te hurd en hup Haaije koe wer yn de ried en docht dat ek. De ChristenUnie sit no mei him yn’e mage en der moast omraak praten wurden. En no seit Haaije de Jong, no it moat mar sa en ik ha in pear goede portefeuilles. Mar rekkenje mar, en dat stiet nearne,  dat soks fjouwer jier oarloch wurdt mei syn CU partner Sytze Holtrop. Soks soe de kiezer net wolle moate. Mar ja, de media wol fansels.        

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s