Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

26 11 13

 

De minsken freegje my tsjintwurdich hiel faak fan hoelang moast noch. Ik slach se ferbaal foar de harsus troch te sizzen dat ik noch twa jier mei. En monkelje der efter oan dat it om my dan noch net ophâlde hoecht. Ik kin my foarstelle dat at je 40 jier stientsjes yn túntsjes en dykjes lein ha, en ik kin noch hûnderten oare foarbylden, dat it dan wolris genôch is. Mar yn ús wurk, en ek gâns oar wurk, jildt dat net. Likegoed bin we yn ús lân net fleksibel yn dy dingen, dus sy moatte langer asat se wolle en ik mei net langer ass at ik wol. En wêr sit soks oan fêst. Oan de pensioenregelingen. Wy bin fan âldsher opfieden, je jouwe sels wat preemje en de wurkjouwer leit der wat njonken, dat sparje je op en op in gegeven momint krij je dat en dan meitsje je dat op. Of smite it yn de erfenis fan jesels. Soms docht de pensioenynstânsje der dan wat by, dan wurd je âld, mar soms strike se ek in soad op at je te gau dea geane. We tochten eartiids dat soks net stikken koe, mar dizze krisis hat dêr wol foar soarge. It frjemde is wol dat eardere krisissen soks net klearkrigen, mar dat hat te krijen mei dat we optheden allegear gemiddeldwei wat âlder wurde. It is wol moai dat je wat faker segaren foar de jierdei krije, mar dy pensioenferstrekker jammert oan alle kanten. Begryp my goed, ik ha’t net de aow, dy krij je gewoan at je 65 plus safolle binne fan Drees, wy ha’t oer ekstra pensioen. Dat hat foar it oare lang net elkenien, bygelyks dy jonges fan de Gay krante ha eartiids net en no noch net mar dat stiet net yn de kranten, noch nea pensioenpreemje hân. Dan krij je it jild gewoan op it leanstrookje en dan kin je it sels regelje. Lykas MKB-ers dogge en hiel folle oare minsken dy’t harsels dy disscipline oplein ha. Der bin ek dy’t it net dogge, 90 persint derfan hat safolle jild dat der nea wat barre kin. En dy oare 10 persint sit efter de geraniums en seit ik ha in moaie tiid hân en dy is no oer en dy libbet fan Drees. De pensioenen ha dus te lijen fan de krisis, en bin sels hjir en dêr wat minder wurden. Noch net slim, it bin wat dûbeltsjes, mar…. Tagelyk bin dy jonges fan de pensioenpreemjes ûngelooflik populêr. Oaren wolle allegear dat jild ha, want se kin net allegear like goed yn oandielen hannelje, dus der giet ek pensioenjild de mist yn. Krisis sizze se dan, kloaten sizze wy dan. Mar we dogge noch neat. We sizze inkel tsjin de fakbûnen en de wurkjouwers, kin dit ek better. En yn krisistiid hat it regear yngrepen en sein tsjin beide it moat better. Se ha in akkoart sluten. Wy betelje wat minder, de wurkjouwers dus ek. It bout allegear wat stadiger op, mar it sparjen duorret langer, dus dat kin wol. En dan soe dat jild wat de wurkjouwers besparje oan de wurknimmers jûn wurde en dy kin der dan dingen foar keapje en dêrmei komt ús ekonomy út de krisis. Mar wat bard der no. Wy betelje minder. Klear. De wurkjouwers betelje ek minder, mar wat der oerbliuwt jouwe se net oan de wurknimmer. Nee, we moat wat romte ha, en we kin noch wol wat tsjinfallers krije en it is allegear al sa djoer en it is ús jild en wat kostet it allegear wol net. En no wurdt it dus tiid dat we wol wat dogge. Dat we allegear, mar dan ek allegear mei ús leanstrookje nei de wurkjouwer reizgje, ien foar ien, en dat we sizze, sju jo betelje no minder, en Rutte hat sein dat wy dat krije, dat wol ik ha. No daliks. Yn kontanten at je der it papier net mei fersmoargje wolle, mar ik wol it no ha. Want om dit no oant de cao besprekkingen hingje te litten, en dêrmei it sosiaal akkoart ûnder de seadden stopje, dat duorret my te lang. Dan bin se der noch net oer út, at ik der oan ta bin.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s