Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

27 11 13

 

Yn 1157 wie Eilwardus Ludinga al sa ryk en machtich, dat hy in kloaster opluts en it nei himsels neamde, it Ludingakloaster. Al yn 1234 krige it gebiet ten westen fan it kloaster  stêdsrjochten ûnder de namme Harns. No ja, se sprutsen dêr fansels alhiel gjin Frysk, se hienen it oer Harlinga, neamd nei in buorkerijke wat dy âlde Friezen doe in state neamden. Se wiene al earder stêd as Ljouwert, Frentsjer en Dokkum mar ek as Amsterdam. Dan bin je dus echt wol wat. Se ha der letter in almeugend soad jild fertsjinne. Dat kaam omt de hillige St. Luciafloed der foar soarge dat de stêd Griend yn 1287 ferdwûn en Harlinga in seeplak waard. En see wie hannelje, sa koenen se harsels wol rêdde. Se wiene dus sis mar apartelingen. Noch. Der wurdt wol oer skreaun yn de histoaryske byldliteratuur optheden. Deryn bin se it doarpke, no ja stêdsje yn dit gefal, wat as ienige bestand wie tsjin de oerhearsking fan de Friezen. As je yn it stêdsje sels komme ha se allegear altyd spul. Fiskboer Kostunrix bedjêrt mei syn bedoarne ôffalûnefisk alle loft en at er it rûkt komt de smid, de man dy’t de haven grut makke, Hoefnix en dy slacht Kostunrix foar de harsus. En at sjonger Kakofonix dan ta ferbroedering oanset mei sy fiskerijdageiepeningssankje dan liedt soks net ta dy ferbroedering mar set oan ta in nije feechpartij oer it kulturele belied yn Harns. Boargemaster Roel Abraracourcix besiket fansels hieltyd de rigen te sluten, mar hy moat regeare mei trije ûnfrisse wynixen minder yn de stêdsried, roddelkont Bellefleur fergadert no mei har sprekgenoaten apart yn in dochs al apart doarp. Mar Nestorix fan dyselde ploech hat no in nije partij oprjochte en dy sit presies yn de toan fan de byldliteratuur: Wad’n Partij. En dan Wad mei in d fansels. Bêrn. Altyd spul. Doe hat eareboarger Asterix yngrepen. Hy skreau ûnder de skûlnammen Georg Postma en Femke Smulders in rapport dat Harns Harlingen bliuwe moatte soe en net opgean yn Frentsjer of Littenseradiel, en hielendal net yn de opmars fan centurion Ferdix Cronix. Doe kamen se as stêddelingen efkes by elkoar en hienen in saneamd referendix. Mar der wiene úteinlik mar 40  fan de 100 doarpelingen oer, de oaren wiene dronken fan de Harlinger beerenburg of fol fan de troch Obelix oanfierde reuzetonkjes, of beide. Mar dy oerbleaune 40 hiene ek al aardich de hichte en rôpen, Harns is Harlingen en dat sil it altyd bliuwe. En doe hat de âlde druïde Wiebe Panoramix van Dijk de toverdrank foar elkenien rûnskonken en no tinke se allegear dêrre dat Harlingen as aparte gemeente oerbliuwe kin yn in alhiel fierder weryndield lân. En no fechte se dus. Se fechte har net dea hear, dat bart yn dy boekjes nea en yn Harns ek net. Grutte bek, by need in hens útdiele en dan is it oer. Mar se bliuwe dwers, wy hearre net by Fryslân. En de rest fan Fryslân freget himsels ôf hoe’t it dan moat at je noch mar in pear gemeenten oer ha, én Harns. Dat kin himsels dus absoluut sels net rêdde, polityk bestjoerlike chaos, altyd spul, rúzje, bargebiten, lekskoaijen en wat al net. Abraracourcix Sluiter is der no helendal mei oan, want hy moat jûn wer mei al dy roppers en razers om de stiennen tafel sitte en freegje, okee we wolle net mei harren, mar hoe en wat moat we it dan dwaan. Se ha har ferbûn, ûnder oanfiering fan de read klaaide Kostunrix en de blaue Hoefnix, dy’t yn de vlecke Den Haach beide noch wol it ien en oar te fertellen ha, mar der út noch yn net nei harkje. Mar se moat jûn al gear oer de konsekwinsjes. En ik bin hiel bang dat Abraracourcix efkes nei de grutte stêd west hat, en jûn werom komt en seit we kinne wol in gearwurkingsferbân mei dy grutte stêd fan Cronix slúte, dan bin wy harren haven. Dêr kin Hoefnix oan fertsjinje en dan keapje we Kostunrix syn fisk wer. Dat earme plattelân wat dêr tusken leit, dat wâldzje se plat mei har allen. Want it bin fansels barbaren.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s