Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 11 13

 

Wy wenje yn Fryslân. En we prate dêr twa talen. Guon wol wat mear, mar twa is it minimum. De maklikste is it Hollânsk, dêr skriuwt de Ljouwerter Krante, pardon de Leeuwarder Courant, ek de teksten yn. It Frysk is de twadde taal, ja dat wol noch net sa. It wurdt wol wat better sizze dy 76 ynstellings dy’t har mei it Frysk dwaande hâlde, mar alle oaren witte wol dat mei it omdraaien fan de tiidwurden it defintyve ein  fan it Frysk der oan komt. Mar al dy 76 ynstellings binne likegoed dwaan om dochs noch sa folle mooglik beheiningen fan it Frysk te sljochtsjen. En hjoed, hjoed is der wer sa’n histoaryske dei, hjoed wurdt de lêste beheining sljochte. Watte hjoed, aanstens al. Om kertier foar alven nimt deputearre Jannewietske de Vries it wurd yn it provinsjehûs. Dat is it startsein, it offisiële startsein foar it Frysktalige tekst to speech programma. Ja dat is yn it Ingelsk, de ienigste taal dy’t hjir oerbliuwe sil. Teminsten it is benammen hiem yn de rûnten fan de 76 Fryske taalynstellings om ingelske terminologiën te brûken om minsken in fryske opfieding te jaan. No dus tekst to speech. No wurdt it wat yngewikkeld en ik freegje ek wat moederaasje, mar it is net oars, ik moat dit efkes útlizze. We ha yn Fryslân 76 taalynstellings, dus we ha ek 76 frysktalige websides. Nee, 77, want dan docht Omrop Fryslân ek noch mei. Op dy siden kin je fryske stikken en benammen stikjes lêze. Mar der bin minsken yn Fryslân dy’t net Frysk lêze kinne. Dy keazen bibelkennis op skoalle of sa. Der bin ek in soad lju dy’t wat oan de eagen mankeart. Al dy minsken wurde no temjitte kaam. Der wurdt aanstens in programma presenteard, dat stopje je dus as bline of ûnfryske yn jo kompjoeter, downloade hyt dat yn goed Frysk, dêr sit in pylkje yn, dan set je gau in koptillefoantsje op en dan wurdt dat berjocht ynienen foarlêzen. Yn it Frysk, want jo kin it miskien net lêze, mar miskien ferstean je dan wol Frysk. Dus it wurdt net fertaald, Frysk. No soene jim sizze, der sitte gâns Friezen hiele dagen te switten om  al dy berjochten dy’t op de 77 sides komme sa gau mooglik yn lûd om te setten, en wy soene dat as omrop ek noch wol dwaan kinne, mar neuh. Dat ha se al dien. Der ha wat minsken west dy ha de fryske â, de frysk û en u, de fryske eu, de fryske ie, ii, i en y op’e bân setten ha. En dan lêst it bantsje fan jo kompjoeterprogramma tekst to speech de tekst foar dy’ t dêr stiet at je dat lytse pylkje oanklikke teminsten. It giet dan sa, de tekst is sis mar: de AFUK krijt tefolle subsydzje fan de provinsje foar ûnsinnige projekten. Dan hear je dus, at je net goed sjen kinne, of at je net goed Frysk lêze kinne. De A-f uk krijt tefolle  subsydzje…….en de rest hear je dan net mear want dan moat je noch neitinke wat er no by it earste stikje bedoeld waard. Ik bedoel je wurde frij gau wurch fan dat kreakerige ûnnatuerlike lûd.  Alle begryp dat je safolle mooglik minsken hiem meitsje wolle mei it Frysk. Mar foar dizze groep wie de radio al útfûn en at wy it net goed dogge dan sis jim it mar. En soe it no net folle wichtiger wêze dat je de minsken yn Fryslân lêsber spul taskikke sadat folle mear minsken hiem wurde mei it Frysk. En harkje no ris nei de skriuwers dy’t stadich fan de merk ferkrong wurde, dat moat wer oars, de literatuur moat mear libben makke wurde. En at je dan alle 76 Fryske ferienings opheven ha en at je alles ynoarder ha, en sjoch dan ris hoe’t je al dy oare groepkes better berikke kinne. Want ik freegje my yn de goedigheid ôf, dy bline, dêr is soks foar  bedoeld dat tekst to speech. Mar hoe fynt dy bline dat berjocht. En foaral hoe fynt dy bline dat lytse pylkje.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s