Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

02 12 13

Jûn komt de gemeenteried fan Hearrenfean by elkoar om te praten oer mails. Dat is wat frjemd, want troch te mailen praat je net mear mei elkoar.  Mar yn Hearrenfean bin se der yn slagge en doch it mailen ferkeard en dus moat se der earst  wer oer prate. Foar goed begryp, it is de âlde ried, de nije mei sokken as Jan Hemminga der by komt pas yn jannewaris. Sju tsjintwurdich ha je ek yn gemeenterieden it dualistyske stelsel. Eartiids wie dat monistysk. De hiele ploech waard keazen, elk skoude dan syn nûmer ien  nei foaren as potensiële wethâlder. Fraksje en wethâlder wiene ien, sterker de wethâlder siet noch gewoan yn de fraksje, de hiele perioade. Hy/of sy prate yn it kolleezje mei de oare wethâlders, eins dusek al in bytsje mei de oare partijen. Dan kaam er wer werom yn syn eigen fraksje en dêr bepraten se dat dan en dan stjoerden se oan it ein dêrfan de wethâlder wer fuort mei in boadskip. Dat wie foar it oare noait ja of nee, mar dit kin, mar dat miskien ek. Sa koe it faak hin en wer gean. De ûnderhandelingen koenen sa wolris hiel lang duorje oer de saken dy’t se net yn it foar bepraten hiene mar it wie wol hiem en dudlik. Tsjintwurdich, sûnt 2002, ha we it dualisme. De fraksjes wurde troch ús keazen, guon fraksjes skriuwe dan mei elkoar it kolleezjeprogramma en dan beneame se wethâlders. Dat kin ek guon fan bûten dy partijen wêze, sels fan bûten dy gemeenten. Andries Ekhart wie earst wethâlder yn Snits, mar doe’t Florijn transfereerd waard nei Rotterdam, gie Ekhart nei Ljouwert, mar hy wennet noch altyd te Snits. Harns hat op in stuit twa PvdA wethâlders hân, wylst de PvdA net yn it kolleezje siet. No sa bin der der wol  mear foarbylden en ek mear idioate sitewaasjes. Mar Hearrenfean hie eins noch in bytsje it âlde systeem, de wethâlders kamen út de fraksjes, wiene ek listlûker, waarden letter beneamd en dan kaam der wer ien yn de fraksje by. It smiet dus wer  in fraksjelid  mear op, mar de wethâlders stimme net mear mei oer har eigen foarstellen. Likegoed sit sa’n âld systeem der noch altiten yn, yn de polityk giet it noait sa hurd en fansels it soe ek hiel ûnlogysk wêze dat je gjin kontakt mear mei je maten ha. Dat ha je fansels wol, je moat dêr altyd stipe wei helje. Ik tink sels da guon wethâlders noch altyd gewoan mei har fraksjes prate, elkoar op de hichte hâlde oer hoe en wat. En soms is der gjin tiid om te praten, en dan mail je efkes, sjoch  jongens hjir prate we nije wike oer yn it kolleezje, wat fyn jim dêr fan, mail mar efkes werom. Mar no kaam de mail fan riedslid Gemeentebelangen Hearrenfean Tuithof net werom  by Age Hartsuiker mar by de Ljouwerter Krante. Hy kin it ek mei sin dien ha. Mar dy Tuithof wie dus dom of gemeen. Mar Hartsuiker is ferantwurdlik sizze de oaren. Dat giet safier dat se allegear de ynformateur foar in nij kolleezje, dy âld wethâlder fan Smellingerlân Cees Kuiper frege ha om Hartsuiker en syn maten net wer yn it kolleezje op te nimmen. It singeliere is, ik kin  nearne ek mar werom fine werom at dat net moatte soe. Ja, earne stiet dat it logysk is sa’n betroubere partij as it CDA wer werom te  nimmen. Alle gram dy’t se fjouwer jier lyn hienen om dat yndertiid dwerse en neat wollende CDA derút te kwakken, is oer. Sterker, it CDA is ynienen in betrouberdere partij wurden as Gemeentebelangen dy’t miskien wol mear it gemeentlike belang, net tefolle jild yn de Van Engelenfeart smite, yn eare hâlden as it CDA. En wy as taskôgers  mei ús der oer fernuverje dat se net gewoan sizze, we wolle net mear mei Age en consorten, dêr wol we dêr en dêr om net mear fan ôfhingje. Dy earlikheid hie’k fan de oaren wol ferwachte, want dy bin absoluut net dom en neffens my ek net gemeen. Hoewol, dat lêste moat we noch efkes fersichtich mei wêze, no’t de amtners ynienen alle skuld oeral fan krije. En dy prate jûn net mei. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s