Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 12 13

 

De lêste polityke puntsjes fan it jier wurde slipe, dêrnei sliepe de politisi oant healwe jannewaris. It moat ek net al te dreech wurde. It moaie is wol dat tsjintwurdich der noch safolle foar 1 jannewaris dien wurde moat. Dat komt omt se mei alles sa lang hin en wer prate dat se nea op tiid klear binne. Mar ja dan is it yn desimber sa smoardrok is dat dy lju ek hielendal neat mear oars kinne as sliepe. Sa hat de provinsje hjoed in kommmisjegearkomste oer tige wichtige saken. De kommisje lân, loft en wetter. It giet dan ek oer  wyn en guozzen. Guozzen en wyn. Twa saken wer’t de provinsje absoluut gjin ferstân fan hat, en dochs binne it de wichtige yngrediënten foar de Kryst. Inkel, de wyn dy’t we dêr opsûpe kin we neat mei yn de oerienkomst dy’t we yndertiid tekene ha mei it ryk om 530 megawatten oan wynenerzjy op te swyljen. Dêrfoar moat we grutte wynparken boue. Mar dy wol net ien hjir ha. Wyn sat, mar it moat net tsjin dy peallen mei wjukken oanwaaie, dat jout sa’n leven en dan begjinne dy wjukdingen ek noch te draaien, jeetje wat in slachskaad. 1200 lju woene se net ha, ha beswierstikken yntsjinne, der fleagen ek noch petysjes mei 3000 hântekens oer de provinsiale burootsjes. Sels de gemeenten wiene dwers. Hoewol Súdwest Fryslân woe tsjin de befolking yn dan noch wol wat dwaan. Mar ik hie wille by de opstelling fan Hearrenfean. Yndertiid moast dy gemeente grûn by Tsjalberd oankeapje foar bedriuwen, mar doe mochten letter de lytse tiisfabrykjes ynienen ek op it grutte ynternasjonale yndustrieterrein fan de provinsje by Hearrenfean en siet dy gemeente mei in skuld. Dus ha se no sein tsjin de provinsje, keapje it mar wer werom, dat stik by Tsjalberd, dan kin jim dêr wol wynmûnen opsette. Mar de provinsje is sa benaud foar dy pear hantekeninkjes, dat se sizze smyt dy wynmûnen mar yn de Iselmar. En dan  hjir en dêr lytse groepkes, no ja en dêr komme dan de ynfestearders wol op ôf, krij we noch folle mear argewaasje. En dy rike jongens bin ek noch wettersporter, dus dy krij se ek wol wer út de Iselmar. No ja, Fyslân moat no al beskamsum sizze, achte oerheid we soene foar âldjiersdei klear wêze mei de plannen, mar it wurdt ynearsten april. Ja, dêr tekenje je net in oerienkomst foar. Mei de guozzen is it oarsom. De provinsjes en allegear organisaasjes ha der  foar tekene, der soe twa moannen minder sketten wurde en tidens de simmer mei de hjir aaien lizzende goes nei Auschwitz, fergasse. Of sa. Mar it wurd no in wylde boel mei de guozzen, want de boeren ha no it guozzeakkoart, in moanne foardat it yngean soe, delsketten. Dus dat foarstel kin fan tafel jûn. En de guozzen op’e tafel, want de boeren ha no wer twa moanne sjitten wûn. Deputearre Jehannes Kramer preuvelt der wat frjemd yn om. Hy stie hieltyd yn it midden fan de fjouwerhoeke boeren (de guozzen frette myn gêrs op, betelje), natoerminsken (mar we moat hjir net tefolle ha) en bistbeskermers (jo bliuwe fan dy guozzen of) en jagers (it bringt ferdomme neat op, it kostet my kûgels). Boppedat bestean dy boeren ek noch út twa parten, de iene helte krijt skeafergoeding, de oare helte noch net. Se skuorre allegear oan Jehannes om, dy wurdt fan de iene nei de oare sleept en treaun en  wit amper mear hoe’t in goes derút sjocht. Mar in dúdlike heldere line is yn it hâlden en dragen fan Kramer en de provinsje net te finen. Moai dat dat guozze akkoart der wie, der koenen se dan net foarwei seinen se. Ja Fryslân hâldt sa fan akkoarten dy’t se mei de oerheid slute, al ferwaaid dat ek wol werris nei in pear jier. Sju at se allegear jild krigen foar it gêrs wat fuortfretten waard, ach dan wiene we in fredich hoekje lân, mar wat te griis yn de eartiids sa griene greide. En mei de Kryst ieten wy dan bakte potstrou of sa. Mar en dat is fansels de hiele krukas, der is gjin genôch jild. It duorret noch wol twa jier foar’t se it allegear útfûn ha hoe’t it fierder moat. Yntusken is Jehannes Kramer oan barrels lutsen.   

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s