Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

11 12 13

Der soe hjoed, jûn, in ynformaasjejûn fan de gemeente Opsterlân wêze oer kultureel sintrum de Skâns op’e Gerdyk. Mear as fyftich jier lyn, om 1960 hinne, is dy Skâns oprjochte. En neffens my no al in kear as trije ferkloft. It wie ek nedich, dat sa no en dan ferstrûpen, it koe der allegear net mear yn. Sju, Gerdyk is in baas doarp, elkenien dy’t it foar it earst sjocht , sjocht ek fernuvere op. Gerdyk bestiet al sûnt 1630. Ungefear. In leger turfgravers kaam fan it westen. Se lutsen al dollend aloan fierder nei it easten, mar hjir en dêr bleau in groepke oer. De feart , it soe letter de Opsterlandsche Compagnonsvaart wurde, waard groeven. En de turfdollers smieten hûskes op oan de kant fan de feart. Meast wienen it fan dy hûskes dy’t fansels wer fuortwaaiden, mar hjir kaam wat mear stâl yn. Yn 1670 wie’t Gerdyk sa groeid, it krige suver wat statuer. Doe waard der sels in skâns om hinne smiten. In skâns, in muorre, jim kin’m noch wol fan Berlyn. Der wennen yn Gerdyk dus gjin ealju, nee de doarpslju sloegen sels mei syn allen sa’n  skâns. Dêrom hjit it kultureel en sportsintrum wat letter it hert fan de Gerdyk waard ek de Skâns. Tsjintwurdich Skâns Cultuur en Sport. Dat it hieltyd grutter moast wie omt de Gerdyk hieltyd grutter waard, mar benammen omt it sa’n grut efterlân hie. Drachten wie noch twa ûnnoazele gehuchtsjes. Hearenfean fielde him te grut. Se woenen of koenen it net bestrike Dus rêdde de Gerdyk der sels mei. Sa waard it grut. Foarbyld fan de hjoeddeiske tiid, wûnderkuorbalklub LDO fan Terwispel  kaam yn de earedivisy kuorbal en dan siet alle sneinen de sporthal de Skâns yn de Gerdyk oant de nok ta fol. En stie hielendal op de kop at Kees de Boer syn fantastyske kontradunk die. En like frjemd en  moai, it siet der ek altyd fol at Rients Gratama der wie, of in toanielstik of in diskusjejûn. Je hoege by de Skâns der noait frjemd fan op te sjen at in pear makelders in jûn organiseare oer hûzenkeap yn de perioade dat net ien in hûs keapet en ferkeapet, likegoed sit de saal fol. Ik wit net, it hat wol wat. Theaterseal, musykskoalle, sporthal. Parkearromte, folk genôch, gesellich. Dêrom wie ik ek slim fernuvere dat der ynienen faillisemint útsprutsen is. De stichting tot behoud en exploitatie fan de Skâns is faillyt. Ald direkteur Kees Konstapel moast noch sinten ha en dy wienen der net mear. Wy sitte oan it subsydzjeynfuus fan de gemeente, sei foarsitter Wytze Kooi. Lokkich kin alles gewoan trochgean, mar der moat wat barre dat is dúdlik. Konstapel is noch net betelle. En dus wie it moai dat der jûn ynformaasje wêze soe fan de gemeente om út te lizzen wat der fierder barre sil. Mar ik sei no al twa kear wêze soe. De ynformaasjejûn komt net. Sju en no wurd ik erchtinkend, mar miskien is dat ek net goed. Mar der is yntusken, dat ha je net by alle failliseminten mar by sokken wol, der is in aksjegroep yn it libben roppen: wy wolle de Skâns hâlde. Fyftich jier sok goed wurk dien en dan fuort. Dus Luit Beenen hie jûn stean gien, hie in geweldige rede hâlden, hie it folk joechheiend efter him krigen, elk leit in tientsje op tafel en de gemeente moast dat fierder mar regelje. En dat wol de gemeente dus net. De gemeente wol nammentlik de Skâns ôfbrekke. Dy hat plannen om in soarte fan Skâns oan de oare kant fan de dyk, by de Harmsmaskoalle wer op te bouen. Miskien wol se de sport en de kultuur wol út elkoar skuorre. Miskien seit wethâlder Piet van Dijk wol, dat de kultuurlju mar nei Hearrenfean of Drachten moatte. We witte it net. De gemeente seit dat fanwege it faillissemint en wat der om hinne hinget alles nochris op’e nij besjoen wurde moat foardat der in ynformatieve gearkomste hâlden wurde kin. Mar dan hat de gemeente dus mei opsetsin de Stifting faillyt gean litten, om ta in hiel oare opset komme te kinnen. Want Wytze Kooi sei terjochte subsydzjeynfuus fan de gemeente. En in gemeente kin dochs net faillyt???

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s