Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

12 12 13

Eins kin it my hielendal neat skele wat it grutste part fan de befolking it wichtigtse fynt fan wat der bard is yn 2013. It lillikste frommis, sels it moaiste, ik sjoch net iens nei de foto. De handigste dit en de gaadlikste dat. It kin my absoluut neat skele. De bêste fuotballer, sil my woarst wêze, is der in nije Abe Messi of sa. De bêste nijslêzer ha se lêsten beneamd, ik ha de man noch nea sjoen, want dan ha’k de tillefyzje noch net oan. Al dy oare spultsjes mei bêste sjongers of houtsjetoutsjespringers, ik ha der neat mei. De bêste Fryske dit of dat ek net, want ek wy bin yn dizze provinsje al hiel sterk dwaande mei allerhande ûnnoazele ferkiezings, besteegje dat jild dan mar oan de bêste krystbeam of sa. Der is net it bêste Fryske bedriuw, it is allegear absoluut net mei elkoar te fergelykjen. Datsoarte fan saken is altyd folslein subjektyf, en subjektyf is in rotwurd. Dat bringt my dan by de ferkiezingen dy´t ik wol moai fyn. It moaiste nije wurd fan it jier. Somtiden kin je it sels net iens betinke, en dan sjoch je sa’n wurd stean en dan tink je o ja, dat kaam yn ús taal. Taal is libben en dêr moat sa no en dan in nij wurdsje yn. Eartiids, 1985, kaam der sels in Frysk wurdsje yn it hollânske wurdboek. Klune. Der ha dy hollanders inkel mar foar dat je de redens útdogge en in eintsje rinne, of de hoezen derûnder en dan fan iis nei iis. Of noch moaier:  se lizze der âlde lippe lappen del, en dêr kin je sa oer hinne wâldzje, soms hiel Kimswert troch. Mar da´s allegear fierstentefolle wurden, wy sizze klune. En dat kaam dus sels yn it wurdboek. En der soe noch wer in  Frysk wurd  yn dat wurdboek kinne, it bêste wurd neffens my fan it jier 2013. No ja, en it kin noch duorje oant 2018, want it is it wurd mienskip. Ja, wy koenen dat wurd yn Fryslân allang, krekt as klune. We ha lytse mienskippen, doarpen, 419. Mar doe ha dy Ljouwerters dat fan ús ôfpakt en se maken in hiel bidbook fan dat wurd, en ynienen wiene se kulturele haadstêd fan Europa. Mar dat is dus net Ljouwert want Ljouwert sit ferhûdûke yn de Fryske mienskip dus wy bin it mei syn allen. Sa linkendewei, efkes stichtelik, bekomme we dus wat fan ús egosintrisme, fan ús individualisme en roppe mienskip mienskip, op de skouders fan Jannewietske. Ja ik wit wol, dat egosintryske gefoel is noch net hielendal fuort, elkenien ropt yn de moanne desimber kom op keapje by my. Net by him. Dus de kommersiële types wite noch net wat mienskip is, mar dy fiede we wol op. Want dat wurd moat yn it hollânske wurdboek, by ús stiet it al. Al hat it hjir ek wol fuort west hear. Mar it tinken fan lit we it mar mei ús allen dwaan en dan goed wint it stadich fan doch it mar allinich sa goed at je it kinne. En it is wol goed dat it no yn it wurdboek komt, want de sosialisten dogge ek neat oars as egosentrysk tsjin de oaren oanknalle. Sterker, PvdA en VVD hâlde in wedstriid wa’t de measten hat dy’t de mienskip besoademieterje. Mienskip. Mar no is it ferdoarje hast 2014 en no is der in wurd wat it wurd mienskip oan de kant skoue sil. Omt Obama mei dat wurd de betsjutting fan Mandela oanjoech tidens de betinking. Oeboentoe. Je kin inkel minsk wêze yn de relaasje mei oare minsken. Sa leine se dat út mar dy radiopresintatoaren wolle altyd noch mear witte en fregen om in fertaling en doe sei immen dat wurd wat se yn Ljouwert brûkten om kulturele haadstêd te wurden. Mienskip. Dat jout it it bêste oan. No ja dan wit je presies wat der bard. Mienskip komt net yn it wurdboek. Der komt Oeboentoe yn. Der is ommers ek al in skoalle yn Pumerend dy’t sa hjit. Dus komt Oeboentoe yn it wurdboek. Sterker, it twadde bidbook fan Ljouwert sis mar Fryslân as kulturele haadstêd krijt as titel oeboentoe. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s