Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

16 12 13

 

Jûn dan komt de noardelike rekkenkeamer nei de steaten fan Fryslân ta. Nee, der hoege jim net fan te skrikken, dat dogge se sa no en dan. En noardelike rekkenkeamer klinkt wol hiel grouwélich en yndrukwekkend, mar der is inkel mar in noardelike rekkenkeamer omt je oars oer in pear jier fan trije rekkenkeamers wer ien grutten meitsje moatte soene. En we ha no ienris de erfarings dat alles weryn we no gearwurkje moatte mei Grins en Drinte dat giet net goed. SNN, Meldkeamer, Keamer fan Keaphannel, gean sa mar troch. Dat hat foar it oare neat mei provinsialisme of sa wat te krijen. We meitsje dêr fansels grappen oer, want we kinne sa min mei dy Grinzers, mar it slacht nearne op. Gjin inkele organisaasje dy’t je yn elkoar stringelje rêdt it op dat sûnder skansearjen te dwaan, ek net yn dizze provinsje. Nim no mar gemeenten, dy smite we by elkoar en se ha daliks ûnderling al spul oer hokker taal at se brûke. En sjoch mar nei Rabobank/Friesland Bank, soks wol gewoan net. Dus wie der in minister of wierskynlik in amtner hiel ferstandich en sis we meitsje daliks ien noardelike rekkenkeamer. Of der wie te min wurk per provinsje, dat kin ek. Likegoed komt de noardelike rekkenkeamer jûn nei de steaten fan Fryslân. Fan’t jier seine se ek al in kear dat de oankochte grûn yn it gebiet fan de sintale as fierstente rij en fierstente djûr wie. Dêr ha de steaten trije moanne fan yn de skiterij sitten, en doe ha se tasein dat it oars sil. Hoewol, dat tefolle oan grûn sei Jehannes Kramer de deputearre, dat wie foar de byldfoarming fan it lânskip yn dat gebiet. Ja hy moat fansels natoer ferkoue, da’s in bealch fol wurk. Eat wat noardelike rekkenkeamers net goed ynskatte kinne fansels. Mar ik bin eins wol hiel benijd at de grûnoankeapen no wat netsjeser gien binne, ik soe’t dy rekkenkeamerlju wolris freegje wolle. Mar we sille it net witte. Want wy meie der net hinne as de noardelike rekkenkeamer manlju hjir komme. Mar se prate inkel mei de steateleden fan sân oant acht oere yn de Thorbecke Akademy. Oer harren befiningen mei it REC. De reststoffenenergiecentrale in  noardelike rekkenkeamertaal, want dy rekkenkeamer wurdt foarme troch in net mear betelle perfesser fan de Grinzer universiteit, ien dy’t ynhierd wurd fan de rekkenkeamer fan de gemeente Haarlem en in VVD riedslid út Ommen. Jongens, mar wy ha’t dan oer de ôffaloune, in wurd wat de Harnsers al hast útsprekke kinne, want dy rinne der wolris tsjin te heap en ha eins gjin gemeenteried mear omt dat ding dêr stiet. Om kertier oer achten witte wy ek pas wat de steateleden in oerke earder al heard ha. Mar dy steateleden ha gjin kâns om wat te sizzen, se kinne inkel harkje nei de rekkenkeamerlju. En  wy krije de rapporten hjoed al mar ha in embargo, mar de steaten kin net efkes hurd noch wat feroarje. Wat is de sin dan dat we der net by wêze meie en dat dy earme rekkenkeamerminsken twa kear itselde ferhaal fertelle moatte. Of it moat sa wêze dat de steateleden in oar rapport krije as wy, as Harns, weryn saken stean dy’t wy net witte meie. Ik kin gjin oar doel fine om soks sa yngewikkeld te dwaan. Mar yn de boppewrâld is it miskien wol gebrûklik hear, ik wit net. Sju, healwe sânen mei elk binnen komme yn Thorbecke. Dan is der ûntfangst. Mei kofje en snacks. Dan in oerke de lêzing fan de rekkenkeamerlju. En dan fan acht oant njoggen oere noch in oere in hapke en in drankje. Dus in oerke wurk en oardel oere sûpe en frette. Ik sil de noaderlike rekkenkeamer ris freegje oft se net wat dwaan kinne tsjin ditsoarte bûtenspoarigheden. Foar it oare hat it gjin doel wat jim sa no en dan dogge, jongens en dat is dizze kollum jûns ek noch útstjoere om healwe alven, want dan is yntusken al bekind dat de noardelike rekkenkeamer Fryslân op’e bealch jout, temear omt dy ferline wike it REC noch mear romte joegen. Mar dat mei’k no noch net sizze.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s