Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

17 12 13

 

De kommende trije opienfolgjende dagen wurdt der ôfskied naam fan de trije gemeenten dy’t opgeane yn Fryske Marren, dat no earst offsieel noch Friese Meren hjit. Wy folgje dy dagen. Hjoed is Skarsterlân oan bar. Skarsterlân is in útfynsel fan de weryndieling fan 1984. Dêrfoar wie’t foar in part in wat mei rêst littende flecke mei wat greide der om hinne west, se neamden it Haskerland. Sûnt 1851 sliepte it. Inkel ien wat roeriger perioade dy’t ek noch al efkes duorre, want Wytze Hoekstra waard yn 1950 de boargemaster en soe’t in dikke 20 jier bliuwe. In rûch man, folksman, sylde 16m2 yn de wedstriden. In VVD-er, mei ambysje. Sjoch noch marris nei de ôfslach de Jouwer-west. As je dêr boppe op steane sjoch je rjocht nei de Douwe Egberts fabrieken. It hat fansels de bedoeling west yn de 70-er jierren om de dyk rjocht troch rinne te litten foar dy grutte weinen fan DE, dy’t no troch it doarp skarrelje moatte en dêrom de kofje al in kwartsje djoerder ha as de oaren. De rotonde by de Jouwer, kaam yn 1973, wie doe de grutste fan Europa. Want se wiene hjir wat fan plan. Poe. Yndachtich wat der yn Drachten barde, wer’t Philips in lyts doarp ta it twadde plak fan  Fryslân makke. Sa woe Wytze Hoekstra de Jouwer as machtich sterk mulpunt fan Fryslân meitsje. It slagge net, de Jouwer bleau in leaflike wenflecke, moai yn‘e midden, de minsken wurken rûnom yn de provinsje. En Phlip Houben, letter nei Maastricht wer’t hy foar minder opskuor soarge as de hjoeddeiske kloons, en Michel Marijnen waarden de boargemasters werûnder de Jouwer wer leaflik ynsliept wie. It wie dan ek sis mar logysk dat Doniawerstal der by kaam yn 1984. Hoewol, dêr hienen se doe in wethâlder, Willem Hoornstra, no dy wie persistint tsjin sa’n fuzje en gie dan ek lulk fuort, om letter werom te kommen as boargemaster fan Gasterlân Sleat en him doe frijwillich sels oan te bieden bij Skarsterlân. Doniawerstal wie noait mear as Langwar en St Nyk. In opliedingsynstituut foar boargemasters. Yn it ferline gienen se meast fan Doniawerstal nei Haskerland. Michiel Alma, wie de lêste boargemaster fan Langwar. Hy wennet der wer, is der letter werom kaam nei in auto ûngemak. Hy sit handikapt yn in karke en hat in singeliere freugde om him hinne. Mar praat yn it ferline. Hy gie nei Borculo yn 1984 want Marijnen, út in âld bestjoerderslaach waard fansels de baas fan Scharsterland. Ja ja, eksakt deselde flater as no, Scharsterland, letter wer oer- en omsette yn Skarsterlân. Dat sliepte earste noch troch,  mar ik moat earliik sizze dat dêrnei ûnder it bewâld fan Bert Kuiper it de twadde kear wie dat de Jouwer op ferskate doaren kloppe om, harsels mear te profilearen. Heeh, jonges wy hearre der ek by. Mar tagelyk ynseach dat de ideeën fan Wytze Hoekstra allegear net helber wie. Kuiper hat geweldich wrotten om de rotonde werom te bringen tot ien fan de lytsten fan Europa. En dan mar mei it marreguod yn de gemeente, mei netsjes de saak dellizze, romte, natoer in goede sier meitsje, goed gasthear wêze wolle, moai wenjen. Inkel St Nyk rûn wolris foar syn musyk út, en hie al in bedriuweterrein stean, doe’t Kuiper noch miende dat al dy bedriuwen oan de bûtenkant fan de Jouwer komme soenen. Je wittte nea wat der efters de skerms bard, mar nei bûten ta wie Kuiper altyd in goed funksjonearende boargemaster, en dan bliuw je 21 jier op it selde plak, wenje je noch yn Langwar, hast njonken Alma, mar ha je dus leafde foar it gebiet. En dat mis ik wolris by kollega’s. De Jouwer, Langwar en St Nyk en wat lytse doarpkes, se skoue no troch mei Lemsterlân en Gasterlân Sleat. En dat is eins krekt wat te min foar de ambysje dy’t twa kear Haskerlân en Skarsterlân ynfearn is, te lyts, te iensidich. Mar it leit wat frjemd, dat de Jouwer. Ynklemd tusken Hearrenfean en Snits. Dy beide hienen net in grut belang by de Jouwer. Mar Skarsterlân woe dat sowieso net. Se wolle net ûnder ien lizzen gean, want se bin grutsk op harren gebiet en wetter, eigen baas. De erfenis fan Wytze Hoekstra en Bert Kuiper.   

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s