Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 12 13

 

Jûn nimt Lemsterlân ôfskied fan Lemsterlân. Rekkenje mar dat dêr in soad nostalgie by komt, se fersûpe der altyd yn it besjongen en bepraten fan it ferline. En oer it gemeentebestjoer prate se noch alle dagen at se dêr mei syn allen by de brêge sitte en skôgje wat der allegear bart yn harren Lemmer. Ja der bin ek noch doarpen yn Lemsterlân, mar dy telle net mei, it giet inkel oer de Lemmer. It eartiidse yngreven fiskersdoarp is no in knooppunt fan de Nederlânske binnenfeart, oer de Iselmar de slûs en dan troch nei Grins en Dútslan. En werom. Mei de rekreaasje lyksa. It  wie yn de oarloch it lêste en it earste punt nei en fan Hollân. Lemmer foarby bin je oer de dyk daliks yn de polder. Dat waard net krekt as at Fedde Schurer woe ús  Fryske Súderleech, mar de Noord oost polder. Foar ús allegear is Lemmer dus altyd wer, oer de wei of oer de see kommend, ha we bin wer yn Fryslân. Dan hikke we trouwens al efkes, want Lemmer hat it yn de 60-er jierren fansels hielendal fout dien en in bedriuweterrein delklapt by de twadde pier en dat hie sizze we no in rekreasjepier wurde moatten. En dan letter dy skipswerf der ek noch tusken prutse, hie dy rommel allegear fierderop by de slûs dien. Mar Lemmer hat ûnfoldwaande polityk bestjoer hân. Alle sân , acht partijen hiene ien of twa sitten. In ûnmooglike sitewaasje, altyd kompromissen slute moatte, dan wer mei de ien, dan er mei de oar. Freegje Rutte mar hoe swier at dat is, no en dy hat it noch makliker as it de Lemmsters it hienen. It wie wol gesellich hear, al dy bloedslaggen dy’t der yn de gemeenteried wiene, hoefolle bin der wol net oan de kant skood. Mar it hie gjin rindemint. It woe noch wolris dat se nei de ried allegear nei de Wyldeman gien en dêr in soad bier en in pear beslissings pakten, mar mear wie’t net. Wietse de Haan, de âld wethâlder kin der smaaklik oer fertelle, mar jankt soms ek at er sjoch hoe’t je hieltyd mei elkoar ôfspraken  meitsje moatte om dan wer de ien en dan wer de oare gelyk te jaan. Dêr komt noch by, Wietse syn heit wie ek kommunist, dat siet noch wol wat yn dy fiskers, dat der no noch in kommunistysk bastion sit. We ha noch net ûntdekke kinnen oft dat komt troch Rinse Visser, of at dy aanst in kear ophâldt dat dat kommunisme ek fuort is. Sa hat der dus ek fan de tritiger jierren ôf in SDAP boargemaster west Krijger hjitte de man, mar yn 1966 kaam Feite Faber, in CHU-er. Doe de âld wethâlder fan Ljouwert Geart Eygelaar, in CDA er, doe kaam Jo Bosma in D66 er dy’t letter út dy partij stapte, wylst der gjin D66 ers yn de ried sieten en no siet Stellingwerf der en dat is in stille Christen Unie man. De bûtenwacht hat dus ek net in fêst polityk patroan yn Lemmer ûntdekke kinnen. Feite Faber dêr lusteren de Lemsters noch wol nei, mar Eygelaar en Bosma ha der gjin line yn krije kinnen. Dêr komt by dat Lemmer gjin romte hat. Oppompt is alles troch de dutske ynfasie fan de ein sechtiger jierren. At je no twa tekeninkjes sjogge fan in needsaaklike rûnwei. Ien troch de polder en dan oer of ûnder de baai troch foarby de slûs. En de oare hielendal sawat by Follegea lâns mar dy moat dan ûnder de Brekken troch. Wurdt ek neat, kostet tefolle, hear mar nei de mannen by de brêge. Lemmer kin him net mear bewege. Baaiplannen ha it doarp ferskuord yn twa  partijen. Lemmer hat ek al ris sjoen nei de polder, kin we dêr net better mei fuseare. Doe sei de brêge nee. De brêge sjocht de boatsjes nei dy’t Fryslân yngean, dy kant moat we út. Mar jongens at jim dan by de Jouwer telânne komme, by Arie Aalberts. Da’s wol goed jong, dan kin we ússels wol rêdde. Want de eigen polityk docht no net mear mei, jong. En dan sjonge se oer dat se de Lemster lui binne dy’t sels bepale wer’t se hinne farre. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s