Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 01 14

Der is in wûnder bard. Dat wûnder komt hjoed ta útering. Jim witte, sûnt in pear dagen lyn bistiet de gemeente Boarnsterhim net mear. It gemeentekantoar stie op it terrein  by de Halbertsmafabrieken. Moai oan it wetter ek noch. It is eins it âlde kantoar fan doe’t Halbertsma noch in folweardich bedriuw wie. Net útwrydsk, mear handich. It like eins hielendal net op in gemeentehûs. It hjitte dus ek kantoar. Dat gemeentekantoar soe dêr dus no leech stean. Nee. It wûnder barde.  Fannemiddei om trije oere wurdt it wer iepene. It ienige wat der barre moast wie in nij kleedsje oer de flier, der leine blykber dochs noch wat tefolle smoarge stappen fan de Boarnsterhimmers. Mar it is in wûnder dat sa’n gebou net jierren en jierren leech stiet. En dat eknet  noch meardere gemeenterieden der eineleaze gearkomsten oer ha soene. Mei as alternatieven ôfbrekke en hûzen boue, jaan oan de soarch, of in nije brûker sykje en ferkeapje. Dat lêste is eins nearne bard. Hjir al. Sterker, dy nije brûker iepent fannemiddei al. Om trije oere. Wa? Eee de FUMO. Wat is de FUMO. Eeeh de Friese Uitvoeringsdienst Milieu en Omgeving. Moaie namme , at je him y it Frysk lêze, bliuwt it FUMO. Wat dogge dy dan. No letterlik: de meiwurkers hâlde har dwaande mei de adfisearing en hanthavening fan milieuspesialismen  lykas grûnsaken, lûd, juridyske rotsoai en fjûrwurk. O salich, dit binne de lju dy’t de Fryske wrâld skjin meitsje moatte fan dat oerstomme fjûrwurk. Want de loft is hjir ommers noch skjin, we ha hjir en dêr in pear moaie lûdswâltsjes, we wyldpisje net sa bot mear en we sizze om it wurd duorsum. Dus is fjurwurk it ienige wer’t dy lju ha mei dwaande hâlde hoege. Geweldich. Tenei ek de lêste twa dagen fan it jier rêst foar bisten, âlden fan dagen en de sikenhûzen. Goed ûnthâlde, jo wurde tenei oppakt troch de FUMO at jo in rotsje ôfsjitte. Prima, ik hâld no al fan dizze tsjinst. Se komme ek noch mei precies 120 man nei dat âlde kantoar fan Halbertsma dat in tiidsje gemeentekantoar wie foar 120 man, dus eins feroaret der neat. Elk hat dêr wol in plakje, kantine foar tusken de niddei en ik ha begrepen dat der tsjinstfytsen binne om efkes yn it doarp te sjen, want de FUMO wol assimileare, dat ha dy Boarnsterhimster amtners nea wollen. Op de boargemasterskeamer komt ene Marinus van der Wal te sitten. In headhuntersburo hat dizze man, dy’t wurke yn Urk opsocht om dizze tsjinst te lieden. Ho. Headhuntersburo? Dus dit is in djoeren. En wat blykt, dy man hat rûnom erfaring, yn it noarden. Inkel net yn Fryslân. Hoegt noch neat mis mei te wêzen, mar at we no sa seure oer dat de bou yn Fryslân neat fan Thialf krijt, moat we dan yn dit gefal ek net efkes seure. Dat Fryslân hjir wol wat oer te sizzen hie, of sa, en hie der hjir noch net ien omrûn dy’t in hekel oan fjûrwurk hie yn ús provinsje. Mar ja dan stiet fierder op dat FUMO wurkje sil as in yngenieursburo, en ja dan is it dudlik, dat kin we fansels net. FUMO wurket foar gemeenten en provinsje, der bin se troch ynsteld. It is in soartich mienskiplik orgaan, Isabel Diks wie foarsitter, mar no’t Ljouwert seis wethâlders krijt hat se it sa drok mei oerlis, dat Marga Waanders it oernimt. Milieu is in frouljussaak. Eartiids wie té setten harren taak, tsjintwurdich milieu. Mar no ha’k ek lêzen dat Waanders sa no en dan neat te sizzen hat, want je kinne FUMO ek ynhiere. Partikilier. At je fine dat buorman te lûd sjongt ûnder de dûsj of sa. Dus in oerheidsynstânsje giet de merk op. Dat is hjir yn dizze provinsje noch nea fertoand, dat Beleef Fryslân bygelyks ynienen ien wettersportbedriuw delset op Boot Dusseldorff of sa. Mar FUMO mei dat no dus wol. Miskien wie’t wol nedich, miskien wie dat wûnder dat gemeentekantoar fan Boarnsterhim wol hiel djoer.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s