Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 01 14

 

Roel Sluiter wol, hat hy yn syn neijiersrede sein, boargemaster fan Harns wurde. Ja dat is hy al, mar yn alle stikken stiet waarnimmend boargemaster, en dat stiet sa………. suterich. Krekt as bin je it net echt. Wylst dochs de sjoernalistiek, in lui berop, dy skriuwe en prate nei twa wike noait mear oer waarnimmend, dus leaut hiel Fryslân dat Roel Sluiter gewoan boargemaster fan Harns is. En no ynienen wol er dat ek noch wer wurde. Roel Sluiter hat de suksesfolle karriêre  fan de measte Nederlanske politisi hân. Skoalmaster, skoaldirekteur, riedslid, wethâlder en no waarnimmend boargemaster. Logysk. Sju, in ûnderwizer is baas. Dy kin sizze sa en sa moat it. Eartiids dienen de bern dat dan, no dogge se krekt wat oars, mar dat makket neat út. No wie Sluiter CPN-er, kommunist. Ik wit net wat foar kommunist. Je hienen nammentlik twa soarten. De iene helte liet elkenien meiprate sadat der noait wat fan telânne kaam. De oare helte sei wat oaren dwaan moasten en dêr kaam dus ek neat fan telânne. No ja en sa’t it mei de measte kommunisten bard, at je dan direkteur wurde fertsjinje je wat mear en dan wurd je dus neoliberaal en kom je by de PvdA. Dan wurd je riedslid en dan fertel je de wethâlder wat der barre moat, oars stjoer je him fuort. Dan wurd je sels wethâlder en dan sis je nee tsjin it riedslid  en  ja tsjin alle oaren. Mar dan komt je swiere  perioade. Je hâlde op mei wethâlderjen. Ik bedoel sa’n Crone rint hieltyd foar de musyk út, wylst je sels noch oan it spyljen binne. En dan wurdt je beliedsadfiseur by in skoalle. Guon joue har dan del, en sliepe nei it pensioen ta. Sluiter net. Der wie nimmen dy’t nei him harke at hy wat sei, lit stean dat se dienen wat hy sei. Dus waard hy waarnimmend boargemaster. Yn Harns wiene en bin se sa ferdield dat hy dêr wer baas waard. En dat befalt sa goed dat hy dat wurd waarnimmend derôf ha wol. Hy hat as reden opjûn dat Harns selsstannich bliuwt. Dat is fansels net sa. Teminsten, kommissaris Jorritsma hat sein dat se fuseare moatte. Ja, dy man is besoarge, Harns bliuwt as ienige te lytse selsstannige ienheid oer. En Jorritsma hat kontraktferlinging krige, dus Fryslân giet him wer bot oan it hert. Dus Harns ek, al prate dy Harnzsers hiel oars oer dat dus. Annigje Toering lit foar it earst nei trije jier wer hearre dat de FNP bestiet en ropt, dat moat se yn Harns sels witte. Mar beide ha der neat oer te sizzen, dat hat Tineke Schokker, mar dy hear je net. Dus dy Jorritsma rint op in evenwichtsbalke, op hite stienkoallen, je wolle it net leauwe. Want dy sit alderheislikst yn dy boargemasters om te griemen. De waarnimmers waakse hurder as de echten, dêrmei jout Jorritsma oan: fusear no jonkjes, toe no. Mar hy moat no ek echte boargemasters wer waarnimmer meitsje, mar hy  hat ek in pear echten yn in wachthokje smiten. Der is in dizenich netwurk geande efter de skerms. At in gemeente noch weryndiele moat, in waarnimmer, dy’t wer yn it jiskefet kin. At in gemeente fuseard is, moat de waarnimmer echt wurde wolle, mar dat moat dy ried yn wêzen no al goedkarre. Dus gjin ferwûndering oer Aalberts yn Marrelân. FNP krige in Fryske namme en it CDA krijt de boargemaster, Aalberts is samer wer echt.

Mar aanst yn Dantumadiel komt in waarnimmer dy’t net echt wurde wol, want Marga Waanders moat dêr aanst net in konkurrint by ha fansels. Sa slûpt Jorritsma fan de iene nei de oare, skout mei minsken, oerdondert rieden, en it sil ek wol dat er boartet mei it boargemastersfolkje. Want hy bepaalt it dus. Hy hat it yn hannen. Dus wurdt Roel Sluiter net echt, bliuwt waarnimmer yn de gemeente dy’t neffens Jorritsma aanst fuseard. En dan komt Sluiter op wachtjild.   

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s