Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

09 01 14

 

We moat it efkes oer hynders ha. Dy stean de kommende twa dagen nammentlik sintraal yn Fryslân. Alle hotels yn Ljouwert sitte oan de nok ta fol, mei Dan Brown en prinses Beatrix. En miskien noch wol in pear mear lju. Moai. Alles wat optheden yn Ljouwert bart wurdt trouwens in hype. Ik tink dat der ynkoarten tûzenen lju op de Hemriksbrêge stean at der wer in skip nei Koopmans giet. Ljouwert no dus fol minsken en hynders. En dy hynders hingje hjir noch wol oant 2018 ta om. Want dy skine benammen yn it ramt fan kulturele haadstêd de wichtigste lûkers te wêzen. En eins sit ik my ôf te freegjen hoe’t wy Friezen dêr no by komme. Ik bedoel, in pear tûzend jier lyn en lang bin we oer de hiele wrâld ferneamd wurden troch de Fryske kij. En dan komme we no ta it hillige hichtepunt fan it Fryske bestean en dan stiet der ynienen in hynder oan te skuorren. En stean  dy geweldige kij op stâl. Want yn de greide stean se net mear, dy stiet ommers fol mei guozzen en hynders. Mar yn de rest fan de wrâld stean der Fryske  kij. Us Fryske kij. Grinzer blaarkoppen, Veluws readbûnt, de lju woenen it net ha. Fryske kij. Se ha der letter rûnom op de wrâld wol wat yn omkrúst, want dy Fryske kij wiene sa sleau as de soademieter, de joegen fierstentemin molke. Ja, omt wy dat net nedich hienen, hjir wie molke sat. We dronken it út it jaar wei, wat soenen we dan noch in pak keapje by de Jumbo. Mar doe blykte dat net elkenien mear op’e buorkerij kaam en dat de boeren ek noch de kij binnen hâlden. No doe moast der mear molke yn pakken komme en moasten de Fryske kij omboud wurde ta produksjeapperaten. Sjocht der wat minder himmel en karakteristyk út. Mar hawar. De tiid no. By in hynder gie’t oarsom. In hynder wie eartiids in produksjeapperaat. Der wiene eartiids nammentlik noch gjin trekkers. En de boeren koenen op’t lêst dy eiden, strontfersprieders en ierappeldolmasjines net mear lûke en doe moast der in hynder foar. Mei hynders koest noch wat. Ast in hiel moai hynder hiest as boer, dan smiest der sneins in tekken oer en dan luts er de seas nei de buorlju of de keuring. Rosetsje yn in hynstenoastergat, in soad jild, drank en froulju. Lûkhynders waarden Belgen meast, tsjintwurdich ha we der Poalen en Roemenen foar. En de eale Fryske hynders kamen op sjo yn de greide en griemden der sa yn elkoar om dat der likefolle insest by de hynders wie as earder by de eallju yn Fryslân. En yn beide gefallen gie dat om sinten. Se ha dat wat feroare en no freget in merje earst in dna bewyske fan de hynst. En bin se al healsuster of healomke, dan klapt de merje de hikke ticht of hat pine holle. En at aanst yn 2018 dy miljoenen lju nei Ljouwert komme om dy hillige Fryske kultuermienskip te besjen, dan stean der allegear jonge insestleaze sûne hynders te snuven by de hikke op de Ofslútdyk. It spektakel fan jûn, net heitehynder, net hynst, mar Faderpaard sil dan op’e nij útfierd wurde yn de tún fan it nije provinsjehûs by Eagum, trijeris sa grut as no. Sadanich dat sels Dan Brown fan syn frou har hynders falt fan fernuvering. Der is ien swierrichheit. Der riidt in steamtrein fan Eagum nei Ljouwert. En dan wurde al dy lju der útlitten by it stasjon en dy rinne dan oer it Saailân, god heavens wat a museum, lâns de Harmonie, och heare Rients Gratama jûn noch ris, en dan nei de Groene Weide, Abe de Vries reed eerst over de streep, maar Sipke Castelein was eerder bij de tap in 1933, en dan komme se lâns it  byld fan ús mem. Wat in frjemd bist sizze se dan. Want se witte yn Fryslân hynderlân net mear wat in ko is.   

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s