Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

10 01 14

 

Bliid dat dizze wike hast ôfrûn is. Je skarrelje hieltyd healdronken fan it iene ein fan de provinsje nei it oare, krije amper normaal iten, je frette je dus dea oan bitterballen en fulde aaien en dy rotsoai. It is nammentlik de wike fan de nijjiersresepsjes. Je moat dus al dy gemeentes ôfreizgje, wylst je al dy lju al sjoen ha op de resepsje fan de provinsje. Wat eins in resepsje fan de kommissaris is, want de deputearen stean yn in hoekje te gnuven. Mar ja, oan de oare kant moat je wol nei dy gemeenten ta, want it is de ienige kear yn it jier dat dy boargemasters harren eigen miening heare litte, no dat mei wol yn’e krante. Somtiden komt it dêr ek noch yn, like logysk bin se net altyd. Boppedat bin der op 19 maart ferkiezings yn dy gemeenten en de start fan de kampagnes is fansels sa’n nijjiersresepsje, want dêr komme inkel de lju dy’t noch wol wat gedoente mei de gemeente ha. Want dy ha noch neat te dwaan, nimmen is oan it wurk, elk reizget by de nijjiersresepsjes lâns. Mar net inkel de gemeenten sette harsels del, oaren dogge dat ek. Bekind is yntusken al de ôfgeleide fan de provinsje, de FNP. Mar dy djipFriezen âldehoere altyd sa yngreven, rikke ek noch allegear folslein ûnbelangrike prizen út. Ik bedoel, se meitsje der sa’n wichtich barren fan, kin dat net better sûnder it affysje nijjiersresepsje. PvdA docht dat moarn, mar frjemdernôch bin dy it hiele jier mei elkoar yn de slach, diskusieare altyd, mar moarn bin se fleurich en ha alhiel gjin miening mear, miskien wol laddersat fan alle borrels dy’t se fannewike al hân ha. Undernimmers, altyd yn foar de nutteleaze borrels, se komme omraak by elkoar. Hindert neat, nimmen wurdt der troch steurd, lit se mar gewurde. Keamer fan Keaphannel wie eartiids noch wol gesellich, mar no moat je nei Grins. En da’s te fier fuort, dan fergriem je tiid oan autoriden en da’s dochs al net te dwaan at je safolle borrels krije. Mar skoallen, aktiviteitengroepen en soksoarte dingen hâlde optheden allegear nijjiersresepsjes. We ha lokkich foar net alles in útnoeging krigen, oars wie dit programma net iens ta stân kaam. Sikenhûzen bin der ek altyd sterk yn, se ha mei de Krystdagen de measte healsike minsken nei hûs stjoerd en roppe mei in borrel wer in nije lading  deryn. Sju dy lju fan Energy Valley hiene de goede formulearing. Se noadigen ús allegear út want dan koenen we goed op de hichte komme fan alle nije noardelike enerzjy-ynititiatieven. Krekt as dat se ferline jier yn Grins in kear safolle gas ut Slochteren omheechhelle ha as ôfpraat wie, mar dat wie nedich omt se jild fertsjinje moasten om de skea fan dat tefolle gas opheljen wer betelje te kinnen oan dy rike Grinzers dy’t in skuorke yn de muorre krije. Mar de twadde formulearing wie ek goed: oude kontakten aanhalen en nieuwe maken. Dat is dus it doel fan nijjiersresepsjes. Dus gewoan wat mei elkoar âldehoere en sûpe. Dus net krekt as Monumintesoarch in nijjiersresepsje hâlde mei allerhande oare yn âld ark súteljende ynstellings en dan foto’s sjen litte fan 50 jier Cambuur. Ja dan wurd je fuort wer earne ynsmiten. Moat it wer earne oer gean. En dy oare monuminten,  Natuermonuminten, dat wie ek ferrassend. Dy rôpen elk op de Slotpleats yn Bakkefean. Op himsels moai, wat te ûnlijich waar, mar dan: ja we joue jim in bekerke sûkelarjemolke en dan kin we op it nije jier proaste. Proaste mei sûkelarjemolke. No ja. Mar de meast frjemde nijjjiersresepsje is fannemiddei om fiif oere. Ik kin my dêr gjin inkele foarstelling fan meitsje. Dy is fan it bisdom Grins/Ljouwert fan de roomske tsjerke. Hear jim dat goed. Bisdom Grins/Ljouwert en wêr hâlde dy dat? Net yn Grins of Ljouwert, nee yn it parochiehûs fan de Hillige Mattheus yn de Jouwer. Mar wat se dêr dwaan sille. In tsjinst. Segenje. In folslein riedsel. Hoewol, it bin roomsen he. Sil ek wol in borrel by wêze. Biskopswyn. Proast.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s