Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

16 01 14

 

We seure hieltyd oer dy gemeenteriedsferkiezings fan 19 maart oansteande, mar wit wol dat we krektlyn yn novimber, ek de 19e, ek al in pear ferkiezings hân ha. En dat we sa linkendewei wolris ferwachtsje meie dat dy hannel klear wêze sil, mei  kolleezjeprogramma’s en wethâlders. No ja, Marrelân is klear, 2 FNP-ers werfan ien mei in Gemeentebelangenferfke, en twa CDA-ers. De nammen dogge der net ta, want boargemaster Aalbers en siktaris Maarleveld bepale dêr aanst alles. Hearenfean is ek klear, dy smieten Gemeentebelangen wer yn it keunstsirkuit. PvdA (Coby van der Laan en de nije man Jelle Zoetendal) en VVD-er Siebenga dogge it no mei CDA-er Broekhuizen, dêr feroaret neat. Mar Ljouwert, Ljouwert ha we noch net. Dat is sa linkendewei in ûnbestjoerbere gemeente. Gjin  kolleezje en Crone is mar waarnimmer, komt dit wol goed. Ik kin jim gerêst stelle. It komt goed. Hiel ynkoarten fertelle se it ús. Mar goed komme is wol in hiel grut wurd.  Ljouwert giet nammentlik nei seis wethâlders. Seis!!!!! Ja Ljouwert wol ivich en altyd no alle listjes oanfiere en is wierskynlik dus aanst de ienige gemeente fan dy omfang mei seis wethâlders. It is trouwens net iens seis, mar fiif en in heal. No moatte de lju dy’t tinke dat fiif en in heal goedkeaper is as seis wol witte dat in heale wethâlder ek 100 persint wurket, want al dy gearkomsten bin ferdield en ferspraad oer de hiele wike, dus soks smyt neat op. It hat oan de oare kant ek neat mei needsaak te krijen. Se doare te sizzen, dat sil jim noch hearre, dat se der no in stik Boarnsterhim by krigen ha, no dat is dan in bealch fol wurk. Wylst al dy lju dy’t de lêste tiid yn ien dei yn’e wike de saak yn Boarnsterhim runden wol oars witte, da’s hielendal gjin wurk. Mar dêr giet soks fansels ek net om. It hat inkel mei dat âlde polityke gefoel te krijen mei ôfspegeling. De PvdA hat 13 sitten, da’s twa kear safolle as it CDA. En it CDA hat oardel kear safolle as Pal/Grien Links. Bryfke, potleadsje, rekkenje, neirekkenje op de tillefoan en ja dêr komt út 3- 1,5 – 1.  Tsjintwurdich kin je wethâlders earne oars weiskuorre. Ek wol lju dy’t gjin inkele polityk gefoel ha, mar wol goed wethâlderje kinne. Mar safier bin se yn Ljouwert noch net, útsein de al transferearde Andries Ekhart, mar foar it oare moat de lju fan de eigen polityke list komme. Dy bin toch op dy list kaam om gemeenteriedslid te wurden, toch net om wethâlder te wurden. Se bin der dochs om polityk de lju te folgjen dy’t bestjoerlik it bedriuw Ljouwert liede moatte. Eigen listen. Efkes sjen. CDA. Hie Thea Koster al, moat in healen by. Ja, fansels, Harry van der Molen, die wol o sa graach fansels. Hat it miskien wol betocht. Bemoeit him op twitter oeral mei, winsket ek elke kear Buma sukses. Ja dy wol wethâlder wurde. Ek al krijt hy de ûntankbere posysje fan heale wethâlder. Benijd at syn stim ek hieltyd troch de midden giet. Syn wurk wol. En dan herinnerje ik elke kear mar wer oan de nofteren boerefrou Monie Brandsma fan Blauhûs dy’t heale deputearre waard yn ek sa’n ûngelokkich scenario. No dy hie net iens oar wurk, mar se sei: it is heal net te dwaan. En wat docht Ljouwert no: presies heal wurk. Ljouwert hie status meitsje kinne, en sizze we dogge it mei fjouwer wethâlders. Henk Deinum en Andries Ekhart batste der altyd wol yn, Thea Koster CDA draaft wol mei, en Isabel Diks fan Grien Links soarget dat Ljouwert klear is om kulturele haadstêd fan Europa te wurden. Klear. Mar no, de PvdA moat der in folledige wethâlder by ha, dat sil wol in frou wurde moatte, no ja en Tamara  Bok stie as heechste frou op’e list. Mar wat moat se dwaan. En dan dy heale Harry noch. Hy kin fanwege syn gewoane wurk al net it ûnderwiis ha. Wat moat dy dwaan. No ja, Ljouwert hat de Alde Feanen der by krigen. At hy dat no dat. At se dêr dan mar oer fergaderje op de dagen dat Harry wurket.     

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s