Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

20 01 14

Je tinke ferline wike hat de Ried fan Euopa it losskuord, de definitive trochbraak fan it Frysk. Se joue de regearing, Plasterk, opdracht dat hy der foar soarget dat de juffers en masters op de skoallen beter ûnderwiis yn it Frysk jaan kinne. Dus it hiele ûnderwiis yn Fryslân moat  moarn begjinne mei de Plasterk kursus Frysk. De Ried fan Europa wie hjir fan’t simmer mei in grut tal minsken en se ha mei in soad minsken praat. Se sizze no ek dat de regearing ophâlde moat mei de regionale omrop, wy, Omrop Fryslân, krekt lyk te behanneljen as dy yn Grins. De Fryske regionale omrop moat in folweardige omrop wurde kinne, dêr moat de regearing jild en middelen en stjoertiid foar jaan. En sa wiene der noch in pear saken. Nederlân, alteast it Nederlânske regear krige in echte skop ûnder de kont, sa behannelje je de twadde taal net. En it joech ek neat dat Plasterk al tajoech dat er de belêsting op’e sodemieter jaan soe, omdat dy net in Fryske bryf ha woenen. Hy stjoert se noch net nei deselde kursus as de ûnderwizers, mar hawar, der kaam al wat los. Mar twa dagen en in wykein letter. Stilte. Djippe stilte. Der bar neat. Yn Grins gean se op de barrikaden foar in pear skuorkes yn de muorre, ramme mei trekkers in gemeentehûs yn elkoar. Roppe en raze. Mar wy bin stil, wy dogge neat, wylst we sa efter Europa oan Den Haach ynsjoue kinne en in ministerie fan it Frysk fan Plasterk sa ynnimme kinne. Mar we dogge neat… It ienigste wie dat we Sybren Posthumus wer seuren hearden dat we hjir sels bepale wolle hoefolle gas at we út de grûn helje en hoefolle at we dêr dan foar barre sille. Sielich. Dat easkje sels dy Grinzers net, en dy bin dochs op de penning. Wy roppe de ferkearde dingen en wy dogge neat. No ja neat, wy boartsje fansels wat yn de omhulsels fan ús taaltsje om. Wit jim wat we hjoed dogge. We meitsje nije Fryske wurdsjes. Dat dogge we no foar it fjirde jier. We hienen al hipperhapke fan insectensnack makke, hokker idioat yn Fryslân fret hjir brette ilebij. Doe kaam de ferpofamtner foar de weigerambtenaar, mar dy bin yntusken allegear al nei Sotsji ferbannen. En dat de bezorgbromfiets de bringbrommer waard hat ek noch nea immen brûkt. En no ha se wer tolve wurdsjes jûn en de moaiste fertaling derfan, springe we jûn huldigjend om hinne. Ik hie noch nea fan in sprokkegelovige afhaakman heard en ik wol ek net witte hoe’t dy yn it Frysk hjit, hy is op google net iens te finen. En we ha hjir gjin voedselsjoemel, we brûke gjin gluurcamera’s, we scheefwerke net, we ha gjin sletvrees en we wenje net yn in pauzewoning, we ha gjin kauwdrug, inkel gom en dá’s kaugom. Unnoazele hollânske wurden. Wat is no in knuffelcrimineel, criminelen bin   neffens Teeven altyd ûnaardich dan moat je se ek net knuffelje, dan stelle se yntusken stiekem je beurs. No ja crowdfunding, dat dogge we hjir ek wo, miskien wol goed dat dêr in Frysk wurd foar komt. Mar da’s mear in omskriuwing dat betelje we mei syn allen.  Bliuwt oer selfie. Ik kin it net ûntkinne, der bin ek lju yn  Fryslân, mear as at ik leauwe wol, dy’t mei de tillefoan in foto fan  harsels meitsje. Unfrysk. Mar, sa’k sei, ik jou ta dat it wurd selfie bestiet, dat is ek noch popy en dat moat we no fertale. Selfie. Selske? Tsja, dat is mear in wurd wat oan masturbaasje tinken docht. Mar omt we net Den Haach besette sille, we dochs wat aparts ha mei it Frysk. Dus dan meitsje fan dy i-e mar in ygrek. Selfy. It bliuwt itselde, mar dochs wer krekt oars. Dat is tekenenjend foar de Friezen, sa bin dy. Skuorre Europa hjir hinne, mar at dy dan trochskopt bin wy wer mûsstil en fertale aksje yn it-ôfwachtsjen wat oaren no dogge. Suertsjes. Te lyts om fotootsjes fan harsels te meitsjen. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s