Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

21 01 14

 

Gelokkich. Ik ha de meast deprimearende dei fan it jier wer oerlibbe. Juster. Se neame dy dei Blue  Monday. Want moandei is foar de measte minsken al deprimearend. Je moatte wer in wike begjinne, wylst je sa’n moai noflik wykein hân ha. Werom at se it Blue neame is net helendal dúdlik, Blue Movie wie eartiids in seksfilm, mar dêr hat Blue Monday neat fan, alhoewol der fansels bêst guon lju binne dy’t seks ha, en dan is dy moandei krekt net mear blue. Blue Monday is net mear as in ekstra kloaterige moandei. Dat je der in soad spyt fan ha dat je de 13e moanne opstookt ha yn in carbidbus of oan oare fjûrwurkrommel. Dat je de smoar yn ha dat de bern mei de Kryst alles opfretten ha en it net iens mear oan tiid hiene om op 1 jannewaris wer del te kommen. Dat se op it wurk salang rekkenje moatte dat it salaris no noch net betelle is, hoe moat je dy lêste wike trochkomme. Droege koekjes. En dat wylst   Rutte hieltyd seit dat de lêsten omleech geane, wylst se inkel mar minder omheech geane as at Rutte foarsein hie dat it wol omheech gean soe. Dat dy reade famkes en jonkjes yn Achtkarspelen dan blier de ferkiezings starte, wylst se net in jas ha om  by te setten, lit stean in setel. Wylst dy Wilders safolle setels fan Maurice de Hond krigen hat, dat je of hiel lulk binne oer de rest fan it folk, of at je hiel lulk binne op De Hond, dat dy de PvdA inkel mar opruie wol mei ferkearde sifers of je bin lulk op jesels dat je noch altyd net op Wilders stimme. Dat der fierder yn jannewaris hielendal neat bard yn de wrâld, want organisatoren fan aardige dingen dogge dat inkel yn oktober/novimber en febrewaris/maart, de rest fan it jier wurdt it hielendal neat, komt der ek gjin mins. In nije Kryst is fier fuort, Sintmaarten en klaas noch in ein fuort, de simmer is noch folle fierder fuort. Heite- en memmedei, noch lang net, Peaske en Pinkster lykje noch wol moannen ûnderweis. Dy ferhipte Piet Paulusma set ek al gjin seadden oan’e dyk.  It iis wol der net ynkomme. It is ek al wiken fan dat sike waar, je soenen der depressief fan wurde, at je juster net deprimeard wêze moasten. Ja we ha op Blue Monday ek wolris fleurich reedriden, al wiene doe de winterhaters wer depressyf. No ja en dan ha’k alle persoanlike  leed en ellinde der noch net iens by opteld, da’s ek altyd in hiele soai. En dan sjoch je yn de krante en sjoch je oeral minsken dea gean , omdat wy fertsjinje oan dat sy wapens fan ús keapje en dêr mei boartsje. Je wurde mateleas tryst as je sjogge hoe’t sokke fredesprosessen rûnom gean, trage dikke stront, dy’t ivich stjonken bliuwt. Se helje hjir ús gas út ús grûn en ús grûn fersakket en dêr fertsjinje sy wer oan. Sy. Dêr earne. No ja, sa fielt dat. Ik hie juster wol seis sân tsjinslaggen yn wat ik dwaan woe, it woe fan gjin kant. Ik begûn ek noch oan Blaue Moandei te leauwen, wylst ik dochs wol wit dat in in gewoan fersinseltsje is fan in hoekje psychologen, psychiaters en oar soksoarte guod, dy’t ek wolris yn de belangstelling wolle en  dêrom  dizze deprimearjende depressy betocht ha. At notarissen en abbekaten harsels wol folop yn de belangstelling krije, ûndernimmers neat oars dogge, en politisi der al foar op’e bealch krije, dan moat soks mei wat psychoten ek wol kinne. Sterker, se has meiiens mar beslúten, dat net inkel moandei ferkeard is, mar hjoed en moarn ek. En eins de hiele wike. Blue week. In blaue wike. Dy ha minsken dy’t sa no en dan in skoftsje ynlasse om net te drinken ek, mar dan is der dus dûbelblau. Ik soe dus hast yn in deprimearjende tekken fuortkrûpe, mar doe belle Sicko Heldoorn dat er nei Dantumadiel gie. Sicko wer oan de slach, Dantumadiel bliid mei in PvdA boargemaster, ynienen wei de moandei net mear blue. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s