Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

22 01 14

 

De gemeente Marrelân, dy lju prate hieltyd noch oer Friese of Fryske Meermarren, is offisieel op 1 jannewaris fan start gien. Mar se ha dêrfoar al in jier krekt dien of bestienen se. Dêrfoar al die bliken hoe’t dy gemeente Marrelân en ek oare gemeenten yn de omkriten der útsjen soene. It measte gedoch is yntusken al wer genôch fan bekind wurden. Der hat ek nochal wat diskusje west, mar offisieel gie it bedriuweterrein tusken de Jouwer en Hearrenfean  hielendal oer nei Hearrenfean. Skiednis: Hearrenfean wie yndertiid it punt wer’t elk hinne woe. Net allinnich fanwege de goaden Abe en Thialf, it lei ek sa moai oan de A7. Dus de ûndernimmers woenen ek. Ljouwert wie te fier fuort, Drachten te tichtby Grins, Hearrenfean dus. Mar ja, dat siet sa no en dan wat krap yn it bedriuweterreinejaske. Dêr bin se letter wer wat te rom ynkaam, mar dêr giet it no net om.

Der wie doe wol romte by it yundustrieterrein oan de feart, yn it noardwesten, mar ja dan kamen je op grûn fan Skarsterlân. No is de grutte fraach, hoe is dat doe gien. Kamen dy ûndernimmers yn Hearrenfean mei de fraach mei we dêr boue en hat Hearrenfean dat doe oan Skarsterlân frege. Of sei Hearenfean nee, we ha gjin grûn mear, giene dy ûndernimmers doe op de strún en kamen dan ek op’e Jouwer en dêr sei dan immen, jim kin wol by ús. Ja mar dan sa ticht mooglik tsjin Hearrenfean oan, dan kin we der komme mei frachtauto’s. Ja dat kin wol. No beide is neffens my net it gefal. Ik mien noch te witten dat se doe in  tuskenoplossing hiene yn in soarte fan mienskiplik bureau foar dat stikje grûn. It wie sa’n perioade dat se wer efkes goed mei elkoar koene, Hearrenfean en de Jouwer. No soe dat hielendal net kinne. Moat jim jim foarstelle: dy grûn mei dy fabriken derop komt no dus , sa’t it logysk is by Hearrenfean, allegear oanslútend, en wa’t yndertiid de grinzen fêststeld hie wie ommers in idioat. Bedriuwen betelje  krekt as wy allegear ozb belêsting. Eins oz belêsting, want ozb betsjut onroerend zaak belasting. Wy sizze dus altyd ozb belêsting en sa sizze wy onroerend zaak belasting belêsting. Dy bedriuwen dy’t op it fjildsje stiene wat no fan Marrelân nei Hearrenfean gien is, dy stean dêr foar twa ton ozb. Dat jild giet no nei Hearrenfean fansels. Hearrenfeanster grûn, Hearrenfeanster ozb. Mar dêr krigen se ynienen in bryfke fan it âlde Skarsterlân, dat jild is fan ús. Wy ha dat yn de begrutting stean. Kom op, werom betelje. Hearrenfean hiel fernuvere. Ik kin my ûngefear dat kopke fan Van der Zwan foarstelle, en it laitsje om de mûle sjoch ik foar my, doe’t hy in bryfke wer werom skreau. Mei mar ien wurdsje. Nee. No doe hat it tiden lang hong en no hat ien of de oaren heale rjochtspraakploech fan de provinsje sein dat nee ja is. Hearrenfean. En wethhâlder Durk Durksz, fan de âlde sawol as de nije gemeente kin no wol sizze: we gean net op’e rêch lizzen, dat leit er fansels allang. Je moat dochs logysk redeneare as gemeente. Hoe kin je no sa stom wêze dat je de ozb fan in gebied dat je al twa trije jier fan witte dat je dat kwyt reitsje sille op te nimmen yn je begruttingen en dan ek noch oant 2018. Dan bin je dochs net by de tiid. Hie dan sein we wol de grûn wol kwyt, mar dat keapet Hearrenfean mar. Mar sa wurket weryndieling no ienris net. Ik soe mar gau wer lizzen gean Durksz, oars tinke se ek noch dat jo net doge. Mar der is dus noch in probleem, ha’k yntusken fernaam, hear. Hearrenfean hat krekt op de rânne fan 2014 de ozb ferhege. Dan moat je dus mear betelje as ûndernimmer en eigner fan dy ûndernimmingen. En no ha’k begrepen dat dy ûndernimmers fan doel binne dy ferheging dan wer betelje te litten troch Skarsterlân, ik bedoel Marrelân. Dy bin ommers akkoart gien mei dat dy grûn wer nei Hearrenfean gie is en dy bin der dus ferantwurdlik foar. Wethâlder Durksz is nei dy meidieling bedobbe. 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s