Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

24 01 14

 

Kin we moarn net oarslaan. Want ik kin hast net wachtsje. Sneintemiddei Cambuur-Hearrenfean ommers. Dizze hiele wike is der totaal neat bard yn Fryslân, wie’t suver nuodlik om dit rubrykje yn elkoar te fytsen en   no sjitte de wurden út de holle sa de kompjoeter yn. Cambuur-Hearrenfean. Cambuur die ôfrûne snein in fikse stap yn it selsbetrouen troch Go Ahead te ferslaan en Hearrenfean makke him ek klear foar de nasjonale Fryske topper, troch it kalm oan te dwaan tsjin Roda, efkes te bekommen fan  de drege trainingen yn it winterskoft, dy sparren har fanwege dizze absolute topwedstriid yn de earedivisy kommende snein. Healwei ienen begjint it allegear al. No rekkenje mar dat de earste minsken snein foar tsienen op it Cambuur plein omhingje om mar neat te missen fan wat der allegear om sa’n wedstriid hinne bart. De tillefyzjeweinen dy stean der dan al, want de wedstriid moat fansels yn hiel Nederlân, watte yn de hiele wrâld te sjen wêze. Der riidt sneintemiddei gjin inkele auto mear troch Fryslân, elkenien sit alve oere te plak yn syn eigen of in oar syn hûs. Dan ha’k it oer de lju dy’t gjin kaartsje krije koenen om nei it stadion ta. Dat is twa kear útferkocht. Mar it hie ek wol fjouwer fiif kear wêze kinnen. Der moat gau in nij grut stadion foar Cambuur komme. Alle wichtige minsken fan Fryslân binne der fansels. It soe my hiel bot steure at bygelyks kommissaris Jorritsma net njonken Ferd Crone en Tjeerd van der Zwan op de tribune sit. Dan is der wis ien objektieve taskôger yn dat stadion. Of soe Jorritsma nei dat hoofdstad gedoe tinke dat at Ljouwerters joechhei roppe hy dat ek dwaan moat. It wie ek sa moai dat yn de meast deprimearende wike fan it jier de Fryske befolking inkel mar freugde en hope sjen liet, op wei nei dizze wedstriid. Ik ha begrepen dat alle amateurfuotbal ek wat letter begint, dan  kin se it allegear earst folgje yn de kantines. Alle oare sport is ôflast. It hat gjin doel, nimmen hat belangstelling. Op Thialf ride inkel dy pear lju dy’t ynkoarten nei Sotsji moatte, mar sokken as Jesper Hospes sitte yn it Houtsje, ik tink dat dêr wol trije grutte skerms binne. Yn it Hearrenfeanstadion stean  ek grutte skerms, it bestjoer hat guon lju op it skouder tikke en sein jim moat dêr mar net hinne, oarlogen ha we genôch hân yn de wrâld. Want in bytsje oergeunstigens sit wol wat yn beide supportersgroepen fansels. Mar allegear ha we in skitterjende perioade oant it begjint, en dan nei ôfrin inkel allegear at it in lyk spultsje wurdt. Mar dat is yn dizze earedivisy in gok, want alles is mooglik. Dus in gouden dei foar ús. Hoe soenen oare minsken yn it lân hjir no nei sjen. Grinzers bygelyks. Ach in bytsje skouderopheljend. En se tikje op de foarholle at se heare dat midden yn’e wike de kaartsjes al foar 375 euro oanbean waarden troch de swarthanlers dy’t blyker noch altyd bestean, nettsjinsteande alle maatregels dy’t naam binne. Mar miskien is dat inkel yn Fryslân noch sa. Yn Limburg merke se der net iens wat fan dat dy Friezen tsjin elkoar spylje. Oarsom is dat ek sa, ha jim wat oerkrigen fan Twente Heracles ferline wike, ek sa’n wedstriid? No ja Twente wûn wat gelokkich. Ach ja dy bekerwedstriid Ajax – Feijenoord dat skriuwe de kranten en tillefyzjes fansels hielendal del, dêr is elke skeet dy’t in supporter leit al wrâldnijs. Mar wat stelde it no foar. Fine wy, want dan sjogge we inkel mei in heal each nei it fuotbal. En at al dy oaren no mei in heal each nei Cambuur Hearrenfean sjogge. Ach, Cambuur fuotballet altyd wol hiel aardich mar kin’m er net yn krije,  al wie dy fan Bato snein wol hiel moai en op tiid, en Hearrenfean spilet der wat wyld yn om, mar skoart op ûnferwachte mominten. Wat it wurdt: ach doch mar in lykspultsje, dan ha we allegear wille.    

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s