Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 01 14

 

Oeral yn Fryslân wurdt wer omraak fergadere troch allerhande gemeenterieden en kommisjes. We ha op dit plak al faak sein dat we dêr net al te sear troch fan it hynder yn de betizing reitsje moatte. Echt wêzentlike beslissings dy’t minsken ynteresseare wurde yn Den Haach naam. Wurk en sinten, it wurdt dêr bepaald. Dat wie ek sa at  der foar je soarge wurde moat, mar dat komt no wer by de gemeenten. Dy bin dwaande har dêr op ta te rieden, mar at je it geseur hearre, dan sitte se dêr goed oer yn noed. Ynienen betsjutte se wer wat, mar wat kostet spos harren. Se ha no al frege om mear sinten ophelje te meijen, by ús dus. Se hoopje dat, omt it dus wichtiger wurdt wat se dogge of net dogge, dat dêrtroch de minsken dochs wer stimme sille, mar ik bin benaud dat soks noch wol efkes duorje sil. Inkel at it bard dat  der ynienen in hiel bosk efter je hûs weimeand wurdt, krekt as at lêsten yn Wommels barde, dat dan ynienen de gemeente wer wichtiger wurdt, mar foarearst net. Boppedat bin de gemeenten yn de lêste fyftich jier yn sa’n stadich proses fan formalisme en amtnerij yn de weake stront telânne kaam, dat it sicht foar de boarger al folslein fuort is. Je sjogge no ek faker dat er in beslissing naam is…., no nim mar de oerfloed oan diken dy’t fan 80 60 wurden binne, dat no pas de minsken wekker wurde en begjinne te razen. Nea murken dat dy beslissings al lang naam binne. En jûn is der wol in alderheisliksts ûnthutsend betizjend ûnderwerp op de aginda fan Marrelân, sis mar de Fryske Marren. Sju se ha dêr krekt in nij kolleezje fan boargemaster en wethâlders krigen, en dat moat harsels fansels presintesare. Yn in kolleezjeprogramma. Dat ha se skreaun. Dit ûntwerp kolleezjeprogramma fan de koalysje hat fjirtjin siden. Wêrby op elke side sawol it Fryske as it Hollânske ferhaal stiet. Singelier dat it Frysk net koarter is lykas mei oare fertalings. Dat betsjut dat amtlik Frysk net echt Frysk is, mar hawar. Inkel yn it gebrûk fan de namme Friese Meren  bin dy FNP jonges noch tolerant. Dat koalysjeakkoart komt jûn dus oan de oarder. Mar dan stiet der yn deselde sin by dat ek it opposysjeakkoart by de behanneling brûkt en besprutsen wurde kin. Want sju, dat is ek al hiel gewoan, dy opposysje jonges en famkes bin it ynienen ek iens, mar dus wer ûniens oer it koalysjeakkoart. Dus skriuwe se sels in akkoart. It opposysjeakkoart.  Bêst, mar at dat tagelyk behannele wurdt, dat is toch folslein idioat. Menhear de foarsitter, it akkoart…, hokker akkoart?….. , no ja fan ús. Wa is ús? No ús, wy bedoel ik binne de opposysje en ús akkoart is it dus net iens mei wat yn it akkoart stiet. Hokker akkoart? No dat fan jim. Nee, ik doch net mei. No ja, dat akkoart fan de wethâlders. Nee it is net fan de wethâlders. It is fan de polityke partijen FNP en  CDA. Ja dy bin ek wethâlder, mar dat bin wer oaren, dy ha dat akkoart skreaun. En dat wurdt kolleezjeakkoard at jim der mei akkoart geane. No ja dat akkoart, en we tinke ……. Ik soe alle  minsken op de publyke tribune fersykje wolle, gean stean, smyt alle akkoarten nei de hollen fan  de riedsleden en gean fuort, nei hûs of gean yn it Haske te bowlen of sa. Wit jim trouwens wol dat dy fjouwer wethâlders aanst mar 3,8 fte binne.  Wa fan de fjouwer wurket mar 28 oeren en 40 menuten? Jehannes van der Pal omt er Gemeentebelanger is dy’t stiekem yn de FNP skoud is en dêrom net folweardich wethâlder wêze mei. Frans Veltman miskien as straf omt er yn de ferkiezings rôp Friese Meren en no Fryske Marren seit. Of frou Schouwerwou omt se freedtejûns bingoe moat. We witte it net. Wol we it ek wol witte.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s