Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

31 01 14

 

Kerst Huisman waard berne yn 1940. In oarlochsbêrn dus, mar dat hat er amper murken. Hy groeide op yn Terwispel, en dat hat folle mear yndruk makke op it mantsje. Want hy sil wol opgroeid wêze yn dy sfear fan dat wat reade doarp, mar frjemdernôch ha we it dêr noch nea oer hân. Mar nim mar fan my oan links, dwers, en ré ta aksje. Kerst Huisman wie ek in slim jonkje en hy gie dus nei de kweek. Mar moast dêrnei yn tsjinst en dat wegere hy. Hy hat doe ferplichte skoalmaster west op in VGLO skoalle yn Beverwyk. Soks is my altyd sawat as de swierste straf dy’t je krije kinne oankaam. Mar Kerst helle de skouders letter op, sa’t hy dat sa hiel karakteristyk dwaan kin. En ik ha’t net iens oandoard tsjinst te wegerjen, mar wie gewoan nei tsien dagen wer tús, lekker maklik. Mar net o sa prinsipieel. Dat wie Kerst Huisman wol. Wat ha we net in soad diskusieard op de wize sa´t minsken dogge dy´t it eins mei elkoar iens binne, mar it altyd noch wer jusjes better dwaan en wittte wolle as de oar. Kerst hie in foarsprong, hy hat Gerrit Roorda goed kinnen, dêr letter noch in boek oer skreaun. Ik ha Gerrit noch wol meimakke, mar dy wie doe oer syn hichtepunt hinne, as lieder fan de CPN, dy´t yn swier waar kaam mei Marcus Lenin Bakker, as boargemaster fan Opsterlân daliks nei de oarloch, en as de ivige gelykberjochtiger. En Kerst siet as sjoernalist op de Friese Koerier, en dêr wie Laurens ten Cate de baas. No dêr wienen se yn Den Haach bang fan, mar wy frieten syn wurden as weake patat op. Faak helle Kerst my efkes yn syn eend yn Drachten oan, ik wurke by de Drachtster en dan gienen we tegearre op ferslach. We hiene ûnderweis ús eigen ynhâld. Moai. Ek echt wat fan opstutsen. It wie in perioade dat Kerst op de barrikaden stie yn it ôfbrekken fan wat Amerika allegear ferkeard die, fan wat Nederlân ferkeard die. It ferhillige te bot it easten, mar dat is letter wol wat bylutsen. Want Kerst lies. En studearde. Skiednis. Mar de Friese Koerier kaam by de Ljouwerter Krante, dus Kerst kaam dêr ek. Ik ha myn hert fêsthâlden, want hy moat‘m dêr ûngelokkich yn dat liberale bolwurk field ha. Mar hy koe’m er handhavenje op basis fan syn kennis. En dy wie eksorbitant heech. Sa no en dan fan dy moaie stikken oer ferline, oer ûnrjocht, oer Fryske skriuwers dy’t it mei de Dutsers hâlden yn de oarloch, oer it Frysk fielen. Dat fan him wie wat grutter as dizze provinsje, hy seach oer Grins nei de dutsje Fryslânnen. En dêroer praat. Kerst is al jierren mei pensioen. Skriuwt noch wat.  Mar no krigen we fannewike in bryfke fan him. Hy wennet no te Ljouwert, dat hy stapt moarnier op de trein en is dan kertier foar alven yn Akkrum. Dan rint hy nei it grutte gasferdielingsstasjon yn Aldeboarn. Hy hat in boerd op’e nekke. Dêr stiet op: Fryslân solidêr mei Grins. Yn Boarn leit er in boskje blommen del by it gasferdielingsstasjon, wat soarget foar it transport fan dat Grinzer gas nei de oare dielen fan  it lân. Hy klimt net earne mear op of oerhinne. Kerst is dik oer de 70. Mar hy fynt dat we Grins sjen litte moatte dat we mei harren meifiele yn it weiskuorren fan al it gas en dat jo hûzen  dan yn elkoar soademiterje, wylst earne oars it jild ferdield wurdt. En ek as Grut Fries hat hy Grins leaf, stimde yndertiid Partij voor het Noorden. Hy fertelt samar hokker plakken dêr eins hiel Frysk binne en dat Appingedaam hast de tolfde stêd fan Fryslân wurden wie. At der minsken tafallich binne dy’t meirinne wolle moarnier dan bin dy wolkom skriuwt Kerst. Dan ha we ûnderweis ek noch wat te praten. En at jim mei in kamera komme is dat moai, mar dat is jim eigen kar. Groetnis, Kerst. Wol jim wol leauwe, ik kin moarnier net en ik hâld hielendal net fan Grinzers. Mar fanwege Kerst ha’k de skurft yn dat ik net efkes mei rin.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s