Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 02 14

 

Ik moast der wol efkes om gnize. Sybrand van Haersma Buma, lieder fan it CDA, sei ynienen: we moatte mar ta op in keazen boargemaster. Ik lake omt it in Van Haersma Buma wie dy’t dat sei. Hy komt nammentlik út in ferneamd en beneamd boargemastersskaai. Pake wie’t. Syn heit wie’t. Goede, gedegen Fryske boargemasters. Pake wie’t yn de oarloch en dy wie sa dwers tsjin de Dútsers, dat dy ha him ombrocht. Heit waard doe al gau troch Linthorst Homan, de Commissaris fan de Keninginne beneamd. Sokke lju, dêr koene je omers op boue. It wiene hiele formele mannen. Mar wol in bytsje op ôfstân, sa’t we ommers wol wend wiene fan de eallju. Dy’t dus noait en te nimmer boargemaster west hienen at we doe kieze moatten hienen. Se stienen te fier fuort. Ja ik wit wol, in grut part fan de befolking hâlde doe wol wat fan dat formele gedegen wurk, mar se hiene doe echt samar oan de kant fage wurden troch de krekt wat populêrder lju, yn elk gefal yn Fryslân mei mar ien namme. Earme Sybrand van Haersma Buma. At it aanst tiid is om boargemaster te wurden, bin ik bang dat er dat dus net mear wurdt. Mar hy moast it wol sizze, want it is it nije stânpunt fan it CDA. En dat brocht my noch folle mear oan it gnizen. It hat wol 200 jier sa west dat yn gemeenterieden meast it CDA, of dêrfoar de kristlike partijen,  frij stevich yn de ried siet. En dan waard er al gau immen socht, mei omdat de ried letter ek mei útsocht, dy’t CDA-er wie. Hiel soms in -ster, in frou. Hiel froeger in wethâlder dy’t trochskoude, letter waarden de lju út it CDA-netwurk rûnom delkwakt, se hienen mei syn allen op dy wize hiel wat te sizzen. Dat hie en hat in boargemaster formeel net, mar se ha echt wol in soad ynfloed op gemeentlike polityk. Dy’t doe ek folle minder om by te setten hie. Dus in kristlike ried in kristlike boargemaster en in reade ried krige in readen. No doe kaam der in hiel geseur fan de lytskes, en ach sels de FNP hat syn boargemastersplakje krigen. Mar tsjintwurdich hoecht in boargemaster net iens mear in kleur. Dat is gewoan in manager dy’t it gemeentebedriuw oan’e gong hâlde moat. Ach, hy moat noch in bytsje polityk gefoel ha, mar hy hoecht nearne mear by te hearren. Dus dat kristlike boargemastersnetwurkje dat waard lytser. En bygelyks sa´t Jorritsma dat yn Fryslân docht, hiel faak in realistysk liberaal menezjjonkje delsette. Sju sa’n kommissaris hat no noch hiel wat te sizzen yn de stiekeme gearkomsten mei de ried oer in boargemaster. En dat wol se dus no ek kwyt. Kieze. No lit se mar aveseare mei it feroarjen fan de wetten, we krije yn 2018 yn Fryslân dochs allegear wer nije weryndielingen. Dan moat we dan ek mar in hiel nij boargemasterskorps kieze. Sju dan soe Henk de Jong, dy’t de kommende fjouwer jier mei Cambuur nei it kampioenskip giet hiel maklik boargemaster fan Ljouwert wurde kinne, dy is ûnmjitber populêr en hy wol net nei Real Madrid en Feijenoord. En Sven docht dan Hearrenfean en Epke docht Marrelân. Ik sis mar wat. Kampagnes dy’t dus hielendal ek noch sponsore wurde, want dy jongens witte net iens dat der ek noch in sponsorleaze gewoane wrâld bestiet. Sa hie Utrecht hast Henk Westbroek hân, krekt as soe in boargemaster sjonge kinne moatte. En dan kin yn Ljouwert Jannewietske mei it kulturele bidbook ûnder de earm it besykje, dan  kin yn Hearrenfean Hans Konst wol sizze dat hy dochs Thialf mar bout hat, en gean sa mar troch, se komme der net oan. Want dat is fansels it nuvere oan kiezen, we slagge dan daliks wer troch, we kieze net ien dy’t it goed dwaan kin, nee immen dy’t populêr is. Mar de oare kant fan it ferhaal is fansels, stel je foar we meie kieze. En dan giet it úteinlik om de kristlike wegenbouwer Jansen en de reade seehûnneoppasser Pietersen yn de race om it boargemasterskip fan sis mar Drachten. Ja, jim ha gelyk, dan komt der net in hûn mear te stimmen. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s