Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

05 02 14

 

Yn de steatekommisje boarger en mienskip wurde de steateleden fannemiddei eins inkel ynformearre. Ja se moat ek efkes adviseare. It formalisme is sa grut dêr, dat at se efkes adfiseare, dan moat dy kommisje op’e nij wer iepene wurde, je hâlde it net foar mooglik, burokraten.Wylst dat adfisearen ek noch neat ynhâldt. It giet oer IPO en SNN, interprovinsiale organisaasjes, dus dan moat je inkel stikjes fan je eigen ambysje wer fuortjaan. No ja en se wol adfys ha oer in bryf dy’t se al skreaun ha, of noch skriuwe sille nei of oer de koöperaasje Fryslân, mar der is net ien steatelid mear ta yn steat. Dy bin hielendal murw……, wat is it Fryske wurd eins, eeeh morf of murf mei in f. Morf is dan wol moai, se bin hielendal morf. Want dan bin se twa oeren lang ynformeard. Oer wat se al tochten dat we hjir yn Fryslân al lang wiene. Gastfrij. Sju we moatte ús nammentlik op rekreatief en toeristysk mêd noch folle mear útrekke. Ja jim kin wol sizze dat wurdt neat, mar deputearre steaten fan Fryslân ha ferline jier yn septimber fêststeld dat we yn 2018 kulturele haadstêd wurde en dan moat we dêrfoar ús toeristysk nivo omheech wrotte, útwreidzje. 10 miljoen besikers mear, 1000 banen mear. Prima ambysje, neat mis mei. We moatte dêrby gebrûk meitsje fan de warming up perioade, dan bin de jierren 2014 nei 2017. Warming up perioade. Fryslân moat klear makke wurde foar de ynternasjonale stream fan besikers dy’t letterlijk fan oeral fan de wrâld hjir hinne komme sille. En dêrom moat we no tidens dy warming up perioade 12 miljoen alfêst útjaan. Wêroan? Tsja. No ja, dan krij je dizinige termen as kwaliteitsferbettering (hè, in pear nije matrassen yn de útfanhûzersbêdsjes), ynternasjonalisearing fan de eveneminten (by it skûtsjesilen moat it wâlkommintaar tenei yn it Nederlânsk, Ingelsk, Dutsk en Spaansk) en it fersterkjen fan de kluster rekreaasje en toerisme mei de ynnovaasjeaginda toeristysk Fryslân opsteld troch de branzje-organisaasjes. Ik ha der in heal oere op stoareage, op dat sintsje, ik begryp it net. Mar it is hiel simpel, fan ús ekonomyske aktiviteiten ha we inkel by de rekreaasje noch gjin branzje-organisaasje, en dy moat we al ha. Sa sawat. Wat dy docht is dan net sa wichtich. At we der mar gastfrij fan wurde. Wat is gastfrij, no it ienige konkrete wat ik ûntdekke koe, wie dat we al dy bûtenlanders aanst betelje litte kinne mei in credit card. No ja, it is dúdlik, dat ynformearen hoecht eins ek net mear, gewoan al dy lytse Fryske ûngastfrije hobbeltsjes fuortwurkje, dan stean we der yn 2018 brûzjend op. Neat mis mei. Mar dy steateleden witte dat al lang. Wêrom moat se dêr earst twa oeren oer ynformeard wurde. En dêrby ek oer it útfieringsprogramma fan it Waad. En Jan Ybema fan Recron/Hiswa sil te set oer de branzjeorganisaasjes. Earme steateleden. Al dat gepraat. Want wêrom moat al dy lju earst ynformeard wurde en dêrnei der noch in kear oer kedize, wat duorret dat allegear lang, bin dy steateleden sa ûntstellend dom. No ja, ik ha’t stik efkes troch west, mar it is echt ûngelooflik hoefolle muoilike wurden at der yn brûkt wurde, inkel om ús rekreaasjeûndernimmers te freegjen wat better spul foar wat minder jild te leverjen, want dat bin de ienigste saken dy’t de minsken as gastfrij erfare sille. En in branzjeorganisaasje opsette, no ferjit it mar yn dizze sektor, dêr siket elk syn eigen paad. As je no al sjogge nei fannewike, dan is der dus moarn in byienkomst

yn sylskoalle de Pean tusken Akkrum en Grou oer Varen in Friesland. En dan begjint in dei letter Boot Holland (hoe gastfrij bin je at je Fryslân Hollân neame) , dan soenen je sizze dêr is elkenien dy’t wat mei varen hat, doch dy dei dêrre. Mar dat bin dus wer oaren. Op Boot Holland wurdt by de iepening in boek útrikt, in printeboek. Fan de Milieuried, Marrekrite en it Friese Merenprojekt. Mar it wit net at we dat no wol as gastfrij oanrikkemoadearje moatte. Dat  boek hjit het Poepkasteel.   

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s