Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 02 14

 

Aanst om njoggen oere begjint wethâlder Rob Jonkman fan Opsterlân te praten. Dat is net sa slim, inkel hy hâldt net wer op. Hy begjint aanst om njoggen oere te praten en pas moarn, de jûns in oer as alve hâldt hy miskien wol op. We ha hjir in soad idioaten hân, mar dit slacht sawat alles at we hjir ea yn Fryslân talitten ha. Want Rob Jonkman praat eins ek net, hy speeched. In speech is konstant trochlulle. Hy sil, nee hy wol. sa’n 38 oeren speeche. Want der skynt, al sa ûnsinnich, der skynt in wrâldrekord te wêzen fan immen dy ’t 33 oeren en 46 menuten âldehoerd hat. Dat wrâldrekord sil, sorry wol, Rob Jonkman ferbrekke. Wêrom? No, de partij ChristenUnie wêr’t Jonkman yn sit en werfoar hy wethâlder yn Opsterlân is, hat de meast frjemde fûgels yn de greide. Mar ien dêrfan stuts dêr noch boppe út. Want hoe kom je der ta om út te finen dat der in wrâldrekord bestiet fan 33 oeren en 46 menuten trochlulle. En wa yn de ChristenUnie fynt dan út dat je soks dwaan moatte as iepening fan de ferkiezingsstriid yn it  nearzige Opsterlân. Dat betink je dochs net. Dat je dan útkomme by Rob Jonkman is wol wer logysk, want dy Hollanders lulle natuerlik wol trije kear sa goed as ús. No ja goed? Sa lang. At hy seit dat hy tankber is foar it ferlinen fan in poadium yn de McDonaldhoeve yn Beetstersweach oan immen dy’t graach in wrâldrekord âldehoeren ferbetterje wol om dêrmei de wrâld sjen te litten dat sels de ChristenUnie wûndere feguren yn de fraksje hat, dan sizze wy Friezen gewoan: tankewol. Mar dan noch moat de need heech wêze by de ChristenUnie oer de ferkiezings dat je dit as startpunt fan de campagne dogge. Want wy Friezen bin sa, dat at immen langer as 33 oeren en 46 menuten praat, dat wy dan sizze dy is no wol útluld, dêr hoege we net mear op te stimmen. Mar dat witte se noch net, en Jonkman seker net en dat ferrtelle we ek n et, want hy praat en wy net. Dat hâlde we stil. Want Jonkman hâldt neat stil, dy hellet ek noch in optimaal kommersieel rindemint  út dit gedoch. Sju alderearst sil syn foaroanman Arie Slob iepenje. Dy docht it startskot en tinkt dan: rêdt dy fierder mar. En dan begjint Jonkman te praten. Te praten. Te praten. Doel: 38 oeren lang. Wêr’t it oer gean moat? Wat makket dat no út. Ha jim ea wolris tocht, ik wol hearre wat dy man krekt seit yn dy speech. Ja dûmny yn tsjerke miskien yn de preek, mar fierder….. Ik hear sa faak minsken speechen en dan tink ik dat hie wol oerslein wurde kinnen. Speeche is nammentlik de meast ferstandige wize om in hiel ferhaal te hâlden, mar neat te sizzen. Mar it moast dus ek kommersieel, dus je kin Jonkman, je koenen  Jonkman ynhiere. Je smite him gewoan teksten ta, en foar elke tsien menuten moat jo dan fyftich euro betelje. Dat jild giet dan nei it Ronald McDonaldfûns. Fansels moat je yn 38 oeren wol ris te skiten of te iten, der wurdt dan per oere in pear menuten foar rekkene, dy menuten mei je sels sparje, oeral yn de wrâld fan de wrâldrekords bin rigeltsjes foar. Mar, en ik fiel noch hieltyd itselde as jim, wer moat dat dan  oer gean at dy man oan it lullen is. Bedriuwen smite him allegear teksten ta, hy makket dus reklame, samar útluld. De Friesland Zorgverzekeraar, no dan moat er al dy te hege  tarieven foardrage, ek noch mei droege eagen. Sportferienings, mar je bin in kear útharke op de ferslachjes fan LDODK. Mei we ek diskusjeare mei dy Jonkman, mei we der sowieso wol trochhinne prate. Tink net. Speeche is harkje, dus dêr komt ek noch gjin hûn. Ien feltsje mei rigelôfstân twa is trije menuten. 38 oeren is dus 760 blêdsjes. Echt freeslik, freeslik. Lutz Jacobi en  Anne Wil Lucas, PvdA en VVD komme ek noch en leverje ek teksten. No ja, dat is wol logysk yn ferbân mei de hjoeddeiske polityke sitewaasje dat de ChristenUnie presies foarspeechlêst wat de PvdA en VVD opskriuwe.   

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s