Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

10 02 14

 

It waar is der neffens, dus sieten we it hiele wykein mei syn allen man- en froumachtich foar de tillefyzje te sjen nei al dy Friezen dy’t foar it Oranje Boven soargen. Op it iis dus. Sven. Jan is in Westfries. Jorrit. Ireen, wennet hjir al tsien jier, heit kaam fan Dokkum en mem fan Ljouwert of oarsom, ek Friezin. No ja wakker moai, allegear goud sulver en brûns, wat wol je noch mear. Ja Antoinette de Jong sette har sels foar it blok yn dat earste oardel rûntsje, dy leard hjir geweldich fan. Dus je soene eins wol wolle  dat je op sokke reinige wykeinen ek wat noflik nei de tillefyzje sjen kinne. En dat…… no ja. We binne neffens dy lju fan de NOS net bysteat en sjoch gewoan nei reedriden. Nee, wy binne analfabete stumpers, dy’t neat sjogge, neat witte en neat begripe. De ritten sels wurde al ferslein troch trije fan dy jeuzels. Dy’t bygelyks doare te sizzen at je efteryn startte meie, no wat moai dat je witte wat de oare tiden binne. Mar at je as ien fan de earste favoryten fuort moatte sizze se at je de bêste binne moat je dat ek mar sjen littte. Ik ha net ien fan de trije betraapje kinnen op in foarm fan konsistinsje. Dy’t aloan itselde werhelje, oan it momint dat de praktyk wat oars blykt te wêzen. En dan ek noch hieltyd alle tiden en fergelikingen fertelle, wylst dy allegearre moai yn byld steane. At de Nederlânske regisseur, -seuze  tink ik te witten foar it oare, dan ek noch hieltyd trochskakelt nei bylden fan froulju en  manlju dy’t harsels ree meitsje of al klear binne en ek noch hieltyd bylden fan de keninklike famylje der tusken troch, dan mis je dy tiden soms ek noch. Mar dan it slimste dertusken troch en nei ôfrin de analytisi. By Dione. Nee dêr net oer seure, pake kaam fan Jirnsum, mar as gehiel. Wat moat wy dêrmei dat we witte wat Paulien van Deutekom fynt. Of wat Erben Wennemars fielt. Allegear sjabloons, allegear klisjees. Dy Wennemars, tsja. Koe eartiids noch wol aardich ride. Mar is ynienen fan alles trochinoar foar radio en tillefyzje. Is ek ynienen ferslachjouwer foar de NOS, dy’t dan riders en riidsters yn Berlyn in pear wike lyn wat freegje mocht. Yn filmkes dy’t like wyld binne as Wennemars syn teksten ústsprekt.  En dan oan Sablikova freget werom at se sokke moaie rondingen hat wylst er har bochten bedoeld. Mar dy’t …….. no ja it momint wie sneontejûn by Henry Schut yn it deistige neipetear yn sa’n ûnrussyske, hast Amerikaanske studio. Der sit dan dy Wennemars ek wer by, wêr sit dy net by. Site kick.En dy sjocht Sven Kramer hieltyd hûnstrou en adorearjend yn en nei de eagen. Mar dy Schut stelt in fraach oan Sven, mar foardat dy anderje kin freget bekjegau al wer wat oars. Dan seit Sven noch hiel beleefd, Henry freget my wat, en dan seit Wennemars, ja mar dat kan me niks schelen, en gewoan oer Schut hinne wâldet. Wennemars, dy’t ik der hevich fan fertink hieltyd te ropppen, nu moeten we het daar over hebben en nu moeten we dit doen, en nu moeten we …….. En de hiele NOS giet yn folsleine adoraasje fan Wennemars syn kronkelpaad yn. Nee we moeten het helemaal nergens over hebben. Ik laitsje my foar it oare stikken om Rintsje Ritsma dy’t der ek as analytikus sit en sa no en  dan in tige ferwûndere blik yn de eagen krijt en de wenkbrauwen oplûkt at him in fraach stelt wurdt. Sa fan moat we it dêr oer ha.En dy’t sa no en dan ek earlik seit, dat wit ik net en dat hoech ik ek net te witten. Yn Sotsji ha se it Heineken Holland House. En wy yn Ljouwert ha it kafee van de Kleine Wetenschap, it eardere Oranjebierhûs. Mar it giet oer it selde, oer de Olympyske Winterspelen. In stik as wat wittenskippers fertelle dêr jûn de lju de wittenskip efter de sport. Trije nijsgjirrige mannen, sûnder mis in moai ferhaal. Mar soenen se ek fertelle werom at wy dan sokke frjemde en faak idioate  programma’s sjen moatte. 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s