Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

13 02 14

 

De wike fan de euthanasie begjint hjoed. Ik bin ornaris net sa fan stil te stean by de dei fan dit en de wike fan dat. Mar de euthanasie is….  ja hoe sis je dat, no dat is wat oars. Euthanasie wie yn de 70-er jierren fan de foarige ieu tochten wy jongeren doe wat nijs. Dat wie fansels net sa, mar dat realisear je je no pas. Der hat fansels altyd al euthanasie west. Mar der waard net oer praat. Dat wie soks fan dat de dokter op in stuit sei, mei ik efkes allinne jim mem noch efkes ûndersykje. En dat er dan letter wer ynkaam en sei se is ûnder myn hannen stoarn. Ik sis mar wat. Der wiene ek minsken dy diene harsels tekoart. Dat waard benammen oan de tsjerkekant feroardield. Dan krigen je net iens in fetsoenlike begraffenis. En logysk sjoen dat giene de tsjerken hieltyd faker dus net mear freegjen, mar mei dan wat dy dokter docht wol. Minsken, tsjerken en polityk erfoeren it hieltyd mear as in rommeltsje, mar soks giet fansels frij lang troch. Benammen doe’t der in iepenbiere euthansiebeweging ûntstie. En der bygelyks rjochtsaken kamen. Krekt yn Fryslân sloech dat noch al ta, eins ûntstie de beweging hjir in bytsje. En we hienen letter noch de sitewaasje mei dokter Sippe Schat fan St. Nyk dy’t wat rûch omgien wie mei de rigels sa’t dy doe wiene. De euthansasiewet is yntusken hieltiid wat skerper wurden. Benammen ûnder ynfloed fan de moandei ferstoarne Els Borst dy’t har as minister sterk makke foar in bytsje soarchfâldich euthanasie belied. Mar hielendal kinst soks fansels net tichttimmerje, want euthanasie hat ek hiel bot mei gefoel te krijen. Minsken dy’t it wol fantefoaren beprate en opskriuwe, mar at it safier is sels net meiwurkje wolle. Dokters dy’t de iene kear wol en de oare kear net meiwurkje, dan giest nei in oare dokter en dy docht it wol. Of sa’t lêsten de rjochtsaak noch wie, fan in dokter dy’t net woe en doe is de mem holpen troch har eigen soan. En wat docht it gefoel fan de rjochter yn sa’n gefal dan, want dy man waard wol foar it gerjocht sleept. Soksoarte dingen. Net foar te kommen. Ferskillende minsken, ferskillende dokters, ferskillende rjochters, ferskillende polityk, ferskillende tsjerken. Seker no’t de tiid himsels wizigt. Der stie fannewike al yn de kranten dat dokters tsjintwurdich benammen mei psychiatryske pasjinten wat earder oan de euthanasie tajoue. Se leare der miskien ek wat better mei om te gean. Foar it oare bin se no mear iepenbier yn wat se dogge. Ek yn de tiid foar de euthansiewetten diene se al at in swiere alzheimerpasjint wat oars krige, of foel, of wat dan ek, dat dan al gau sein waard morfine of sa. En dan wienen se samar wei. Dat wisten dy dokters fansels ek wol. Dat bepraten se ek wol mei de neibesteanden, mar der waard fierder neat fan roppen. Net lûd alteast. En eins wie dat yn de sikenhûzen ek al sa. As je as neibesteanden foardat de behanneling fan immen begjint al sizze moatte at de dokters by eventuele earnstige gefolgen wol of net reanimearing dwaan moatte. En  dan ferskynde der ek noch in adfertinsje yn de krant en letter ek noch it ferhaal fan twa minsken, man en frou, dy’t soargen dat se op itselde tiidstip stoaren. Se moat dat sels regele ha, mar de famylje wist it. En dokter sil it ek wol witten ha. Mar dat moat allegear neffens dy non–gefoelsrigeltsjes lâns. Rigeltsjes wêr’t foar it oare ek nimmen wat oan dwaan kin, omt ommers dat gefoel it sterkste is en wêze moat. We moatte dus as minsk yn dizze wike fan de euthanasie mar ris efkes goed neitinke. Want wy kinne it ek net, wy skriuwe yn de measte gefallen neat op. We sizze mei grut lef, no doch der mar wat oan as it safier mei my is, mar skriuwe dat net del. Om wat foar reden ek net, ik kin der sa tsien betinke. Mar omt de tiid en wrâld feroarje is dizze wike miskien wol goed om der ris efkes in kear goed oer nei te tinken.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s