Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 02 14

 

Wat is der dizze dagen allegear wol net te belibjen. Je wurde al wurdich at je nei de listjes sjogge. Wit jim bygelyks dat it hjoed 35 jier lyn is dat de sniewinter der wie. Dy fan  1979. In ramp dy’t krekt gjin ramp waard, mar wol it wêzentlike bestean fan Omrop Fryslân oprjochte. It wie foar it oare de twadde kear dat Dútslân ús provinsje besette, want it wie Dútse snie. Kin jim jim trouwens yn dizze hjerst noch foarstelle wat snie is. No ja Sotsji, der leit wat fan dat guod. En dêr giet it gedoch it hiele wykein en dêr oerhinne noch troch, no ja dêr sitte we fansels altyd boppe op. Ek op it fuotbaljen. Hearrenfean moat tsjin Ajax, altyd in aparte wedstriid, en Van Basten en sa, en it wertinken  oan Abe syn 6-5. En Cambuur hellet trije wichtige punten tsjin PECZwolle, efterof sil  blike dat soks liifsbehâld betsjut, en dêrmei wurdt dy oerwinnin g ek al wer histoarysk, want dat is in wurd wat yn it fuotbal fan hjoeddedei foarop giet. Der wurdt ek noch in boeregild oprjochte, mei skriezen dy’t oan in pear goede alderwêtse boeren molke leverje of sa. En der bin ek foto’s makke fan in skrieze doutzen, dy stiet op dat pak wer’t dy molke yn sit. We beneame jûn ek noch it moaiste fryske wurd. No dat wurdt mienskipsstipe foar crowdfunding. Ik ha altyd miend dat mienskipsstipe oerheidssubsydzje wie, mar nee dit is net foar de mienskip mar fan en troch de mienskip. Dat bin inkel de lju dy’t foldwaande sinten ha om der wer oan te winnen. Mar ja mienskip is no ienris yn Fryslân it least populêre wurd. Sint Piter komt yn Grou en Sharon Dijksma yn  Súdwest-Fryslân, beide jouwe tink ik wol wat fuort, dus dat bin beide goede minsken. We ha woonoffensief yn hiel Nederlân, in soarte fan  aksje yn it ferkeapjen fan hûzen, mar ik leau dat de prizen net oanpast binne. No, derút sil blike dat hûzen yn Amsterdam wol mar hjir net ferkocht wurde. Mar ik wik jim, we ha moandei allegear makelders yn de útstjoering dy’t roppe, er zit wat beweging in. Wêryn, ja dat witte se net. No ja sa is der in hiel soad. En we meitsje ússels ek noch drok, want hjoed is it Valentijnsdei, in út Amerika oerwaaid kommersieel feestje. En de AFUK sit dus ek al yn dat kommersiele sirkuit, want dy ha dichteres Baukje Wytsma fannemiddei ynset om ús te stypjen leafdesgedichten te skriuwen. Wat sneu, dan krijt Baukje net in gedicht. No dan moat ik mar efkes,  

Ik trof Froukje

Ik siet oan Aukje

Ik besocht it mei Joukje

Prate in jûn mei Houkje

Mar neat helle it by Baukje

En toch jonges en famkes, sneintemiddei, ja Ajax en Sotsji lizze noch wat dwers, mar eins moat we nei Hylpen. Nei’t museum. Ik krige nammentlik lêst in bryfke fan in hiel aardige man dy’t skreau: eins soene jim at jim dochs hieltyd mei it ferline omgrieme ris in kear omtinken jaan moatte oan de wettersneedramp fan 1825 yn Fryslân. No ha’k dy man like freonlik werom skreaun dat der gjin bylden fan 1825 mear binne en der ek nea west ha. Mar ik ha my tagelyk resaliseard dat der fansels alle reden is om der nochris efkes op werom te sjen. No en dat bart sneintemiddei yn Hylpen, at wittenskipper Zelle fertelle sil oer wat der doe barde. Springtij, heech wetter, swiere  súdwestewyn en de Iselmar wie der noch net dus ek de Ofslútdyk net. Lely wie der ek noch net, dus kloaterige diken. Hjir en dêr brutsen dy diken en gâns stêdsjes en doarpen kamen ûnder wetter. Hylke Speerstra hat dat yn de Oerpolder skitterjend beskreaun, dan bin we al yn it Heidenskip wer’t de boeren it op’e souder hast net iens úthalde koenen en it measte fe fergie. Fryslân soe der noch net wêze, want  nei de ramp bruts ek de pest noch út, se stoaren as mûzen. Hylke hie in ferhaal, Zelle wit wat der echt barde. Need. De weropbou fan Fryslân soe nochal wat tiid en jild kostje. Yn it ramt fan rampen yn de wrâld miskien goed om ús dat jitris te realisearen.  

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s