Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

18 02 14

 

Sûnt juster is Fryslân wer beset. Militêren ha it gesach oernaam. We hienen al in stiekem bryfke krige dat der yn Havelte wat rommele. Mar net ferwachte wie dat de Ôfslútdyk de oanfierrûte wêze soe om yn Harns ynienen in grut kampement yn te rjochtsjen. En it kloaterige is, dat we dat eins fan de Twadde wrâldoarloch ek noch wol wisten. Der wienen we as Fryslân alhiel net by belutsen, mar doe blykte dat de Ôfslútdyk ek hiel geskikt wie om Hollân yn te riden. En dus moast Fryslân doe yn sân hasten ynnaam wurde om sa gau mooglik nei Hollân komme te kinnen. Dat slagge, want ek doe hienen we neat yn’e gaten en ús lêste bateljon waard by Wûns de grûn yn board. Mar it ferrrassende is nó dat se ynienen fan de oare kant komme. Sju want we hiene de Fryske wetterlinie fan 1628 yn de Stellingwerven wer yn it libben roppen, sa koenen we Havelte tsjinhâlde. Mar doe barde dat yn Harns, en doe stouden we dêr hinne en doe kaam ynienen Havelte stiekem oer de Tsjonger. En doe moat ik earlik sizze, doe wisten we it efkes net mear. We soenen doe ús F16s fan Ljouwert noch ynsette, mar it Hollânske leger hie him al ferspraad tusken Harns en Drachten en dan wie de kâns te grut dat we ek noch in swikje oprjochte Friezen nei de ferdommenis sjitte soenen. Ja jim heare it goed, we bin beset troch it Hollânske leger. Om presies te wêzen, ik ha efkes stiekem de haadtinte yn Harns yn west, it giet hjir om de 43ste mechanyske brigade fan Havelte. Ik wit net wat in mechanyske brigade is, ik tink dan oan in kompjoeterspultsje, mar dy lju touterje hjir no om. It is in yngreven besetting. Datselde Hollânske leger docht bygelyks mei yn in grutte ynternasjonale aksje yn Mali, en Nederlân hat dêr in wêzentlike bydrage fan 380 militêren. In lyts kwakje yn ferhâlding ta wat se hjir dogge, se bin hjir mei 1300 man. Ik ha yn dy generaalshutte goed yn de papieren omsnuffele, 1300 man. Dy hutte stiet op it terrein fan Spaansen oan de Kanaalswei. Ja dy Spaansen bliuwt in Noardhollander he, hy hat al dy jierren sa moai meidien yn Harns, en dan dochs je terrein ynienen beskikber stelle oan dat fijannelike leger. Op syn terrein is de Brigade Suppport Area, ja dat neame se allegear mei ingelske wurden. De aksje is fierd ûnder de namme Dutch Bison, hollânske ko soenen wy sizze. Mar dat sizze we net mear, we moat ús de bek hâlde. Der stiet letterlik yn dat mapke Dutch Bison, dat de militêren hjir yn in ûnrêstich gebiet binne en dat dat gebiet, Fryslân, stabiliseard wurde moat. It is fansels allegear in oefening, mar om dan Fryslân út te kiezen as gebiet wat stabiliseard wurde moat, dan moat hjir dochs wat lêstich ûnrêstichs barre. Want de befolking wit fan neat. Der komt sa’n tank ôfriden op wat lju yn Boarnburgum, der springe militêren efterwei mei gewearen yn de oanslach en dy skreaue tsjin de Boarnburgemer befolking calm down, calm down. Ja, sa dogge se dat yn Afghanistan en Mali, sa dogge se dat dus yn Fryslân.  Ja, dêr sitte fansels ek Fryske soldaten yn dat Hollânske leger, it fertsjinnet dêr wol aardich  mar dy meie net meidwaan want dy kinne ús taal. En dy taal moat fansels betiizjend wurkje,  want oars is der net tsien dagen te oefenjen. Se krosse en krúse hjir tsien dagen troch de provinsje, freegje mei hânnen en fuotten ús allerhande saken. En as wy dan sizze soademiterje op en wize de rjochting oan, dan gean se dêr massaal hinne, roppende fan onrust, onrust. Sa stoue se troch ús moaie fjilden en lân. 1300 man. En der efteroan riidt in jeepke mei in mantsje mei in mapke. En at dy militêren in hiel fjild oan flarden ride ha, riidt dat mantsje nei de boer en seit wat is de skea. Dy wit dat dan wol, twa kear safolle as wat it echt is. Sa moat we der mar wat oan fertsjinje. Mar se moat har yn Den Haach de bek hâlde oer besunigingen. Jildfergriemers.   

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s