Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 02 14

It spultsje is úterste dwaas en like formeel. Fomaliteit is trouwens altyd dwaas. Mar dit is de limit. Ik lis it út. Op 18 novimber 2013, in pear moanne lyn, waard Ferd Crone werbeneamd as boargemaster fan Ljouwert. Prima, hy hie der seis jier west en der wiene gjin lûden fan de polityke partijen dat soks net moast. Teminsten net nei bûten ta, en meastal is it dan wol dúdlik. Moai, kettinkje om, hândruk fan Jorritsma en klap klap klap, en we gane  over tot de orde fan de dag. No ja, de orde fan de dag wie dat der de folgjende dei ferkiezings wiene fan de nije gemeente Ljouwert. Se krigen Grou en noch in hantsjefol doarpen derby. Dus ûntstie per 1 jannewaris 2014 de nije gemeente Ljouwert, yn Boarnsterhim ek wol sarkastysk Grut Ljouwert neamd. Mar omt it in nije gemeente is, waard de werbeneaming fan de dei tefoar wer fuortkwakt, dat wie mar foar oardel moanne. Mar lokkich op 5 desimber 2013 krige Ferd Crone in moai sinterklaaskadootsje hy waard werris beneamd ta boargemaster fan Ljouwert per 1 jannewaris. No ja, waarnimmend boargemaster, dat is krekt wat oars. Je ferfulle je taken as boargemaster, hiel gewoan. Sels yn de stikken stiet hiel gewoan dit waard tekene troch de boargemaster fan Ljouwert. Enkel yn de hiel formele stikken stiet wnd. boargemaster, dat betsjut waarnimmend boargemaster. Jorritsma hat twa soarten waarnimmende boargemasters: de jonges dy’t soargje moatte dat in gemeente fuseard, weryndield, en dan moat hy of sy opsoademiterje. Mar hy moat hjir en dêr yn weryndielde gemeenten ek waarnimmende boargemasters beneame dy’t dan letter hast automatysk wer echte boargemaster wurde, dat hat er dan al lang mei de politisi besprutsen. Dan kin it wurk gewoan trochgean no. No ja gewoan, der is gewoan wer in boargemasters vakature iepene foar de gemeente Ljouwert. En dan begjint de hiele poppekast op’e nij. Dat is hjoed. De ried fan Ljouwert mei in profyl foarlizze oan de kommissaris fan de kening mr John Jorritsma. Mar dy ried hat dochs krekt in pear moanne lyn dy werbeneaming goed fûn. En dy iene Boarnsterhimmer dy’t der yn kaam is, wol no net ynienen wer wat oars. Stil. Prosedure. Formaliteit. In profyl, kom op. Alle partijen. Ik ha begepen dat al dy partijen  immen ynhierd ha dy’t eksakt beskriuwe moat wat Crone docht en hoe’t er it docht,  en dat sette se dan yn it profyl, dan kin dy kommissaris ommers net oars. Mar dy kommissaris nimt dy dingen yn  ûntfangst,  mompelt dan dat liket Crone wol dy’t jim hjir beskreaun ha en set dan de adfertinsje. Der regearet net in hûn op. Tink ik. No ja de brûklike hûnen dy’t Jorritsma altyd al daliks yn de prullebak smyt. Mar hy moat wol in pear nammen op papier sette. Dan wer formeeel nei de ried, dus net efkes allegear belje: jonges Diederik Samsom hat net sollisiteard, dan beneame we Crone mar wer net, en dan  sizze al dy lju soademiterje op mei dat formele gedoch en dy gean gewoan fierder. Nee Jorritsma wurket it hielendal ôf, praat mei de betrouenskommisje dy’t de ried út himsels gearstalle moat en dan binnen in pear moanne nei foarige kear moat se har dan wer útsprekke foar de beneaming fan de bêste boargemaster fan Nederlân Ferd Crone. Dy hie al yn de Ljouwerter Krante set dat er him hjir gjin momint ferfeeld en dat hy graach yn Ljouwert bliuwe wol. Dat hie ek as bedoeling dat de ried oertsjûge is dan se him beneame en dat er dan nei in pear moanne wer fuortgiet nei in gruttere gemeente. Ik soe as riedslid begjinne te âldehoeren en him net wer beneame wolle, omt it sa’n djoerabel, ûnnuttich, formalistysk, kloaterich systeem is. En as je dan witte dat soks like goed ek yn Hearenfean bard, dan wit jim wat der ferkeard gien is yn dit lân. We woene meihaffelje, allegear, oeral oer. Mar dermei bin we yn in formalistysk systeem kaam der’t net oan te ûntkommen is. Sorry, wy de lju fan de 60-er jierren, wy ha spyt fan dat we altyd meiprate woenen. Dat wie ferkeard. We ha’t ferlern fan de formalisten.

 

Plaats een reactie