Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

20 02 14

 

It waait oer it lân fan de gemeente Súdwest Fryslân. It waait no net sa hurd, mar ofrûne sneon, goh, it wie efkes goed rekke. Folle mear rekke as midden yn de provinsje. Allegear lju yn de gemeente Súdwest-Fryslân dy’t doe dêr tsjin elkoar seine: hienen we no mar in wynmûntsje yn de tún stean hân. Ja, jo ha gelyk. Sil we sa’n wynmûne hjir delsette, kin moai yn dy hoeke, heal by jo en heal by my. No ja dat kin net want de gemeente wol it net lije. De gemeente wol it net ha, hoe ist mooglik. Alle partijen ha yn it ferkiezingsprogramma ommers stean dat it allegear o sa duorsum wêze moat en dan mei wy net o sa duorsum wynenerzjy opwekke, it alderduorsemste wat der is. Ja mar at wy hjir sa’n wynmûne delsette is it útsicht fan de oare lju bedoarn. En buorfrou krijt lêst fan slachskaad, wat soks ek wêze mei. Mar it waait oars noch wol ferrekte lekker, it hat de hiele winter waaid dat it rikke, sil we dan Jelle en  Jehannes freegje om ek mei te dwaan. Dy bin boer bûtenút, dan hat net ien der lêst fan.  No ja, dat mei fan de gemeente ek net. Ja, wêrom wit ik ek net, miskien dat duorsum altyd wol mei  mar by de boeren net. Dus de gemeente en de provinsje wolle gjin hoe hjitte dy dingen, solitaire wynmûnen ha. Solitaire, allinnesteanden. Ja allinnesteanden binne sneue lju, dy moat je helpe. Ik ha begrepen dat dus de SP  in riedsgearkomste oanfrege hat foar jûn. Doarpen moat sels alles te sizzen  ha oer wynmûnen en der ek oan fertsjinje, kin je moai it doarpshûs fan betelje of sa. De ChristenUnie wol ek al meidwaan. Wurdt dus ek neat. Gruttere wynparken op bedriuweterreinen, nee. Dêr is sels de provinsje al fan ôfstapt. Hjir foar Súdwest-Fryslân stiet dan noch, dêr hat de gemeente net safolle oer te sizzen, dat se yn de Iselmar by Makkum komme. De Makkumers binne no noch yn de slach dat soks ek net moat, want dan krij we hjir gjin fûgels en toeristen mear. Krekt as soenen toeristen yn Ingelân, Dútslân, Denemarken en soksoarte lannen net mear komme omt der tûzend kear safolle wynmûnen stean as yn Nederlân betocht wurde kinne. Komt no al in ûndersyk oer fan de provinsje want sels de VVD hat al soargen oer it lânskip. Moat jim no ris hearre. Eartiids, hûndert jier lyn kaam ynienen de Amerikaanske wynmûne yn it Fryske lân te stean. Skolden at der waard troch de lânskipsjonges, wylst der inkel sa’n 100 yn Fryslân kamen, inkel om hjir en der  it wetter wat te regulearen. No wurde de oerbleaune 25 as monumint hâlden. Ien fan de earste nijsoartige wynmûnen kaam by de Tútsebrêge te stean, tusken Grou en Warten. In  lyts wynmûntsje soenen we no sizze. Dy koe’t net hâlde tsjin dy lettere grutten. Want wat blykte, wat we dêr tusken Grou en Warten ek wol wisten:  hoe heger de mûne wie, hoe grutter de wjukken, hoe mear rendimint as der wêze soe. It lytske is yntusken alwer ôfbrutsen en der mocht net in nijen komme. Mar elke kear at ik dêr lâns riidt mis ik wat, it wie altyd moai it markearingspunt fan de Tútsebrêge. De Waadferiening praat sneon oer wynenerzjy, want it Waad is yntusken ek al útsocht as lokaasje foar wynmûnen, je moat dochs dat wurd duorsum ûnderstreekje. It foarstel fan it bestjoer fan de Waadklub nei oanlieding fan in enkête weryn 97 persint fan de 676 leden dy’t it bryfke weromstjoerden sei gjin wynmûnen op it waad is letterlik: de Waddenvereniging steunt de energietransitie en is voorstander van windenergie, maar ziet in het Waddengebied slechts beperkte mogelijkheden voor windmolens. Dus je ha in Waadferiening oprjochte foar de ynstânhâlding fan it Waad yn al sy wearden, En ien fan dy wearden is de wyn. Je wolle as Waadferienigingslid dat alle koalesintrales en  kearnenerzjysintrales ferbean wurde. En, en no komt it, je wolle dus graach wynenerzjy. Mar dat wol je dus net op it plak wer’t de wyn is, want dat is jo tún. De Waadferiening hat jierren fochten tsjin de nimby’s, not in my backyard lju. Kinne dy geitewollesokkejonkjes en famkes ús no fertelle wer’t je dan dy wyn dy’t je sa nedich ha weihelje moatte.     

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s