Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

24 02 14

 

Hjoed komt de Olympyske ploech wer tús. Earme famkes en jongens. Se komme oan op Eelde. En dêr is, ja it is eins hilarysk, dêr is een momint mei de parse. Se ha twa trije wike ûnder folsleine kuratele fan de parse stien, elke stap dy’t se diene, elke gap dy’t se dienen, elk grap dy’t se dienen, it waard allegear meedogenloos brûkt troch de parse, opkrigen en fergriemd. En dan kom je eindelik oan op Eelde, it ein fan de wrâld en dan stean se dêr noch allegear. En net deselden, o nee, allegear túsbleaune sjoernalisten dy’t fine dat sy it better dwaan kinnen hiene en it dus allegear oer dogge. Noch ris in kear tsientûzen kear deselde fragen dy’t je al trije wike lang hân ha.Wa wol dat heare en sjen, dat oranje komt je ommers no de strôt al út. Nei dat gedoch wurde dy earme famkes en jongens nei Assen sleept en dêr soe it publyk dan ek hinne gean moate. No der komme wol wat lju, mar net daverjend. Mar wat moat je no ek yn Assen, nimmen hat dêr wat mei. Lit se nei hûs gean, efkes tawuive troch de buorlju en dan op bêd of de kroech yn mei in pear maten. Lit se efkes harsels wêze. Of sa. Want letter fannewike, tiisdei al, moat se fansels ek noch wer nei de keningin en kening, en de regearing. Want in gouden medalje smyt dan wol 30.000 euro op, mar je moat wol oerol hinne om hantsjes te jaan. Boppedat moat al dy langebaanriders en sprinters kommend wykein noch it Nederlâns kampioenskip ride op dy bûtenbaan dy’t se makke ha yn it Olympysk stadion fan Amsterdam. De coolste baan fan de wrâld neame se dat, mar by dy tsien graden dy’t we hieltyd ha yn dizze maaitiid sil dat coole wol wat tsjinfalle. Boppedat hat er der ek al in moanne yn de rein lein, wat soks ek net koste ha en noch kostet, net foar te stellen. En ek noch in ûngelyk kampioenskip. No ja, dan noch de finale World Cup en it wrâldkampioenskip all round, of junioaren krekt as Yvonne Nauta. No der wurde se wol sa tajuichd, wêrom moat se dan aanst nei Assen. Ik sil it wol noait begripe. Ik freegje my trouwens wol of at elk der wol wêze sil aanst yn Assen. At ik bygelyks Jorrit Bergsma wie, gie’k lekker nei hûs, wêr’t de lju teminsten begripe wat respekt foar elkoar en mei elkoar wat dwaan betsjut. En dy Olympyske hotemetoten ha ek leaver dat Jillert Anema daliks mar nei Bontebok ôfreizget, want dat laitsjen kin se net mear oer. It fleantuch dat op Eelde lande sil, is trouwens wol oan de fracht, 24 medailles, dat waacht deryn. Ik moat earlik sizze oan de iene kant fielt dat wol lekker, seker foar Fryslân. It is hjir allegear bewrotten, it spul wennet hjir of komt hjir wei, hjir wiene de opliedings, de baan ensafuorthinne. Boppedat ha we yn Fryslân allegear in hiel soad mei reedriden. We bin wol wat grutsk. De oare kant fan dat ferhaal is fansels dat it begûn te lykjen op in folsleine oerhearsking. En ja dan hat elkenien gelyk, dat lit it bûtenlân it dus sitte. Krekt as at Nederlân it sitte liet yn de tiden dat de Noaren of Amerikanen baas wiene op de Olympyske Winterspelen. Wy wiene altyd goed yn all round riden, mar we koene op de Olympics mar in bytsje, want der kamen op elke ofstân altyd fan dy individualisten dy’t har der spesiaal op taret hiene. Hilbert van der Duim wurdt der yn ditsoarte dagen noch wolris wekker fan. En wy roppe no dat wy spesialisten ha. Ja in pear. Mar it hiele saakje wie no úterst simpel. We hiene de seleksjewedstriden yn desimber. Op Thialf. Dêr is de ploech gearstald. En in pear wike letter wie dit toernooi op deselde soart baan, deselde omstandigheden as Thialf. Dus wat hie moaier west as dat se fannemiddei ien rûntsje mei syn allen riden hienen op Thialf, en dan nei hûs, foar de measten flakby. Dan hiene we wol allegear efkes kaam. Mar we gean net nei Assen.   

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s