Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

26 02 14

 

Hjoed wie de alvestêddetocht fan 1986. It wie frij kâld doe. Winner Evert van Benthem en doe noch kroanprins Willem van Buren hiene beide in grize mutse op, dy’t frijwol harren hiele holle beduts, dy fan Van Buren wie dus it grutst. Evert omt er sa kâld wie efter dy brede rêch fan Rein Jonker en Van Buuren omt er net sjoen wurde woe. Mar it wie noch wol aardich skrousk. De minsken dy’t wy soks fertelle, leauwe dat net. Sjogge nei bûten de ljippen al oer de wjuk slaan. Otters wurde al deariden, no dan is de maaitiid echt begûn. Sa wurd it byld fan minsken bepaald troch it momint. Skriuw dêrby dat sjoernalistyk tsjintwurdich hieltyd makliker wurdt, fragmentarysker, hap snap, ja dan is it dúdlik dat dy mominten fan de minsken hiel min ynfuld wurde en dat we mei ús allen in hiel ferkeard byld fan de wrâld krije. Ik hearde yn de auto juster yn ien útstjoering trije wol hiel ferskillende ferhalen oer Oekraïne. Der kaam in SP-er út de Ried fan Europa dy’t fertelde dat er dy lju dêr oan it bewâld allegear hiel goed koe en dat se allegear, ynklusyf dat frommiske wat yn de bak siet dy Timochenko, sa korrupt as de hel wiene. Dat je inkel politikus waarden yn Oekraïne om sa gau mooglik miljonair te wurden en dat se dat ek binne. Efkes letter komt der in sjoernalist dy’t dêr  sit en dy seit dat de 20 miljard fan Europa wol heel nedich is, om de saak wer op gleed te krijen. En dy prizget krekt Timochenko oan as nije premier. Twa tellen letter komt der in oare hapsnurker, dy’t Timochenko amper neamd, dy skynt yn Dútslân fersoarge te wurden, it mins is deasiik seit er, en dy seit dat de âld minister fan bûtenlânske saken de nije premier wurde sil. It is dus mar krekt wêr’t je yn sa’n lân mei prate, wat dy lju tinke en dat meitsje dan al dy korrespondinten en sjoernalisten ta har eigen item. It bin gewoan mieningen, se witte fan neat, se jeuzelje mar wat. Media moat ús dochs alles fertelle hoe’t it yn elkoar sit. Lêstenjûns wie’k yn Jobbgea en doe hienen de lju it dêr oer Van  Basten, en wêrom at dy fuortgie by Hearrenfean. De deis te foar hienen de kranten fol stien mei allegear har eigen analyses fan wat Van Basten bewogen ha soe om op te hâlden. It jild, de spilers, Foppe de Haan, de bestjoersperikelen,  Riemer van der Velde, hy soe nei Feijenoord ta gean, de ferkeap fan Eikrem en gean sa mar troch. En doe seine dy lju, ja mar dat is dochs sa, dat stiet ommers yn de krante. Want sa tinke minsken dat noch, sjoernalisten fertelle my hoe’t it sit. Mar dy sjoernalisten wisten neat, want Van Basten hie net mear sein as dat er der gjin goed gefoel mear by hie. It wie twa dagen nei de wedstriid tsjin Cambuur mar dat is wer in suggestje fan my, want dat sei er ek net. Mar sa giet it dus mei alles. It stiet dochs yn’e krante, dat wie toch op’e radio, dat ha’k op de tillefyzje sjoen. Selfs at lju dan by Pauw en Witteman sitte, jo hearre mar ien kant fan it ferhaal. En omt dy ek net altyd meardere lju oer it selde yn de studio ha, en sels net sok sette,  omt eventuele diskusjes op radio binnen de menuut hâlden wurde moate, dan wurdt it ôfkapt want dan moat je wer in plaatsje draaie of in spultsje dwaan, krij je noch mar komselden alles te witten. Boppedat krije de lju tus no de measte berjochten binnen op in appke, amper 40 wurden lang is in berjocht. Mar úteinlik giet it net iens om it witten fan it publyk. Want we komme no yn de sfear dat media ek noch bepale wolle wat wy tinke. Dat at Plasterk ûnder fjûr leit, dat dan alle opposysje lju trije dagen wat frege wurdt, mar dat de regearingspartijen net oan it wurd komme. Dat it foar de lju dus in ferrassing is dat Plasterk sitten bliuwt. En dat it foar de minsken tus in folsleine ferrassing is as  Jorrit Bergsma de tsien kilometer wint. Want der stie dochs yn’e krante dat Sven dat dwaan soe.   

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s